Kalm bliuwe

By de famylje Spykstra liket alles tige yn’e es, mar dat liket allinne mar sa. De Spykstra’s hawwe beide in tige goede baan en dat levert flink wat jild op, benammen frou Spykstra hat it tige drok. De hûshâlding komt dan faaks op it twadde plan en de bern krije meast harren gerak en omtinken ek net altiid. Foar hûshâldlik wurk is meast wol folk te finen, al wie der net sa folle ynteresse om by frou Spykstra oan’e slach te gean. Harren dochter An falt wat tusken wâl en skip, mar pake Spykstra wol har noch wolris riede, mar in pear dingen geane pake dochs wat al te fier. Swaantsje, de help yn’e hûshâlding en soms ek wolris foar oare needgefallen, kin mei de help fan pake in bulte problemen oplosse en it makket pake neat út hokker middels hy der soms foar brûke moat, as it mar helpt.
NB Rjochte fan opfiering en publikaaksje lizze by de erven fan de skriuwer: Jaap de Vries, info@jabik.nl

Skimmen ut it fjoer

Jan hat alris in frou fermoarde en der bestiet in grutte kâna dat hy dat ynkoarten nochris dwaan sil. Earne yn’e bosken fan Ingelân wennet de bejaarde mefrou Smedinga, eigenaresse fan in grut lânhûs mei har muoikesizzer, in kostgonger en de wurkster dy’t net al te snoad is. Jan komt op in liepe wize binnen de doarren fan dit lânhûs en spilet hiel hoeden en bedreven op dizze mefrou Smedinga yn. Jan is in tige kreaze ferskining en dat wit er sels mar al te goed. Hij krinkt him op as in sjerpstriker oan dizze mefrou Smedinga, dy’t net yn ‘e gaten hat dat sy in moardner yn ‘e hûs helle hat. Jan is in komplete egoïstyske psychopaat, immen sûnder gefoel mar mei in enorme fantasy dy’t oanienwei dwaande is mei selsferhearliking. Der is dan ek nimmen yn it lânhûs dy’t yn’e gaten hat wat Jan syn bedoeling is……….utsein de muoikesizzer fan mefrou Smedinga! It is in tige nijsgjirrich en spannend stik. De iene kear sitte jo op it puntsje fan de stoel en de oare kear skuorre jo josels de bûsen ut.

Linkerhânnen

Blus, in brave jonge, mar mei in grut minderweardichheidskompleks, komt as fakânsjehelp te wurkjen by de gruthannel ‘Hamer en Zaag’. De oare wurknimmers akseptearje dizze nijkommer net samar en op tal fan ferfelende wizen stelle se Blus op ‘e proef.
Junior, de tige mei harsels ynnommen dochter fan de baas (Chef), moat fan har heit ek by ‘Hamer en Zaag’as fakânsjehelp oan de slach. Dêr hat it bedoarne kring hielendal gjin nocht oan. Blus ken har fan skoalle. Hy ûntfermt him oer har, wylst ek Junior troch it personiel op ‘e proef steld wurdt. Dat makket him wat sterker. Mar Junior makket hjir misbrûk fan en rabbet oer him tsjin de oaren.
It docht bliken dat Blus wol ferkeaptalint hat. In foai fan fl.25,- hâldt er lykwols net foar himsels, mar stoppet er yn de personielspot.
Underwilens hat Zus tsjûge west fan grutte argewaasje tusken har âlden. Se flechtet nei Blus en prest him om jild út de kas te nimmen: se wol mei him fuort. Tige tsjin it sin fan Blus nimt er de fl.25,- út de personielspot werom en praat mei har ôf yn ‘e stêd. Hy moat earst noch ôfslute. Mar Junior is ek noch yn it gebou. Sy biedt oan om ôf te slûte. In bytsje erchtinkend jout Blus har de kaai.
De moarns ropt Chef it personiel byinoar: der is fl.100,- út de kas stellen! Om’t Junior harsels wit frij te praten, wurdt Blus fertocht. As Blus oan de baas besiket út te lizzen hoe’t echt wie, falt dat folslein ferkeard. Hy krijt dien.
Zus besiket him te treasten, mar Blus is lilk op har en nimt it beslút om foargoed út te naaien.
It tema fan dit flotte, net-psychologyske drama is peste. It is foaral geskikt foar jongerein fan 12 oant 18 jier. Mei musyk soe it ek in moai spektakelstik wurden kinne.

