Hâld fan my

It is in oanienskeakeling fan koarte bylden fan de mins yn syn / har sosjale omjouwing en yn syn / har houlik. It giet oer tekoartkommingen, fêstrustke gedrachspatroanen, egoïsme en it hunkerjen nei it grutte hâldfêst. It stik is op ferskate wizen te spyljen, fan sênes fan 2 minuten oan’t jûnfoljend. De sênes binne meastentiids komysk en tagelyk soer. It publyk wurdt in spegel foarhâlden. Ek mei it oantal spilers kinne je fariearje.

De bushalte

By in bushalte moetsje trije aparte types inoar: in synikus dy’t in boal blykt te wêzen út’e Twadde Wrâldoarloch; in man dy’t in obsesje hat mei suverheid; en in dakleaze flechtlinge. Yn harren petear wikselje driging en eangst inoar ôf. Lyksa de sympatiën en antipatiën fan dizze folslein tsjinstelde karakters. It stikje einiget mei de komst fan in plysjeauto. Unrêst yn in oarderlike maatskippij.

NB
Sjoch foar mear ynformaasje oer ‘Flying Fish’ de beskriuwing by RIEMERSMA, Trinus – ‘De tarieding’.

De Rafaëls

Tafrielen mei trije froulju, oarspronklik yn Flaanderen, no ferpleatst nei Blauhûs. De diriginte fan it koar dreamt fan in de bydrage fan har koar oan de misse op in heechtijdei yn de Roomske tsjerke en set har dêr folslein foar yn. Benammen de bruorren ? Rafael hawwe in godlik lûd. In buorfrou lekket har derom. In simpel famke út it doarp siket by de diriginte beskûl. As blyk dat de Rafaels it famke tenei west ha, spatte de dreamen fan ferhevenheid út elkoar.

De mieu

It stik spilet him ôf op de bûtenpleats fan Pjotr Nikolajewitsj. Syn Suster Arkadiena, in bekend aktrise, bringt dêr de fakânsje troch. Se wurdt beselskippe fan har freon en oanbidder Trigorien, in ferneamd skriuwer, en har soan Kostja, ek al in skriuwer, mar dan ien oan it begjin fan syn karriêre. Hy hopet alteast hertstochtlik op sa’n karriêre. Foarearst is hysels lykwols de iennichtse dy’t dêr yn leaut. Hy hopet him te bewizen mei in toanielstik, dat foar famylje en kunde spile wurde sil yn de tún fan de bûtenleats.
Foar de mar, dy’t dêr sa prachtich leit oan de râne fan de lannen fan de bûtenpleats, wurdt in teaterke boud. En Nina, dochter fan in boer út de buert, dy’t like graach aktrise wurde wol as dat Kostja him in takomst dreamt as skriuwer, sil it stik – in poëtyske monolooch, fol symbolyk – spylje .
It stik begjnt mei de tariedingen fan dizze “foarstelling”.
En fansels komt dêrnei alles oars as Kostja en Nina foar harsels dreamd hawwe. Teloarstellingen, ûnbeantwurde leafde, ferbittering, mankelikens, it neistribjen fan gelok en it oanfurdigjen fan it lijen dat dêrby heart, dêr giet it oer yn dit ferneamde stik fan Tsjechov.

De tarieding

Troud stel fan midden fjirtich sit te wachtsjen op besite. Hy hellet de biezem oer it terras. Sy is mei de stuollen oan’e gong. Se krije wurden as de frou seit dat hy tefolle sûpt. Hy mei ek noch net oan’e kofje salang’t de oaren der noch net binne. Sa hingje se inoar oan ien tried wei oer ditsjes en datsjes yn’e bek. Sy tinkt foaral oan wat ‘se’ wol net sizze of tinke sille. Hy is in âld seur yn’e ferdigening.
Tige komysk, mar ek trystich byld fan in nearzich pear.

NB ‘Flying Fish’ wie in projekt fan Praktikabel: fjouwer skriuwers skreaune in mini-ienakter mei as útgongspunt in (ferskillend) part fan ienselde foto. De stikjes binne lykwols hiel goed op harsels te spyljen.

