Saldo Mortale / de miljoenen fan it golle wyfke

De boekhâlding fan juffer Isabella Parmintier kloppet altyd en sy is o sa krekt. Isabella is fergroeid mei har wurk en fergiele mei de papieren. Oan ’t der ynienen in man foar it ljocht komt: Stefan Bleecker…! Hy is de fantast dy ’t neat of nimmen sparret yn syn alles oerhearskjende drang nei gelok en eigen foardiel. Isabella stoart har yn de draaikolk fan it ‘miende’ lok.

Bitter Lemon

Dimitri Frenkel Frank seit oer ‘Bitter Lemon’ tsjin regisseurs en spilers: ” Leave freonen, alles wat goed dien wurdt is wol dien. Jim sille my net hearre as jim ‘Bitter Lemon’ spylje as in mâle klucht of as in serieuze ‘comédie-noire’- as jimme it mar goed dogge yn de styl dy’t jimme kieze. Mar freegje jim oan my hoe’t ik it sels it leafst sjen soe, dan soe ik sizze: wat der tuskenyn. Fierder ha ik ‘Bitter Lemon’ mei in soad heftige emoasjes laden. Polly is yn ‘e war, mar it is net in swak froutsje. Axel is sinysk mei in hert, hy is yntellektueel en flechtet yn taal, krekt as Polly. John is folle direkter en ienfâldiger, hy hat behoarlik wat ‘power’ en reagearret primityf mar earlik. It is wichtig om net samar te spyljen wat der stiet mar út te finen wat der bart…….. Komeedzje spylje is lang net maklik en ‘Bitter Lemon’ is net it maklikste soarte komeedzje. In soad sukses en foaral wille!’”

Tink der om, gjin wurd

Clementine Jaffa, pensjonhâldster giet mei har gasten werom nei it ferline, wylst de skilder de trep fervet. Der is wat nuvers geande: by de deistige post sit hieltyd in geheimsinnich pakje foar ien fan har pansiongasten. En wat is der doch mei Eva-Marie en har twillingsuster Eva-Jeanne oan ‘e hân? Kleptomany? Wroeging? In o sa gefoelich en knap opboud stik mei skitterjende rollen.

Winkeldochters

In húshâlding mei in winkel yn de benearjende jierren fyftich, earne yn Limburch.
It stik giet oer de swierrichheden dy’t him foardogge yn in húshâlding wêrfan ’t de leden by elkoar wenjen bliuwe, wylst se mekoar neat mear te sizzen ha.

De dea en it famke

In echtpear ferbliuwt yn in hûs oan see. De frou, Paulina, leit op bêd as der ien oanbellet. It blykt de dokter te wêzen, dy’t komt om te sjen hoe it mei har man Gerardo giet. Dy hat lêsten in ûngemak hân. Wylst Gerardo mei de dokter praat werkent Paulina de stim fan de man. Hy is it dy’t har fiif jier lyn ferkrêfte en martele hat, neidat se oppakt waard troch it diktatoriale rezjym dat oan’e macht wie.
Gerardo noeget de dokter, Roberto, út om sliepen te bliuwen, fanwege it lette oere. De folgjende moarn is Pauline betiid fan bêd ôf. Se oermastert Roberto en bynt him fêst op in stoel. Hy wegert lykwols syn misdieden fan eartiids ta te jaan. Paulina soe him wol fermoardzjen wolle, mar dat giet har man, dy’t no ek wekker wurden is, te fier. As jurist twifelt er noch oan de gong fan saken. Se wurde it iens dat Roberto in ferklearring ôflizze en ûnderskriuwe moat. Wylst no einliks stapke foar stapke oan it ljocht komt hoe’t it der by de ûntfiering en mishanneling fan Paulina om en ta gong (sa martele de dokter syn slachtoffers ûnder de musyk fan Schuberts ‘De dea en it famke’), komme ek bepaalde minne kanten fan Gerardo út dy tiid oan it ljocht.
Sûnder it te wollen, ferriedt Roberto op’e ein syn belutsenheid. Dochs liket Paulina op dat stuit der net ta te kommen om him te eksekutearjen. De lêste sêne is in dreameftich tafriel, dêr’t we Gerardo en Paulina by in konsert sjogge. Pauline sjocht dan de dokter en knikt him út de fierte ta.