Wa wol der spoekefleis?

Om’t Petra en Johnny meielkoar “geane”, wolle de oare bern út de klasse harren foar de gek hâlde. Se wurde beide los fan elkoar oerhelle om foar in tientsje de jûns om tsien oere by it âlde kastiel te ferskinen. Allinne it “spoeket” dêr. Mar beide doarre wol en treffe elkoar dêr. Se krije algau yn’e gaten dat de klasse har in poets bakke wol en beslute harren in koekje fan eigen daai te jaan. De rollen wurde omdraaid en de “spoeken” wurde no sels benaud.

Frisia Ave

Kening Freark en Keninf Melle, wenje mei frou en bern op in terp yn it noarden fan Fryslân. Se kinne mei muoite de fuotten droech hâlde. Eins is it gjin wurk. Se wolle dan ek graach earne oars wenje. Fan hearren en sizzen witte se dat der net ien yn it Goai wennet. De Romeinen ha dit stik lân beset. Net ien mei der wenje. Freark en Melle beslúte nei keizer Nero yn Rome te gean, om him te freegjen oft se yn it Goai wenje meie. Us friezen gean nei Rome. Dêr treffe se Ceasar Nero. Fan him hearre se dat it net tastien is yn it Goai te wenjen. Allinne as se better sjonge kinne, meie de friezen in stikje eigen grûn. Fansels winne de friezen Frisia cantat! Se sjogge letter pas dat se tastimming krigen ha om oan’e Boarn te wenjen, it lân dat se al koenen.

NB
Opfierd as Berne-iepenloftspul; première 16 juny 1995 yn Winsum.

It BBB wurdt better

Prof. Hans de Boer wol jild fertsjinje mei it meitsjen fan Turbo-bisten. Dit binne bisten mei in ekstra DNA fan himsels. Se wurde “turbo” troch it DNA en it iten fan spesjale paddestuollen. Mei help fan robots en de fee besykje de kabouters, de bisten en de bern de professor oars te programearjen sadat er mear om’e natuer jaan sil. Fansels slagget dit.

By de skoalledokter

Skoalle-ûndersyk op in doarp. Dokter is lang net by de tiid en giet suchtsjendewei oan’t wurk mei lestige bern en tipelsinnige âlden. Suster wit him wat op te monterjen mei in nij soarte pillen, dy’t him mar wondere skoan smeitsje. Mar hy hâldt it der net mei op fuotten en tewyl’t er mei de lêste pasjinten ôfweeft, siicht er der hinne en leit langút oer de flier. En suster hat sels ek al tefolle fan’e fitaminepillen snobbe, dat sy leit fuortdêrnei like slop neist him. Sadwaande de rop fan’e oerbleaune pasjinten: “Is der ek in dokter yn’e seal?!”

Try-out

It toanieltsje fan in doarpshûs stelt in sliepkeamer foar. Amateurspilers binne noch drok dwaande mei de tariedings as de foarsitter syn praatsje hâlde wol. Dan giet it gerdien op en sjogge wy in sliepkeamer. De man fan de omballings sjout noch mei in toiletpot om, dat hielendal klear is de saak noch net. De spilers hawwe it der efkes letter tige dreech mei om it publyk op in frijsêne te traktearen. Grappige diskusjes oer wat toanielspyljen no eins wêze moatte soe wurde ôfwiksele mei oandwaanlik gewraksel.
In tige aardich skreane parody op it hâlden en dragen fan in amateurtoanielploech.
It stik is útjûn troch de Koperative Utjowerij yn Boalsert as ‘Ljochtmoanneboekje’.