Monolooch fan in hûn

In hûn sprekt fan him ôf. It docht bliken dat er syn baas opiten hat, nei dat er him (dea) fûn hat. Om’t er tige wiis mei him wie, wol er no net mear skite. Op in bepaald stuit praat de hûn tsjin minsken dy’t net it bêste mei him foar ha…
Dizze oandwaanlike monolooch kin troch in man of in frou spile wurde.

NB
Foar mear ynformaasje oer ‘Flying Fish’ sjoch RIEMERSMA, Trinus – ‘De tarieding’.

Ut issun moaie seumeravond

Tante Aly besiket om Jim – in fêste besiker fan har kafee – op’e ein fan in simmerjûn fuort te krijen. Dat slagget net bêst, want Jim is stomdronken en lalt en sjongt in tige ôfwikseljend rippertoire. Tante Aly hat dy dei al in kremaasje hân en moat ek noch nei in stjerrende Ome Jan. Lykwols bliuwt se tige freonlik tsjinoer Jim. At er noch efkes pisse hat, ‘skaatske’ se tegearre ôf.
Tige absurd, kabaretesk stikje. Yn it ‘leewaddes’!

NB
Foar mear ynformaasje oer ‘Flying Fish’ sjoch RIEMERSMA, Trinus – ‘De tarieding’.

Buro oarlochsskea

Twa amtners sitte al jierren op in kantoar fan “oorlochsschade”, 50 jier nei de oarloch. It berjocht dat de tsjinst opheven is is net trochkaam. Mar ienris wurde se ûntdutsen. De saak wurdt net opheven, nee, der komme mear by, allinne it nammebuordsje wurdt feroare. In tseppe juffer dêr’t beiden wol sjmucht op hawwe komt as earste help. Letter docht bliken dat it in trúk fan har is om hegerop te kommen. It binne allegearre herkenbere dingen dy’t de satire kompleet meitsje.

De finale

Rinus Palstra is ferstoarn en lit syn testamint op in moderne wize oan syn bern witte: op in vidobân. It earste part jout al wat kribbekeurichheden, om’t syn freondinne fan de lêste jierren yn it hûs wenjen bliuwe mei, sadat dat net ferkocht wurde kin. It twadde part is noch slimmer, want fan de twa ton dy’t er neilit moat de helte nei in goed doel, as dêr in grutte televyzje-aksje foar hâlden wurde sil. As de bern útfine kinne hoksoarte fan goed doel it is, kinne sy de oare helte opstrike, oars giet dy ek nei dat goede doel. Panyk yn de tinte, want se hawwe ferlet fan it jild om’t se yn’e niten sitte, of se gunne in oar neat. Sep, dy’t it slimste om sinten stiket, hat heit syn boekhâlding yn’e kompjûter brocht en sa de goede doelen dy’t heit it measte stipe, oan it ljocht brocht. By it oerlis oer de te meitsjen kar komt der spul en Niels, de âldste broer, wol neat mear mei it bepalen fan de kar te meitsjen hawwe, hy sil him as it der op oankomt wol by de mearderheid oanslute.
Mar Sep, dy’t syn útdraai folget, is foar de tredde wrâld. Titia foar de dierebeskerming en skoansuster Petra hâldt it op de Fryske saak. Gjin mearderheid dus. Niels moat útkomst bringe en docht dat ien minút foar’t de notaris de lêste helte fan de bân ôfdraaie sil, troch mei in blyndoek foar ien fan de trije doelen te pjokken. It wurdt de dierebeskerming, mar dan fertelt heit fan de byldbuis ôf dat hy it jild foar de tredde wrâld bestimd hat.
Sep is te lider slein. Niels laket him slop en Titia ropt: “Wy komme op’e televyzje”.