Feenstra mei in lange F

Haadpersoan yn dit stik is Pake. Hy stiet der allinnich foar. Pake makket der in grutte rommel fan yn ‘e hûs. Alteast sa prakkesearret skoandochter Lutske der oer. Dit kin sa net langer. Lutske doart it wol te sizzen: se nimt gjin bléd foar de mûle. Soan Goffe, man fan Lutske, is de slûge kant neist. Hat neat yn te bringen; docht oars net as neiprate. Dochter Hil bemouit har net sa folle mei heit. Har man Roel is de meast “gewoane” persoan. Hy moat dan ek mar tsjin pake sizze dat it better foar him is om nei in âldereintehûs te gean.
Dér is Pake noch lang net oan ta! Hy makket de bern tige nijsgjirrich mei syn sizzen dat hyy ris in moai protsje jild wûn hat by it hynstespul. Hy hat it jild opburgen mar wit net mear wér………………. Lutske begjint fuort te sykjen.
Pake wol net nei it tehûs mar set in advertinsje foar in húshaldster. Teats komt hjir op ôf. Se nimt it heft alhiel yn hannen. Pake hat neat mear yn te bringen. Se soarget der ek foar dat har dochter Bauk by pake ûnderdak kriget. Pake mei wol oer har…….
Ek komt har freon Tjisse oer de flier. De bern wolle Teats de doar wize, dit slagget net alhiel.
Dan docht blyken dat Goffe de heit is fan Teats har dochter Bauk. Goffe begjint no ek fan him ôf te biten: Hy set Lutske te plak. Tjisse hat yntusken it jild ûtdutsen yn ‘e klok. Lutske wol daliks it jild parte mar pake hat oare plannen…………….
Foar de rjochten sjoch by:
Vries, Pyt de, “Kalm Bliuwe”

Agamemnon

Op it dak fan it paleis fan Agamemnon leit in wachter te sliepen. Hy moat op ‘e útkyk stean foar it seinfjoer, it beaken, dat de fal fan Troje melde sil. Nei tsien jierren fan oarloch is it einlik sa fier. Troje is ynnommen en generaal Agamemnon komt werom. Op in wein komt hy de stêd yn mei Kassandra dy’t hy ta syn frou makke hat. Kassandra is heldersjende en foarseit de dea fan Agamemnon en seit dat sy sels fermoarde wurde sil troch Klytaimnestra. Har wurden binne noch net kâld of it bart krekt sa’t sy it sein hat.

It lân fan IK

It motto fan dit stik is “Freonskip.
Baukje wie yn it lân fan IK dêr hat se Gabe holpen tsjin de brekkers en de heksen. Dy heksen hiene de Graaf yn harren macht, de toversiden fan de goede mearkehekse wie stellen en doe rûn alles ferkeard. Elk tocht allinne mar oan himsels, de brekkers soenen it hûs fan Gabe plat slaan en dat hat Baukje mei keare kinnen. Heit tinkt dat se dreamt hat.

Slippers

In jong frommeske, dat al inkelde jierren omgong hân hat mei in troud man, kriget kunde oan in kreas jongfeint, dêr’t se fereale op wurdt. Se kin lykwols mar min fan de troude man ôfkomme. Se seit tsjin har feint dat se in wykein nei har âlden ta sil. Hy wol dan mei, mar dat keart se, omdat it har doel is om nei har âlde freon, dy’t har hieltyd noch bellet en attinsjes stjoert. Se wol it foargoed mei him ôfbreidzje. Tafallich fynt de jongeman it adres fan de âlde, mar se seit dat it fan har âldelju is. De jongfeint wol har ferrasse en giet de oare moarns betiid nei dat adres en wit net better of hy komt by har âlden telâne. In nuvere sitewaasje fansels. Dêr komt by dat har saneamde heit (de man dus dy’t de slipperkes makke) der syn frou fan fertinkt omgong mei in oare man te hawwen. Dy mient dus dat de jonge man it skarreltsje fan syn frou is, wylst de jongeman him de hân fan syn dochter freegje wol. De frou, dy’t har mem hjit te wêzen, begrypt fan it hiele spul neat, mar spilet dochs mar mei.
De sitewaasje wurdt noch helte yngewikkelder as de jongedame efkes letter ek noch arrivearret. Dy en de troude man kenne elkoar, mar wolle dat net skine litte. Hjir spilet dan noch trochhinne dat de jongfeint op ‘e keamer fan syn faam ûnder it bêd in pear slippers fûn hat, dy’t him ôfgryslik oergeunstich en wantrouwich meitsje. Hy hat dy yn syn wykeintas dien en as er yn dy tas omklaut om syn beurs te sykjen, triuwt er de troude frou ûngemurken de slippers yn ‘e hannen.
Dy frou wurdt heislike kjel, want se mient der de toffels fan har man yn te kennen.