Portret fan pake

Pake Harm is tydlik by de bern: Wolter en Marta, om’t er eins net mear allinne wêze kin. Hy fersoarget en fertuteazget, binne se bang, as er noch langer op him sels sil en it âldereinhús fersmyt er fier. Hy is in man dy’t alles seit wat him foar de mûle komt en dat is út en troch hiel wat: rûch en primityf as er is – hy wol him net oanpasse oan it hâlden en dragen sa’t in boarger-húshâlding freget. Dat jout fansels oanienwei opskuor. Yn dy snuorje komt der ek noch in muoike fan Marta in deimannich útfanhûs. Muoike wol wer in man ha en hat skreaun op in advertinsje, dy’t pake yn ‘e krante set hat. Under nûmer fansels. Boppedat komt Rommy, de dochter, ek noch thús mei har freon dêr’t se as studinte yn Grins mei libbet.
Ien en oar jout pake gâns argewaasje en it slagget him om muoike sa bot lilk te meitsjen, dat in trouwerij fan dy twa sit der net yn. En as der dan yn ’t lestoan ek noch in telefoantsje komt fan in buorman mei it boadskip dat de âld geit neat oars docht as mekkerjen – fan ûnwennigens, sa wurdt it fansels útlein – dan hoecht er him net langer te betinken en set er ôf.

Barkhorst

Jeroen van der Berg joech dit stik de ûndertitel: in turbo-realistysk kampingdrama yn tolve sênes. It is sawol tragysk as komysk; komysk troch de ferskriklik koarte dialogen en de persiflaazjes op hjoeddeiske jong-folwoeksen minsken.
Bert, in boeresoan, hat syn pleats ferkocht en wol syn libben op’e nij begjinne. Hy is fan doel in kamping te begjinnen yn Nederlân. Op fakânsje yn Spanje moetet hy Suzan, in reisliedster, dy’t ek genôch fan har baantsje hat.
Werom yn Nederlân sil Bert tegearre mei in gemeente-amtner it plan fan’e kamping útfiere. Dan stiet Suzan foar de doar: sy wol ek meiwurkje. Se leaut dat Bert de man foar har is. De amtner kin net oars as amtlik tinke, dus it sil lang duorje foardat de kamping der is. Wilens wit er Suzan te fersieren. It nije pear set Bert út syn eigen hús en nimt syn plan oer. Bert draait troch. Om syn libben mei Suzan werom te krijen wol er de amtner deasjitte. Op it stuit dat er sjit, sjit Suzan him del. Sy bliuwt allinne achter.

Stressbestindich

Direkteur Houtman is ferskuorrend nijsgjirrich oft harren offerte NedGemy oanstiet, mar Wessels, it ôfdielingshaad kin him noch neat fertelle. De nije ferkeaper De Graaf, is der foar ’t earst alline op út en it giet om 2,6 miljoen. Dan blykt der in faks te lizzen fan justerjûn, dat oaren better leverje kinne. De Graaf is ta weismiten keard, Houtman hat nea witten wêrom’t er oansteld is en Wessels hie him daliks al sketten…. dy man moat mar wer ôffloeie! Mar as De Graaf dan komt en fertelt hoe’n wurk as er hân hat om in tuskentiids telefoantsje fan Wessels (mei as gefolch dy faks) wer lyk te breidzjen en dochs ek noch de oarder te bemachtigjen, slacht Houtman om as in blêd oan ‘e beam en is Wessel de biten hûn…..

Fjouwerspan

De sliepkeamers fan Ernst en Hilde, Ron en Eva en dy fan Willem en Annet binne alle trije wol te sjen, mar wurde allinne beljochte as de hanneling en it petear him dêr ôfspilet. Ek it fjirde koppel, Kees en Lineke, dogge mei oan it fyn-ynleine spul fan minsklike ferhâldingen yn dizze ien jûn en nacht. Hoewol’t der genôch brike sitewaasjes yn foar komme om de ‘lakers’ wat te bieden, fereasket dizze Ayckbourn foaral stille oandacht fan spilers en publyk.

