Famylje

Henk Jan hat him ferloofd mei Anika. Dat dielt hy mei oan syn famylje. De famylje wurdt der kjel fan, want it famke hat net sa’n goeie ynfloed op Henk Jan. De famylje besiket him der fan te oertsjûgjen dat hy brekke moat mei Anika. De famylje sjocht dat Anika him der fan wjerhâldt dy dingen te dwaan dy’t er echt wol, lykas piloat wurde. In stik oer doare te kiezen foar wat je echt wolle.

De palingopera

Trije ferhaallijnen rinne troch inoar yn dit iepenloftspul. It earste giet oar de ûndergang fan de Firma Visser út Heech (en dermei fan de ieuwenâlde ielhânnel op Londen). It twadde oer it libben fan Bouke Annes Visser, de ferneamede komponist út Heech, dy’t sels ik koarte tiid yn de direksje sitte hat fan de Firma Visser en letter omswalkte yn Dútslân, Sweden, Holland en Italië.
De tredde ferhaallijn is eins net oars as it prebearjen fan de Heegemers om de (sabeare) ‘Palingopera’ fan Bouke Visser te rekonstruerjen en op te fieren. In taak dy’t tige komplisearre wurdt as de komponist persoanlik werom komt nei Heech om himsels der mei te bemoeien. En tagelyk in appeltsje mei it ferline te skillen. De ‘skuldfraach’ oer de ûndergong fan it famyljebedriuw spilet der yn in wichtige rol, mar ek it ferlies fan syn jongste broerke en de haat/leafde ferhâlding mei syn heit.
Njonken musyk fan Bouke Annes Visser wie der yn dit musykteaterstik ek musyk fan Sjoerd van der Veen. De tekst is yn it Nederlânsk en yn it Frysk.

Iensum yn Ierlân

De twa bruorren Coleman en Valene Connor libje allinnich yn it âlderlik hûs nei de dea of moard fan harren heit, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje. Se kinne net tegearre libje sûnder algeduerigen út te barsten yn rûzjes mei geweld oer de meast ûnbenullige en ûnskuldige saken. Pastor Welsh of Walsh, it hinget der mar fan ôf oan wa’t je it freegje, is nij yn dit troch God ferlitten doarp oan de Ierske westkust. Sûnt syn kommen hat hy al trije moarden en in selsmoard meimakke.
Sels de famkes fan it fuotbalalftal slagje der algeduerigen yn harren tsjinstanners it sikehûs yn te skoppen. Pastor Welsh besiket lykwols syn parochianen op it rjochte paad te hâlden. Hy fielt him ferplichte de bruorren mei inoar yn it lykwicht te bringen foardat it einiget yn in bloedbad.

Lidewij

It ferhaal spilet him ôf yn in famylje, dy’t mei neat begûn is en no ryk is. Se hawwe de saak oan hûs, in bedriuw, der binne telefoanyske ferkeapers, minsken dy’t masines demonstrearje en fabryksarbeiders. Se foarmje it koar.

Sa fést as in hûs

(noch gjin beskriuwing)
NB Oer de rjochten sjoch by:
VRIES, Pyt de, ‘Kalm bliuwe’.

De Sêne

Wa dreamt der no net ris fan: om in echte artiest te wêzen dy ’t skittert yn de spotlights foar in grut publyk. Wa dreamt der no net fan: om in echte akteur te wêzen dy’t in stjêr is op it wyte doek. Wa wol no net ris in ûnderdiel wêze fan de echte showbisniss-wrâld.
Mar, is it allegearre wol echt, of lyket it allegearre mar sa?
Dizze revu, De Sêne, spilet him ôf yn in film- en tillefysjestudio, wêr regisseur Jo alle touwtjes yn hânnen hat. Hy soarget der foar dat alle sênes goed op ‘e film komme. Dit falt net altyd ta, want sommigen meitsje der in hiele sêne fan.