Dûbel spul

Richard Corban is pas troud mei in frou mei jild (Françoise), mar is drok dwaande om dat jild der troch te bringen mei gokken en sûpen. Syn frou hat dêr har nocht fan en wegeret fierder fan har jild te jaan.
De tsjinstfaam, Louise, hat ferkearing mei ien dy’t krekt út ‘e finzenis frijkommen is en dy’t as twa druppen wetter op Richard liket. As dy in sakereis makket, hellet Françoise út need in notaris yn ‘e hûs om in skieding mei har man te berêden. Om tawurd te jaan, moat Michel, sa hjit de frijlitten feint, foar Richard trochgean.
It rint oars, omdat Richard earder thús komt as dat soe. Hy kriget rûzje mei syn frou en by de fjochterij dy’t dêr út fuortkomt, wurdt Richard deadlik rekke troch in kûgel út syn revolver. As notaris ûntdekt dat er mei in oar as Richard te meitsjen hat, ferskuort er de skiedingsformulieren en wol er de plysje ynljochtsje. Mar no komt Louise fanwegen, omdat Michel faaks wer opsletten wurde soe. Hy sjit de notaris dea en de beide liken wurde efter yn ‘e tún begroeven.
Sa gau ’t Françoise de kâns kriget, skillet se de plysje en as dy dwaande is mei it ûndersyk, komt Richard wer thús en seit dat syn frou wol faker waanfoarstellings hân hat, mar dat it diskear wol och sa slim is.
As de plysjes ôfsette, kriget Françoise te hearren dat se yn ‘e fûke rûn is (en se is de fyfte al): Richard leit it allegeduerigen oan mei rike froulju en set harren der dan sa tusken, dat se harsels tekoart dogge, sadat hy mei syn helpers – Louise en de saneamde notaris – it jild opstrike kinne.
As dy skurken dat oan Françoise ferteld hawwe, is de lêste slach foar har. Unferwachts binne de plysjes der wer en rekkenje it trijetal yn. Françoise wie nammentlik in lokfûgel fan ‘e plysje.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Andorra

It stik spilet yn in lyts, net besteand lân mei de namme Andorra. Dit ûnskuldige lân is it dekor foar in moralistysk stik oer rassehaat en diskriminaasje.
In learaar lit de oare minsken tinke dat syn soan, Andri, in Joads pleechbern is, om út te finen hoe’t de minsken dêr op reagearje sille. Alhoewol’t eltsenien ferkundiget tolerant te wêzen, litte se de ûnderdrukte agresje op ferskate manieren de frije loop. Andri wurdt in bûtensteander en it lilke bist yn dizze hechte mienskip. Syn freondinne Barblin wurdt him ôfpakt troch in soldaat. In frjemde frou, dy’t op besite komt en syn mem blykt te wêzen, wurdt fermoarde. Andri kriget de skuld.
Dan wurdt it lân beset troch de ‘swarten’ út it buorlân. Sy geane op syk nei Joaden ûnder it Andorrese folk. Andri wurdt nei foaren skood en terjochtsteld. Ek al ropt de learaar noch sa lûd dat de jonge syn soan is, it folk wol it net mear leauwe; Andri is yn har eagen in Joad wurden.