It perron

Op it perron fan in middelgrutte stêd hat Eelke in blommekiosk en Arjen in kiosk mei lektuer en snobbersguod. Marie sit dêr tuskenyn as sûkerskjinne toiletjuffer.
De manlju kinne net tagelyk troch deselde doar omdat Arjen yn it ferline Eelke in minne streek levere hat. Eelke hat koartlyn syn frou ferlern en hat wer oanhâld fûn by Ria, dêr’t er och sa grien mei is. Syn dochter frijt mei Jelmer, de soan fan Arjen, ta grutte argewaaqsje fan de beide heiten. Se besykje de jongelju útinoar te spyljen troch Jenny as ‘au pair’ nei Ingelân te stjoeren, mar as dy ûnferwachts earder weromkomt begjint it earmelijen op’e nij. Hawar, mei help fan Marie komt alles op syn poatsjes telâne oan ‘e ein fan it stik.

Kaviaar en spaghetti

Foar wa’t it oandoart en oer genôch, ek jonge, minsken en romte beskikke kin, in stik fan jewelste, dêr’t it fjoer sa no en dan op syn Italiaansk fan ôf spat.
In stik mei sabeare-echte moardners, lytse en grutte dieven, echte en ûnechte minsken “út ‘e grutte wrâld”, sloven en ûnskuldige bern….
Koartsein, wiere en sabeare boeven komme yn alle lagen fan ‘e maatskippij foar en no is ’t mar krekt wa’t oan ‘e ein de bút binnen hellet.

Koekoek siket Koekoek

Aukje Koekoek, weesbern en tige slagge sakefrou, fynt op har 60ste dat se sa graach dochs famylje hawwe wol. Se hat Koekoekseilân kocht en dêr oare Koekoeken noege om te sjen oft dy oan har famyljebyld foldogge. Mei har notaris, Tjitte, en bodyguard Popke en sysels yn ‘e rol fan biologysk túnwyfke, wachtet se de oare Koekoeken op:
Foppe mei in sibbekundige tic, Mimi Coucou – model met ferlet fan jild -, Kije, de oerspande learaar, syn eks Tunniske en dochter Lummy en as net-noege Koekoek Frau Doktor Erika.
Dy lêste wurdt troch de oare gasten sjoen as de ûnbekende rike muoike, mar se blykt yn werklikheid in bedriuwsspionne te wêzen dy’t op Aukje har patint út is.
It wurdt fansels in tizeboel wêrby’t de measten oan ’t koartste ein lûke en oft Aukje der famylje oan oerhâldt?

Libjend apart tegearre

Heit en mem sille byelkoar wei omdat heit mear each hat foar syn wurk as foar mem. Dêrom wol mem op harsels wenje en no helpe se – elk op eigen wize – allegearre mei om dy hierwente op te knappen en yn te rjochtsjen. Mar mem slokt net alles mear en wol har eigen saakjes regelje; ek de kûle dy’t har man besiket te graven troch in goekunde fertelle te litten hoefolle gefaar allinnewenjende froulju rinne, falt se net yn. Tegearre mei buorfrou oan ‘e sherry en de skoandochter dy’t har ferpraat en alles wurdt sa klear as in klûntsje: de jongelju wolle graach yn ’t hûs en heit wol syn brijsieder graach werom ha, mar allegearre hawwe se te min rekken hâlden mei wat mem sels wol!

Moard of tafal

Mem hat jierrenlang siik west en leit no op stjerren. De húshâldster en de jongste dochter Maria fersoargje har. Maria lit beide susters Anne en Vera, dêr’t se yn lang gjin omgong mei hân hat, komme. De soan fan de húshâldster Tom hat in ferhâlding hân mei Vera, mar leit it no oan mei Anne. Op in stuit komt Anne te ferstjerren. Wa is de skuldige?
Ynspekteur De Vos siket dat út.

