In skelet yn Ierlân

In doarp mei al syn yngrediïnten. Elkenien kin elkoar en foaral elkoars geheimen en langstmen. Der wurdt rabbe mar noch mear kweasprutsen. Der hearsket wurkleazens. Wa’t noch it lef hat om syn dreamen nei te jeien , giet nei it bûtelân: it rike part fan West-Europa, of Amearika. Mar sy dy’t net mear fuort kinne, wolle net allinnich efterbliuwe: elk middel wurdt tastien om de lêste trouwe doarpsbewenners thús te hâlden. Dat sprekt foar himsels. Foar wa’t syn neisten te benearjend fynt, is moard fansels de ienichste útwei. Dat sprekt foar himsels. Om ‘e nocht siket de polysje nei moardners. Om ‘e nocht besiket de jonge, oan alkohol ferslaafde doarpspastor syn parochianen fan moard ôf te hâlden.
“In skelet yn Ierlân” giet oer it swarte bestean fan de pleatslike deagraver dy’t sûnder ienich moreel besef libbet.

De Lês-straf-heit

In heit moat ûnder begelieding gan in plysje nei basisskoallen ta om foar te lêzen omt hy syn soan it lêzen ferbean hat.
Hjoed is heit foar it earst op in basisskoalle om in begjin te meitsjen mei syn lês-straf-tournee.
De plysje lit thus-fidéoos sjen fan hoe’t it thus ut ‘e hân rûn troch heit syn lês-obsesje.
De plysje hat de hannen fol oan de lêsstrafheit, dy’t neffens har nochal wat tsjinakselt. de benaude heit wol lykwols in bekentenis ôflizze………………
Heit kin sels net lêzze. Hy is teloarsteld yn syn soan dy’t net lykas hy piloat wurde wol mar graach lêst en skriuwer wurde wol.
Dêernei ssiket de plysje kontakt mei de rjochter fia in satelyt-ferbining (fideo0opname).
De rjochter set de straf om yn it fertellen fan in ferhaal. De soan sprekt de heit op ‘e TV ek ta: hy hat stiekum oan in opstel-wedstryd meidien en wûn: heit en hy meie in ballonfeart meitsje!
By einbeslut fertelt heit it ferhaal ” it pealtsje fan Easterlittens” en de plysje is tige ûnder de yndruk fan heit syn fertelkeunst; nimt har pet der foar ôf.

De slach fan Rie

De Slach fan Rie giet oer de wederwaardichheden fan in korps. It lit sjen dat je yn in korps, krekt as oeral, te meitsjen ha mei ‘ups en downs’. De ûnderlingen ferhâldingen en persoanlike problemen wurde op in komyske wize foar it ljocht brocht.
In konflikt tusken tromslagger Kees en basspiler Klaas rint heech op, beiden gean by it korps wei. En dan sizze ek oare leden de tsjinst op fanwege rûzjes en teloarstellings. Net ien fan de grutte minsken wol om lyk. It is troch de jeugdige leden Joyce en Edwin en in net sa tûke list mei ferfalske ekskuusbrieven dat it wer goed komt tusken de stridende partijen. De beide opponenten Klaas en Kees bedarje earst noch yn ‘e feart, mar by eintsjebeslút krijt harren leafde foar de musyk de oerhân en lizze se it ûnderlinge skeel by. It korps is wer kompleet en kin feest fiere fanwege it 75-jierrich bestean.
Bisûnderheden:
it stik is skreaun ta gelegenheid fan it jubileum fan Lyts Begjin út Rie. It is mei lytse oanpassings ek te spyljen troch oare jubilearjende korpsen of gewoan op te fieren troch in toanielferiening yn ‘e mande mei in korps. Musyk spilet yn de foarstelling in wichtige rol.

De comeback fan de Sunshine Boys

In eks-vaudeville-team, Louis van Os en Willy Bogaard libje al jierren op foet fan oarloch mei-inoar, ek al ha se tegearre 43 jier oanien sketskes dien foar de radio. As in televyzje-stasjon in retrospektive meitsje wol oer de revu’s fan eartiids, wurdt harren frege om tegearre nochris wer de ferneamde “dokterskets” te dwaan. Willy Bogaard hâldt him de lêste tiid dwaande mei it ynsprekken fan reklameboadskippen en Louis van Os docht it noflik kalm-oan op syn âlde dei. Der moat dan ek fan alle kanten gâns op’e hearen ynpraat wurde om harren ta gearwurkjen te krijen. Lang om let slagget dat al, mar dan komme ek âld sear en skeel wer boppe.