Gefaarlike oergong

Afke hat lêst fan alle ûngeduerigens dy’t de oergong meibringe kin. Har man hat net folle each mear foar har, mar wòl foar de sifers fan de beurs. Hy hat as ôflieding foar har in boetyk kocht, dy’t se mei nocht (en mei in learlinge) driuwt. Boppe de boetyk wennet in âldere feint, dy’t krekt wer in nije freon oantúgd hat, mar de learlinge, Trynke, fynt dat hy har better as freondinne hawwe kin. Om’t Trynke in Westereinske is, kreaket it wol as se ôfwiisd wurdt. Afke fynt it tanimmend stedsfandalisme dat ek by har taslacht benearjend. By buorfrou Betty yn de croissantery wurdt ynbrutsen en gâns fernield. Dit is reden foar Afke, oantrune troch Trynke, om de oare nachts wacht te hâlden. Trynke hat in hiel arsenaal oan middels ta ferwar meinaam. As der dy nachts twa ynslûpers komme, binne dy gau oermastere. It is net sok frjemd folk docht bliken, want Afke har man hie foar it earst fan syn libben in slipperke mei in djoere eskortdame op tou set, en de boetyk as leafdesnêst keazen… allegearre aksje fansels, mar: ein goed al goed!

Jaloezyen

Rosa, in aktrise, en Charel, in skriuwer, beiden om en by de 40, binne troud. It houlik is gjin sukses. Rosa is allegeduerigen mei har rollen dwaande en benammen mei wat de resinsinten der fan meitsje. Charel fielt him as skriuwer mislearre en dúdlik de mindere fan Rosa. Hy siket syn treast yn de drank. Ellen, de mem fan Rosa, komt ûnferwachts opdaagjen en seit dat se by de bern yn wol. Se is it allinnewêzen nei it ferstjerren fan har man sêd en it is op’t lêst har eigen hûs, dêr’t Rosa en Charel yn wenje. It liket Rosa wol op fleanen, se wol mem út noch yn net by har yn’e hûs ha. It kin Charel it measte net skele, mar Rosa batst der fuortdaliks yn, konflikten by’t soad dus.
Troch in tal monologen wurdt it de skôger dúdlik dat Alfred, de resinsint dy’t fan Rosa har spul gjin spaan hiel litten hat, wat langer wat mear in relaasje kriget mei de trije oaren. De relaasjes rinne bytiden sa healwiis trochinoar, dat de stikken der letterlik en figuerlik ôfspatte. En wêr’t it by eintsjebeslút op útdraait… wa sil it sizze.

Kiezzige kronkels

Toskedokter Julien Dubois hat neffens eigen tinken syn libben aardich sels yn’e hân. Hy hat in goedrinnende praktyk, in bêste assistinte/sekretaresse en, hoewol’t er graach froulju lije mei, is it him slagge om frijfeint te bliuwen. As er werris in skarreltsje hat dat wat tefolle beslach op him lizze wol, seit er altyd dat er troud is en heit fan trije bern, en dêr is it dan mei dien.
Mar Antonia sit wat oars yninoar, dy hat eins wat begrutsjen mei “mefrou Dubois en de bern” en wol harren moetsje. Ek as Julien him yn tûzen bochten wringt, hâldt se oan en dan folget der in fermaaklik spul fan ferklaaiïngs, ferrassings en fersinnen. En hoe kloek as er ek holpen wurdt troch syn assistinte en in freon, oan’e ein fan it stik is’t wol dúdlik dat Julien syn frij-feintelibben opjaan moat, mar wa wurdt de gelokkige?

Liolà

It ferhaal spilet him ôf op it plattelân fan Sisilië yn it begjin fan dizze ieu. Omke Simone is in rike, âlde boer. Syn earste frou hat him gjin bern neilitten. Oan wa moat er syn guod, dat er mei in soad muoite byinoar wrot hat, no neilitte? Hy is wer troud mei it earme weesfamke Mita, mar der wolle mar gjin bern komme. Mita is in klein, earber famke, mar har hert giet noch altyd út nei de freon
út har bernetiid, Liolà.
Liolà is in los wurkman, in fleurige pierewaaier dy’t graach ûnder de rokken fan de famkes sit. En dan ek berntsjes by de rûs makket. Net dat er him fuortwynt foar de gefolgen, mar as it der op oan komt wolle de fammen sa’n earme swankebast dochs leaver net as man. Dan nimt hy de lytskerts mar by him en syn mem yn’e hûs, want hy soe de popkes wol sparje wolle as fûgeltsjes yn in kouwe. En as se letter grut binne, meie se fuortfleane oer Gods ierde, like frij as hy.
It stik begjint yn’e tiid fan’e rispinge, by de pleats fan de nicht fan omke Simone, muoike Croce en har dochter Tuzza. Mem en dochter fine it tige spitisch dat it jild fan harren rike omke net yn’e famylje bliuwe kin. En dochter Tuzza hat noch in reden om oergeunstich te wêzen op Mita: hat dy ek noch net in fleurige minner? Alteast sa tinkt sy. Dus no hat Tuzza wat úthelle….
Mar yn in doarp bliuwt noait wat lang geheim. Elts tinkt der sines fan…