Peardûns

Yn 10 sênes treffe 10 persoanen inoar foar in ‘peardûns’.
Sêne 1 – de hoer en de soldaat
sêne 2 – de soldaat en it keamerfamke
sêne 3 – it keamerfanke en de jonge hear (
sêne 4 – de jonge hear en de jonge (troude) frou
sêne 5 – dizze frou en har man (it echtpear dus yn de sentrale sêne)
sêne 6 – de man en it ‘leave (tige jonge) famke’
sêne 7 – it jonge famke en de dichter
sêne 8 – de dichter en de aktrise
sêne 9 – de aktrise en de graaf
sêne 10 – de graaf en it hoertsje út de earste sêne.
Yn eltse sêne giet it om it ta wurkjen nei ‘de died’, mar noch folle mear wurde hjirtroch de ferskate sosiale miljeu’s bleat lein. De hâlding fan de figuer foar de seksualiteit oer is typysk foar har of syn stân en maatskiplike posysje.
Hast alle personaazjes besykje harren eroatyske motiven moreel, esthetysk of yrrasjoneel wei te stopjen. De masterlike dialooch leit dat spul yndirekt bleat.
NB De sênes soene ek apart, as ienakter, spile wurde kinnen.

Túten en strafskoppen

De famylje Grasma sit fol fan it fuotbaljen. Heit Grasma is sponsor fan de pleatslike fuotbalklup. Hy is direkteur fan in fabryk fan froulju’s-ûnderguod. Der is altyd wol wat mei him, alle kwalen binne sines. Syn frou en de bern ha bytiden skjin har nocht fan dat geeamel. It is allegear ynbylding, dokter komt alle dagen oer de flier, mar dat is mear foar de buorrel. Der bine ek noch al wat leafdesperikelen. Jaap, in hiele bêste fuotballer, wennet by har yn. In Hollanner, no, dêr mei Grasma alhielendal net oer. Jaap leit it oan mei in dochter fan him mar hy mei de mem ek wol lije. Grasma fernimt dat en wol him fuort ha! Dan wurdt de boel goed yn ‘e bulten jage, want hja wolle dêr graach in nij sportkompleks ha, mar dan moat de pleatslike ploech wol winne en sûnder Jaap wurdt dat fansels neat.
Dochs komt alles noch wer goed, Grasma kriget noch in moaie slompe jild foar in stik lân, it wurdt noch in fleurich man, hy fielt him hieltyd better en better. Ek mei de leafde giet it foar wûnder, dus alle reden om bliid en gelokkich te wêzen, en dan is it FEEST.

Wat ’n moaiprater

Klaas Bos wennet al tsien jier by syn suster en sweager yn. Fan syn beide bern is Sjouk (21) noch yn ‘e hûs, Jan (23) hokket. Bos is bûttermakker op in suvelfabryk, bibeltekststruier en seksfilmbegnuver. Syn direkteur (widner) hat sin oan in jong blomke. Bos sjocht promoasjekânsen en besiket syn dochter te keppeljen oan ‘menear’ Majoor. Sweager en suster fan Bos steane fjouwerkant achter Sjouk as dy fan neat witte wol. Boppedat hat Sjouk al trije jier ferkearing met Henk en is se yn ferwachting. Skoof en skande ropt Bos.
Majoor wurdt as direkteur oan kant set omt er mei de jildsaken fan ’t fabryk wat tefolle nei himsels ta rekkene. Soan Jan wurdt ûnderdirekteur en sadwaande heit syn baas. Klaas Bos is fan betinken dat Jan no wol soargje kin dat hy promoasje makket, mar Jan is net út sok hout snien. Sjouk seit omke en muoike ta dat se út tankberens har bern nei harren ferneame sil.