Jus d’orange mei in tik!

As Ellen Woudenberg fernimt dat har ienige famyljelid, har wolstelde en heechbejierre âldtante oan in tredde jeugd begûn is, beslút se om as de wjerljocht poalshichte te nimmen. Op it plak sels konstatearret se dat har âldtante harsels al in healjier fersoargje lit troch in ynwenjende ferpleger. Se wit dat der koartlyn yn De Haach in stikmennich rike dames om it libben brocht binne troch twa ferplegers. Dat barde mei medisinen en neidat de manlju de slachoffers earst fan harren kaptaal berôve hiene… It wantrouwen fan Ellen wurdt noch grutter as se sjocht hoe wiis as tante mei har ferpleger is en ek fanwege dy syn heimsinnige telefoantsjes om presys twa oere nachts. As notaris komt om it al besteande testamint te wizigjen, feroaret alles yn razend tempo. Dokter moat halje trawalje komme, omdat alles der op wiist dat de ferpleger syn fatale plan útfierd hat. Mar wie hy wol de dieder, of wie’t de húshâldster, dy’t alles wist en fan tichtby meimakke? Of wie’t de achternicht sels?

Ikke net

Ferskate sênes jouwe in byld hoe’t âlden, âlderen en jongerein mei elkoar omgeane. De sêenes litte sjen wat der mis gean kin tusken âlders en opgroeiende bern, mar ek wat harren op wûnderbaarlike wize byelkoar hâldt. In fleurige rige fan botsingen tusken wiveljende âlders en wanhopige bern. Stik foar stik steane de sênes los fan elkoar en kinne apart spile wurde.
Jongerein-teatergroepen út Itaalje, België, Frankryk en Nederlân spylje dit stik.

Waarm en kâld

It stik spilet yn in sjyk miljeu. Leona, de frou, hat de iene frijer nei de oare, sûnder dat har man dat wit. Allinnich de tsjinstfaam wit alles krekt. De frijers binne mannen dy’t harren sels graach wiis meitsje dat se troch passy fertard wurde. Mar einliks is it mear de jaloerskens tsjin oer elkoar dy’t harren driuwt. Leona wit de frijers hiel handich tsjin inoar út te spyljen en hâldt se sa allegear oan it lyntsje. Oan dit alles komt ynienen in ein as har man ferstjert. Dan dûkt ynienen in hiel jong famke op dat in ferhâlding hie mei har man. Wa hie dat ea tocht fan dy saaie, brave man. Ut alle macht besiket Leona te bewizen dat sy allinnich mar fan har man hâlde en dat hy allinnich fan har hâlde. It is in stik oer kâlde leafde en hertstochtlik manipulearjen. Mar ek oer hokfoar byld minsken fan elkoar hawwe en hokfoar byld se tinke dat in oar fan harren hat.

De mem fan Ikarus

In groepke freonen is oan it picknicken en stoarret nei de loft. Se wachtsje op it fjoerwurk dat komme sil. Se sjogge in fleanmasine en fantasearje oer wa’t yn it fleantúch sit. It duorret Pat en Jill te lang en se geane efkes nei it strân. Frank moat pisje en giet ek nei it strân. Howard en Bill seine mei reekwolken nei it fleantúch. As Frank werom komt hâlde se gau op, hy mei it net witte. Se besykje om him fuort te krijen. As Frank einliks fuort is, komme Pat en Jill wer werom. Se besykje om harren fuort te krijen troch te sizzen dat it fleantúch op it strân delstoart is. Frank komt wer werom en hat as iennige it fjoerwurk sjoen. De fammen komme werom en fertelle dat it fleantúch echt delstoart is.

De ferflokten

Leon hat in geweldige baan as ûnderwizer oanbean krige yn it idyllyske Russyske doarpke Kulyenchikov. As er dêr oankomt, sjocht er guon minsken dy’t de smoargens fan bûtenôf yn harren hûs feie en oaren dy’t miene dat der mear reamme yn de molke sit as de ko op de kop molken wurdt. It docht bliken dat Kulyenchikov al 200 jier ferflokt is mei , sa’t it liket, ivichduorrenjende dommens. De wanhopige ynwenners ha de nije skoalmaster oannaam om dy flok te ferbrekken. Se ha der lykwols net by sein dat as it him net binnen 24 oeren slagget, dat er dan krekt sa dom wurdt as sysels. Werom giet Leon net fuort? Hy is fereale op’e byldmoaie dochter fan de dokter. Dy is sa dom dat se noch mar krekt wit hoe’t se sitten gean moat. Fansels slagget it Leo om de flok te ferbrekken en syn breid te winnen. In bûging foar in mearke-eftige klucht mei wat lompe grappen en mei in rustike moraliteit.