Oan’e ein fan’e reinbôge

Wolter Enkelaark, in amtner, hiert yn’e fakânsje mei frou en dochter in keamer yn in pensjon. Wolter hat lykwols hiel wat oars yn’t sin as noflik fakânsjehâlde. Syn pake en beppe ha jierren ferlyn yn ditselde hús wenne. Pake soe yn de twadde wrâldkriich in fertún oan gouden tientsjes ûnder de flier bedobbe ha om se út hannen fan de besetter te hâlden.
It hús rekke troch de oarloch slim ferrinnewearre, it waard ferkocht en letter wer opboud. Nimmen hat ea wer om dy tientsjes tocht…. Sa hat Wolter it fan syn heit heard en no is er perfoarst fan doel om dy skat yn hannen te krijen. As it moat is er ree om de hiele flier út it hûs te brekken. Mar dat giet samar net….

Rebecca

Dit stik is koart nei de oarloch skreaun en op it repertoire set fan it “Lyts Frysk Toaniel”. De sintrale problematyk is: hoe geane wy om mei de meiminske. Yn dit gefal in joads famke. En ek yn it ferset tsjin de fijân troch it ûndergrûnse wurk op it plattelân en yn de ferhâlding joad-net joad as it giet om ûnderdûkplak. En oan de ein fan it stik yn it meast dramatyske part: de relaasje tusken kristen en joad as it giet om de leafde tusken twa jonge minsken.

NB Omstavere werprintinge.

Stunt

“Stunt” wie eartiids de namme fan in ploech learlingen fan in middelbere skoalle, dat mei in learares op Himelfeartsdei in stunt plichte út te heljen. No hawwe de fjouwer in útnoeging krige om op Himelfeartsdei te kommen yn in âld boatehûs oan’e mar, dêr’t se earder ek gauris tahâlden. Ek de learares komt opdaagjen. Sy, Moerman, wie op skoalle net mear te hanthavenjen en docht no literêr wurk. Hindrik Jan siet yn’e horeka mar waard troch syn klasgenoat, oannimmer Bouwe, bedondere en moast mei syn bedriuw ophâlde, hy is no dichter. Moerman moat neat fan syn wurk ha. Anita is wethâlder fan Burgumerdaam en hat sa ek wol mei Bouwe te krijen. Yn harren petearen is te merken dat se in plan bekokstove om op dit plak oan’e mar in grut rekreaasje-oarde te stiftsjen. Fierder is der noch Binse, dy’t as útjouwer in bulte fertsjinne hat mei in bepaald soarte fan boekjes, mar dy’t no allinne noch mar nei fiskjen taalt. Hy set mei Moerman har boat de mar op om in mieltsje te fangen. Dan komt Wyts noch, dy’t eartiids altyd neaken swom, mar no in mem mei fjouwer bern is. Hindrik Jan sil ek besykje te fiskjen, mar kriget Bouwe oan’e heak, de wûne begjint raar op te spyljen en de oannimmer wurdt koartsich. Se jouwe harren foar de nacht del.
De oare deis komt der in jongfaam, Bontsje, dy’t in reportaazje meitsje wol foar in skoalkrante. Se is tige op’e hichte mei allerhanne feiten en soks smakket elts net; Binse komt ek wer opdûken, mei syn mieltsje: rikke iel!
Stadich komt ek oan it ljocht wat Bouwe syn plannen binne, hy hat al in bulldoazer mei in keet klear stean, mar Moerman wurdt wyld en rydt it spul de mar yn.
By eintsjebeslút blykt Binse alles opset te hawwen om Bouwe syn plannen foar te kommen en de rêst en de natoer te sparjen. Bontsje is syn frou.