In Pompstasjon

Samson wurket as monteur yn de garaazje by in pompstasjon op it Frânske plattelân. It pompstasjon wurdt net in soad mear brûkt, it leit yn in uthoeke by in utwreiding fan in fleanfjild. De monteur pielt noch wat om mei auto’s en is tsjûge fan de ûntwikkelingen yn de hushâlding fan Madeleine en har trije grutte dochters. Alles feroaret at Madeleine har eks-man Humbert nei 18 jier wer opdûkt op it pompstasjon.

De reade hoanne op Lautastate

Yn it jier 1748 giet Lauta State te Wier yn flammen op. Oanstutsen troch it folk, dat yn opstân komt. Se kinne de belestingen net mear opbringe wylst de eallju mar troch feestfiere.

Gesanger

In ienakter foar jongerein mei in ferskaat oan persoanen;- Gabbertype, Countrytype, Kakkertype ensfh.
Gina en Linda sitte te wachtsjen. Se sille audysje dwaan by in band. Linda is senuweftich, Gina sit te gapjen, se is wurch. As Linda as earste fuortroppen wurdt falt Gina yn sliep en dreamt. Se dreamt hoe’t de audysje ferrinne sil; in “meidengroep”. mei Laurym as soliste praat nei in optreden noch efkes nei. De froulju binne yn 2 partijen ferdield. Dan wurdt der mei Gina oefene en Dolly en Lydia binne entûsjast. Linda en Laurym bliuwe by Igor oan’e bar hingjen. Linda seit dat Gina foar in moanne op proef komt. Laurym en Igor betinke fan alles om it Gina net maklik te meitsjen, haat, jaloerskens, mekoar bedrage, ja sels har klean wurde stikken knipt. Allinne Johnnie komt foar har op. As nei allerhande strideraasje de band wer spylje sil, komt der reek út de boxen, sadat elkenien yn panyk fan it toaniel giet. Allinne Gina net, dy sit noch op har stoel te dreamen, oant deselde jongkearel dy’t Linda rôp opkomt en seit dat it no har beurt is foar de audysje. De jongkearel is…Johnnie.

Unwaar yn’e loft

Dizze ienakter hat in tige modern tema: in oannaam bern wol witte wa’t har biologyske âlders binne. Net dat se it by heit en mem net nei’t sin hat, krekt oarsom, se is mâl mei harren dat se der eins net oer begjinne doart. Se besiket om har achtergrûn te witten te kommen fia de bernebeskerming en letter, ek mei help fan heit en mem, slagget dat. Se giet mei har freon nei’t fiere lân dêr’t har roots lizze… mar yn Fryslân wenje heit en mem!

Ooooh….Ketryn..!!

Chris en Bine binne útein set mei in útstjoerburo, mar de saken wolle noch net fleanend. As Chris yn Ingelân kontakten siket, komt Bine har pake op besite. Hy hat foar de ferdivedaasje in bedriuw, mar koe dêr troch sykte in skoft net komme. Syn sekretaresse, Ketryn, besocht de boel geande te hâlden mar driget der ûndertroch te gean. Pake wol no Bine en har suster Anke as direksje yn it bedriuw sette. De froulju wolle net samar nei pake’s piipen dûnsje en beslute as útstjoerkrêften earst mar de kat út’e beam te sjen. Ketryn kriget sawat in oerhaal, as hja fernimt dat Pake in nije direksje boppe har sette wol. Bine ûntfermet har oer Ketryn, mar dan blykt, dat dy de mem is fan har man Chris, dy’t hja mei rûzje de doar wiisd hat. Lokkich komt alles wer goed.

It aksjekomitee

It stik begjint mei it oprjochtsjen fan in aksjekomitee foar it behâld fan’e boekebeam. Al rillegau docht bliken dat de beam gjin haadrol spilet, mar dat minsken fan alle kanten besykje elkoar te sjantearen. Minsken fan de meast útienrinnende types. Tryn -in bekstik, Klaas -in flaaiker, Jan -in wetige wethâlder ensfh. Types dêr’t de taskôgers om laitsje kinne.