Lysistrata

NB Der is ek in frije bewurking troch Lolkje Hoekstra fan dit stik. Sjoch dêr foar in koarte beskriuwing fan de ynhâld.

In bysûnder oangenaam fiergesicht

Sylvia en Ingrid binne mem en dochter, mar net fan elkoar. Ingrid sit mei in skuldgefoel oer de dea fan har mem. En Sylvia nimt mar al te graach de memmerol op har om Ingrid fan har swierrichheden ôf te helpen. Wat wie dochs de rûzje dy’t oan de dea fan har mem foarôf gie, hokker wurden hawwe ta de hertoanfal laat? Trochdat Sylvia en Ingrid hieltyd mear yn harren rol groeie, ferjitte se it spul út it each. Yn de lêste scène wurdt it gat yn Ingrid har ûnthâld opfolle en docht bliken dat har skuldgefoel net terjochte is. Harren sels keazen relaasje hat hiel wat op ‘e kop set. Dan is der ek noch de man fan Sylvia, Otto, in sûnderling, dy’t mear wit.

De keale sjongster

Menear Smith en mefrou Smith sitte yn harren wenkeamer yn in bûtenwyk fan Londen. Se hawwe it iten op, hy lêst de krante. Dat en noch folle mear oerstallige meidielings hearre wy fan mefrou Smith. Underwilens slacht de pendule, dan wer ris trije, dan wer tretjin kear.
Ek yn it petear tusken menear en mefrou Smith wurde foarearst dingen sein, dy’t se sels al witte, of dy’t folslein absurd binne. Lykas it petear oer Bobby Watson en syn famylje, dy’t ek allegear Bobby Watson blike te hjitten. De konversaasje is hjir dus suvere foarm, bûtenkant. As in oar echtpear op besite komt, wurdt it noch frjemder. It duorret sawat tsien minuten foar de twa der efter komme dat se op deselde tiid yn deselde trein sitten hawwe, yn de selde strjitte wenje, ensfh. – en dus: man en frou fan inoar binne…
Mei de komst fan in brânmaster op syk nei brân, wurdt it noch hilarysker. Op it lêst kraait elkenien der allinich noch in ritmyske wurdenbrij út, lykas wiene it konversaasjemasines dy’t op hol slein binne.

Fertel my noch in ferhaaltsje

De ferhâlding fan mem en dochter yn’e rin fan sa’n 40 jier. As it stik begjint is de dochter ± 5 jier.
Oan’e ein fan it stik is de ferhâlding omdraaid: de dochter is mem wurden en de mem is ôfhinklik fan’e dochter.

Travo

It petear tusken man en frou, wylst se sitte te wachtsjen op it teken fan de ferpleger dat se op sikebesite meie by harren soan dy’t in auto-ûngemak hân hat.
In konfrontearjend petear, oer it al of net akseptearjen fan harren soan, dy’t homo/travestyt is.

Bingo!

It giet nuver om en ta yn it reklame-buro. Wêr is it supergeheime stik oer de toskepoetsersreklame bleaun? Hoe komt dy roas op it buro fan Helga Hunkermans? Hat se in stille oanbidder? It wurk op kantoar wurdt flink fersteurd troch in besite fan de aksjegroep “Ho de Sjo”, dy’t net folle fan reklame ha moat. Yn tsjinstelling ta it komitee “Spotpriis”. Dat rikt krekt prizen út foar de bêste reklame. Beide groepen kinne inoar net snuven hearre. Dat is dúdlik! Foar al it personiel is der noch in prachtige ferassing. Se krije in fakânsje-reiske nei Australië oanbean. Bingo!