Berend past op’e slach

Janny Landstra, in widdo, driuwt mei har dochter en in feint in boerenbedriuw dêr’t Berend, in âlde sjacherder, gauris syn kommen hat.
It fredige libbentsje dêr wurdt raar fersteurd as der in brânbrief fan de lânhearre komt, hy wol jild sjen! Hy komt, dy jonker!
Troch tadwaan fan âlde Berend, dy’t mei de swierrichheden op’e hichte is, rekket de jonker op in nuvere wize it hiem ôf. En de jonker driget dat er Janny de pleats ûnder it gat wei ferkeapje sil. Minke, de jonker syn faam, giet alles fierstente mâl, sy leart de jonker no pas goed kennen, en keart har fan him ôf.
Sadwaande set de jonker syn drigemint troch en ferkeapet de pleats. Omdat de jonker net wit wa’t de keaper is, falt er dochs noch yn in djip gat, want âlde Berend hat op’e slach past….

Blyn spul

Aukje Hartstra, in widdo op jierren, hat mei twa freondinnen in fêste kaartjûn. It petear tusken dy trije froulju komt by sa’n gelegenheid op it tekoart oan jild fan it âldereinhûs. Hja litte harren tinzen gean oer de mooglikheden fan stipe jaan en komme ta de konklúzje dat allinne by in bank it jild dêrfoar foar hannen is. Stadichoan libje se ta op in echte oerfal fan de bank oan de oare kant fan de strjitte. It slagget harren, as manlju ferklaaid, de bank foar krapoan in heal miljoen op te lichtsjen.
Beppesizzer Sjoukje hie fan te foaren lucht krigen fan de plannen en freget har freon om de rol fan plysjekommissaris te spyljen en sa de froulju goed bang te meitsjen. Hy docht dat goed, mar makket fan de gelegenheid gebrûk om in taast nei de pûde mei jild te dwaan. Hy skoot Sjoukje oan’e kant en wol mei it jild útnaaie nei Súd-Amearika, sa’t er seit. Hy hat lykwols net yn’e gaten dat er in pûde mei oefenjild meinommen hat en dêr sil er net fier mei komme. Sa is Sjoukje oan’e ein in yllúzje earmer en binne de froulju krapoan in heal miljoen riker….

De babyfergunning

In jong troud pearke is net fan doel om tegearre te bliuwen. Dêr binne se net sels baas oer, want de Wet dy’t de befolkingsgroei beheine moat, seit, dat se dêr in fergunning foar ha moatte.
Moai wurdt út de doeken dien hoe dreech as saken geane as men yn’e hannen fan ambtners bedarret. Der giet hast in jier oerhinnefoar dat de oanfraach goedkard is.
De jongelju binne dan sa sêd fan alles, dat se mar ôfsjogge fan it bern-krijen.
Se fertsjinje beide en keapje earst in auto en nije meubels.
Yn dit stik wurdt in tige aktueel tema oansnien: de oerbefolking.

Goede Grytsjemuoi

Gryt Veldman is boppe de 65 jier en sûnt in healjier widdo. Omdat se it paad net rjocht wer fine kin, biede har soan en skoandochter oan om by harren yn te kommen. De skoandochter mient mem alles út hannen nimme te moatten, sadwaande sit mem noch mear yn’e nederklits. Fangefolgen byldet se har alderhande sykten en kwalen yn. As de húsdokter seit dat beppe wer in taak ha moat, sykje se thúswurk foar har. Beppe rekket oan’e slach mei it opstopjen fan teddybearen. Sy hat der sa’n nocht oan dat yn’e koartste kearen it hûs fol bearen stiet. It middel is slimer as de kwaal.
Har bern kieze dan út twa kweaden de bêste en besykje beppe wer siik te praten. Sy spilet it spul mei, mar dokter en beppesizzer Jetske witte wol better.
It stik kriget by de ôfwikkeling noch in romantysk ein…

It bêd fan A oant Sed

Dit stik bestiet út tsien, los fan elkoar steande, sênes oer ferskate nijsgirrige man-frou relaasjes, hieltyd mei as middelpunt it bêd.
De sênes binne soms tige werkenber, soms ûnbegryplik; de iene kear healwiis, de oare kear de wrange kant neist. It kin as gehiel spile wurde troch ferskate “spantsjes” mar in ferieniging dy’t ien fan’e stikjes, om wat foar reden dan ek, net gaadlik achtet, kin dat sûnder beswier weilitte.
Ek is it hiel wol mooglik om elk stikje as (koarte) ien-akter te bringen en yn alle gefallen: wat oars as oars en in útdaging foar spilers en regisseurs.