Falsk alarm

Pim, in jongfaam, wennet allinne en it is har jierdei, mar gjinien is kaam om dat mei har te fieren want se hiene allegearre wat oars. As mem skillet set se de muzyk lûd om in feestsfear op te roppen. Dan sil se op bêd, mar as se noch efkes weromkomt yn’e keamer is dêr in ynbrekker, dy’t har beurs en horloazje ôfhellet en freget nei in klok. As se besiket te ûntkommen, bedriget er har mei it taartmes. Dan wurdt der skille en steane heit en mem op’e stoepe mei sjampanje. By eintsjebeslút wurde se der ynlitten en wurdt de ynbrekker foarsteld as de nije freon fan Pim. Heit sjocht it wol sitten, want de skoansoan yn spee wit gâns wat fan befeiligingen en sa, in berop mei takomst. Mem fynt him in “bink” en as Pim fertelle sil wat hy wierliken is, fernimt se dat se fereale wurden is.
Heit en mem litte it jonge stel allinne en dan blykt Daan, de ynbrekker, dat Pim’s jierdei fersutere is. Och, seit se, it is ek sa’n domme dei: 1 april. Daan skrikt, hy hat in befeiligingsburo, mar bruts yn foar syn broer, dy’t sein hie dat Pim in klok fan him kocht hier, dêr’t de baas fan de winkel tsientûzen gûne yn opburgen hie. Dy broer is de feint fan Pim’s kameraadske. Dan wurdt der op’e doar slein troch in kliber jongfolk, se dogge net iepen, mar geane nei de sliepkeamer.

Hjoed Kristine

Kristine en har freon Filip meitsje har yn harren flat ree om de jierdei fan Kristine te fieren. Se hawwe der noed mei, dat Kristines âldelju aanst ek komme en harren stimpel op it feest drukke sille. Der hinget al yn’t foar in benearjende sfear oer de besite. Oarsaak is dat Kristine wol net wer in jierdei hawwe sil te fieren en dat mem dêr perfoarst oer prate wol en Kristine net. Hjir komt by dat Kristine yn har libben folle mear begryp fûn hat by har heit as by har mem, mar heit begjint stadichoan demint te wurden. Fansels komt it ta in konfrontaasje, mar mem begjint wat te begripen en te akseptearjen fan Kristines wize fan ôfskie nimmen fan it libben. Foar’t se fuortgeane, dûnset Kristine noch ien kear mei heit.

Iepen houlik

Yn dit stik is de haadrol weilein foar de frou. Binnen de finzenis fan har houlik fiert se striid tsjin de ûnderdrukking en jout se utering oan har frijheidsdrang. Se iepenet de oanfal op de wrâld fan wearden en noarmen lykas dy fêstlein binne en ferdigene wurde troch de hearskjende klasse: de man. Mar as se fan herten oan it troch har man foarstelde iepen houlik meidocht binne de rapen gear….

Johanni Moriendi sunt

Mem wurdt 80. De bern binne der allegearre: Hanna, Joke, Hans, Johan en Jannik. Oan’e wand de pertretten fan de fiif heiten, Johannes I o/m V. De bern bongelje ûnder elkoar hoe’t dy Johannessen oan harren ein kommen binne, elk toant syn eigen eigenaardichheden. Dan komt der besite, Johannes VI. Nei lang kedizen wurdt hy der ynlitten om’t mem it wol. It wachtsjen is noch op mem, dy’t har klear makket foar it feest.
Stadichoan wurdt de sfear rúzje-achticher en Johannes bemuoit him der mei. Jannik wurdt dit te stûf en hy skillet syn freon Wim, dy’t er ferslach docht fan it ferrin fan de tastân. Dan komt mem, se wurdt yn de petearen behelle en dan docht bliken dat se alle Johannessen it hoekje om holpen hat. Johannes VI wol de plysje skilje, mar mem is him foar en plukt him nei in bettere wrâld. Dan komt dochs de plysje, warskôge troch Wim. De bern beweare allegearre dat sy de dieder binne en wurde ynrekkene. De plysje hat begrutsjen mei mem, dat har bern jaloersk binne op de frijer fan harren âlde mem. Mem bliuwt achter en hinget pertretten op fan de fiif bern.