Boerebûnt en reade lampen

De hoerekast fan Dolly en Betty smyt te min jild op. Se ferhiere it hierhûs oan in slûchslimme feint, Hindrik, dy’t syn nocht hat fan syn faam, Klaske, en syn bemuoisike oansteande skoanmem. Dolly en Betty besykje harren berop geheim te hâlden. Skoanmem hat it rillegau troch dêr’t sy fersile binne: dochter en skoansoan witte fan neat. Om’t de froulju harren foardogge as fysioterapeuten -om’t Hindrik syn faam en har mem net moetsje moat- en om’t klanten fan Dolly en Betty út en troch ek noch yn it hûs omspane, jout dat in hiel soad hilaryske sitewaasjes en petearen. Klaske en Hinderik wurde it wer iens as it dúdlik is, wêrom’t hy hjir skûlplak socht hie.

Twabaksmerk 52, Moard??

Jan de Brand en Jos Goedemoed wurkje op’e selde ôfdieling. Elk hat syn eigen wurk en hobby. Jan mei graach froulju lije en Jos is in echte fûgelman. D.w.s. hy skriuwt graach oer fûgels en docht ûndersyk nei bysûndere soarten. As bekend wurdt dat Jos in artikel yn in krante skreaun hat ûnder de namme dokter Goedemoed, is it foar elk dúdlik dat hy yn’e beneaming komt foar de frijsteande funksje fan -sektor- haadekology. Aleide v.d. Besten hat dêr grutte muoite mei en docht har beklach by Jan. Dy wol har wol helpe mar der moat al wat tsjinoer stean. As Jan by tafal heart dat Jos aksje fiere sil tsjin nucleair transport, hat er alle troeven yn hannen -tinkt er-. As dit bekend wurdt, makket Aleide kâns en salang kin er moai mei har om paaie. Op de dei fan de aksje makket Jan foto’s: it bewiis. As Jos dit de oare dei te sjen en te hearren kriget ûntstiet der in fikse rûzje en rekket Jan mei in klap op’e grûn – dea. Jos flechtet oer’t balkon en brântrep. De boade fynt de foto’s. De plysje komt net efter de wiere tadracht, mar kriget wol berjocht dat Jan troch in hertoanfal stoarn is. Jos hat gjin skuld en dat beide mannen oan’e aksje meidien ha fynt elk in goed ding. Aleide en Tiny, dy’t fereale is op Jos, ha hiel wat gepiel mei de papieren hân as Jos de beneaming kriget.

In klasse apart

Yn de kantine fan it Broere-Kolleezje wurde de diploma’s útrikt. De frou fan de direkteur is oan’t befallen, dêrom nimt de konrektor de honneurs waar. De konrektor har gjin oerwicht. De brutale leerlingen falle him te pas en te ûnpas yn’e reden. Sels de heiten en memmen bemuoie har der mei. Yn de rin fan it stik komme der hiel wat problemen oan’e oarder. Sa as wol of net roke, wannear hearre jo der by? It sjantearjen fan de konrektor. It proletarysk winkeljen fan de leerlingen. It mislik fersteuren fan de les, in leerling dy’t yn ferwachting is en noch folle mear. De diploma-útrikking rint as in reade tried troch de sênes. De problemen fan de leerlingen binne hjoeddeisk.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

De waarmmielrinner

It giet mar mâl by direkteur Wiger de Bruin thús. Syn frou siedt it iten op bestel en hat dêrta har keuken oanpast sels mei eigen telefoan en alarm, sûnder dat hy der weet fan hat. Har buorfrou springt sa no en dan by en ek soan Gerard sit mei yn it komplot en stekt by need ek de hannen út’e mouwen. It giet lang goed oant Wiger-sels in waarm miel bestelt en dan komt de moard út fansels. De froulju binne lykwols net ferslein, sy hawwe noch in aardichheidsje achter de hân: safolle oandielen kocht fan it bedriuw fan de manlju dat sy der no sizzenskip oer ha.

Fûl

Fjouwer pubers hawwe in fêste stek -“bunker” neamd- om harren frije tiid troch te bringen. Sa’t it giet ûnder pubers wurdt der praat oer brommers, draait men lûde muzyk, drinkt men bier en fertelle “de mannen” stoere ferhalen oer “de froulju”. Ien fan harren leit der wat út; hy is beskieden, gjin macho-type. Fansels wurdt sa’n jonge pleage en útdage troch syn maten. Yn’e rin fan de hanneling fielt men dat dit op in konflikt útdraaie moat. As dizze jonge op in stuit in opmerking makket oer de relaasje fan ien fan de oaren mei in famke is de reaksje in died fan geweld. Yn de slotsêne bliuwt de dieder allinne efter op it toaniel en stelt himsels de fraach: hoe hat it safier komme kinnen?