Wachtsjend wetter

Hidma ferhuzet nei it bûthûs om tichtby syn siik hynder te wêzen. Hy is widner. Hy hat syn frou en dochter ferlern by in auto-ûngelok. Der binne trije froulju dy’t tige goed op d’âld baas passe, allegear om in oare reden. Mar soan Auke, dy’t jierren lyn -nei rûzje mei syn heit- emigreard is, spilet dêr wol yn mei. Hidma driget syn pleats kwyt te reitsjen oan in projektûntwikkelder. Lit dit no krekt de soan wêze fan de frachtweinsjofeur dy’t syn frou en dochter dea riden hat. Buorman komt alle dagen oan en kriget in slokje; hy is it iens mei Hidma, mar as buorfrou heart hoefolle jild de projektûntwikkelder biedt, giet hy dochs omtrint oerstach. Feedokter Alys besiket Hidma safier te krijen dat er ynsjocht dat it hynder net wer better wurdt. Hidma moat in beslissing nimme, mar nei alle tsjinslach yn’t libben fielt er him as wachtsjend wetter dat de stream net wer krije kin..

De froulju yn ús libben

It stik spilet him yn de earste 2 bedriuwen, op de dei foar Keninginnedei, ôf yn 1970. Yn in studintehûs yn Amsterdam wenje 2 jonges en 4 famkes. Hans is in flierefluiter en Thomas wat bleu. Dan komt de mem fan Hans op besite en om’t Hans syn stúdzjejild feilich stelle wol, ruilje de jonges fan dwaan en litten. Thomas de flierefluiter en Hans de bleue. Hans hat in hasjcake bakt en der ûntsteane frjemde tafrielen tusken mem en de hospita, nei it priuwen fan de cake.
It 3e bedriuw spilet 20 jier letter. Hans is deeglik troud en hat in dochter, dy’t no yn datselde studintehûs wenje sil en it is wer de dei foar Keninginnedei. Dêr moetet hy Thomas, dy’t sjirurch wurden is, ryk en in fanatyk rokkejager. Der ûntstiet in komyske konfrontaasje tusken de beide mannen. In aardich, hjoeddeisk stik.

De goate

“Pension de Goate” in opfanghûs foar dak- en thúsleazen hat 4 bewenners. Alle bewenners ha har eigen spesifike eftergrûn:
1. in oan legerwâl rekke akteur
2. in wat âlder hoerke
3. in “junk”, dy’t dakleazenkranten ferkeapet, mar eins graach skriuwer wêze woe
4. in swalkster, dy’t har besit yn in winkelkarke hat en in pop as har bern behandelt.
It pension wurdt laat troch Toos, in wat autoritêre frou mei in hert fan goud. Fan in frijwillichster, Pien, dy’t yn it pension wurket, docht letter bliken dat sy research docht foar in rol as swalkster yn in t.v. soap-searje.
Mei help fan it bestimmingsplan besiket de buert, yn’e persoan fan in buorfrou, it pension ta evakuaasje te twingen. Dan kriget Pien de rol yn de soapsearje. De bewenners krije elk in by har passende taak yn’e begelieding fan it nije talint: “Pension de Goate” wurdt “Impressariaat de Goate” en mei yn de buert bliuwe.

Blau-Oranje Rottweilers

Yn in studintehûs wenje 4 minsken. As it stik begjint komt Helène deryn, in nije bewenster. Se kriget de keamer fan Marije. Marije spilet in grutte rol, mar jo komme har net te sjen. De ferhâlding tusken dizze 4 minsken is in leafde-hate ferhâlding. De persoanen wurde hjirtroch dúdlik foar it publyk; jo witte gau wa’t wa is en hoe sy of hy ynelkoar stekt. Bgl. Martin sit bot mei himsels yn’e knoop en fynt gjin oplossing. Nick is in fantast, schrizofreen hast, betinkt in ferhaal foar Helène oer syn djoere hûnen, Rottweilers. Kim is frij naturel en Helène besiket in eigen plakje te finen. Oan de ein fan it stik hat se frede sluten mei har heit en wol him wol wer moetsje.
In tige nijsgjirrich stik.