Pensjon de Pottekiker

De pensjongasten fan Piter Sekuer en Roaske Krekt komme der achter dat dy beiden in jubileum te betinken hawwe. Dit wurdt in hiel o heden, alle gasten sille en wolle op harren eigen wize eat nei foaren bringe.
It rint fansels op bargebiten út, wat minder is: Piter en Roaske krije ek spul. Dat rint sa heech op, dat se elk foar oar in pensjon begjinne. De keamer wurdt yn twaën part, oan’e iene kant de manlju en oan de oare kant de froulju. Mar minsken dy’t it elkoar miene komme dochs altyd wer ta elkoar, sa ek Piter en Roas. Sokke oanslaggen kosje jild fansels, mar gelokkich winne se in haadpriis yn’e lotterij. Nei in protte wriuwen en kreawen wurdt dy priis omruile tsjin de grutte skulden dy’t se by de “klusjesman” ha. Dizze keapet dêrmei lykwols in kat yn’e sek…..

Spikers mei koppen

Swarte Fokje, har man Klaas en gleone Watse foarmje in binde, dy’t in bankoerfal tariedt. Hja wolle yn dat ferbân oer de wenning beskikke kinne dy’t flak foar de bank oer stiet. Mei liepens en geweld besykje se de bewenners fan dat hûs yn’e macht te krijen. Hâns en Janny jouwe lykwols gjin krimp. By in slaande rûzje tusken Janny en swarte Fokje, dy’t har Mariëtte neame lit, mient Janny dat se Mariëtte fermoarde hat. Mei help fan in freondinne besiket se foar de deade frou in hinnekommen te finen. De deade is har lykwols te fluch ôf en sa keare de kânsen. It liket der op dat de binde de bewenners foar koarte tiid útskeakelje sil. Dat duorret net lang, want nimmen hie rekken hâlden mei buorfrou Pytsje, dy’t och sa nijsgjirrich is. Dy sjocht yn dizze saak in oerienkomst mei wat har tsien jier lyn oerkommen is en as stille plysje slagget it har de binde te ûntmaskerjen.

Tink om’e buorlju

Dokter Pil hat by syn jubileum in reis oanbean krige en sil 4 wike mei de frou fuort, buorman van Dalen en’e frou sille sa lang op it hûs passe. No hat it feest foar dokter gâns mear koste as de kollekte yn it doarp opbrocht hat en van Dalen, dy’t skathâlder fan’e feestkommisje wie, sit mei in tekoart fan sa’n f. 1.500,00. Hy wol besykje dat jild boppe wetter te krijen troch it doktershûs twa wike lang oan fakânsjegongers te ferhieren. Der komme pensjongasten, mar ek Jos, de dochter fan dokter, komt ûnferwachts in pear dagen thús…
It seit himsels dat der hiel wat keunstgrepen útfûn wurde om alles yn goede banen te hâlden. De brike sitewaasjes dy’t har foardogge, sille de fleur der by it publyk wol yn bringe.

Twafertsjinners yn twastriid

Germ en syn freondinne/húsgenoate Lysbet ha beide in folsleine baan, mar al ha hja help, de húshâlding rint harren folslein oer de fûst. Omdat Lysbet finansjeel it measte ynbringt, beslute hja dat Germ syn baan der oan jaan sil en yn’e húshâlding stapt. Mei it itensieden kin er by need in berop dwaan op Anneke, in freondinne fan Lysbet. Dat lêste docht er op in stuit dat Lysbet foar de saak nei Amsterdam is en skillet dat se nachts net thús komme sil. Germ en Anneke nimme it derfan, stappe der út, wat ite, bioskoopke, en in noflik neipetear by him thús. Op oanstean fan Germ bliuwt Anneke dy nacht mar by him útfanhûs. As Lysbet ûnferwachts dochs noch thúskomt treft se dêr dy beide oan en dan is de kaart fansels ferjûn. Lysbet wurdt poerrazend en smyt de doar achter har ticht.
Letter seit Lysbet yn te sjen dat se in falske fertinking hân hat en sadwaande komt alles wer op syn poatsjes telâne.