Oan’t nei de fakânsje

It stik spilet him ôf yn de leararekeamer fan de Cull-Loomis skoalle yn Cambridge, in skoalle mei in oplieding Ingelsk foar net-Ingelsktaligen. De tiid is begjin jierren sechtich. St. John Quartermaine is de âldste fan it leararekorps en wurdt de lêste tiid wat ferjitlik. Bytiden wit er nammen fan kollega’s net mear, ferjit er les te jaan en falt gauris yn sliep yn’e leararekeamer. Ek de soargen en drokten fan syn jongere kollega’s geane oan him foarby. Boppedat giet it it lêste jier net sa goed mei de skoalle, de kosten fan de ferbouwing wiene wat oan de hege kant en der binne te min nije ynskriuwingen. De jongste learaar dy’t krekt begong is, Derek Meadle kin net iens in fêste oanstelling krije. As nei de fakânsje alle leararen werom komme hat elk syn aventoeren, mar Quartermaine hat neat belibbe, is de hiele tiid thúsbleaun. It lêste tafriel spilet him ôf foar de Krystdagen. De âld direkteur is krekt ferstoarn en it is tiid foar feroarings. Der fynt in wikseling plak en Quartermaine wurdt de wacht oansein om’t er net mear funksjonearret. Iensum bliuwt er achter yn’e leararekeamer wylst alle oare kollega’s sizze: “Oant nei de fakânsje”.

Mem sil yn saken

In mem mei twa dochters. Mem kin in goede opdracht brûke, want sy is krekt in reklameburo begûn. Dan komt de direktrise fan in útjouwerij fan tiidskriften op besite, as de beide dochters thús binne; mem ôfgryslik senuweftich, se wol graach wurk ha. De direktrise komt yn in Ferrari-sportauto en de jongste dochter pikt stiekem de kaikes en makket in ritsje. Mar se wit net, dat der al in skeaplakje op de auto sit en sadwaande tinkt se dat sy it dien hat, wylst se in boadskipke die. Enfin, panyk. Se lit it skeaplak meitsje en mem docht alle war om de direktrise har fuortgean út te stellen. It komt allegear wer goed en mem kriget har opdracht. In leuk stikje foar in fleurige ienakter-jûn.

Aju paraplu

Man wol mei help fan it houliksburo in frou sykje. Hy komt troch de ferkearde doar en stiet yn in romte dêr’t paraplu’s te keap binne. Yn dizze romte lizze gjin paraplu’s. Omdat it wurd frou én paraplu net útsprutsen wurdt, prate de manlju oer 2 ferskillende dingen en ûnderwerpen. Dit leveret hiele aardige en komyske opmerkings op.

Fakânsje yn Aldegea

Durk en Trynke Túnier ha fia in advertinsje in fakânsjewenning hierd yn Aldegea. By it fakânsjehûs oankommen, leit de kaai net op it ôfsprutsen plak en der is nimmen. Uteinlik komme se troch de efterdoar, dy’t los stiet dochs yn de wenning, dêr’t se miene rjocht op te hawwen. Der binne lykwols dingen dy’t net doge. De advertinsje wurdt der nochris byhelle en ek de ôfkoartingen wurde foarlêzen. Der wurdt besluten om te bliuwen as de kaaien fûn wurde. Der ûntsteane brike situaasjes as de plysje ferskynt, dy’t troch de buorfrou warskôge is. Foaral as der in portefueille fûn wurdt dy’t fan de bewenner fan it hûs is.
Dy bewenners, Halbe en Doete Broekman, binne tige hastich op reis gien nei Spanje. Underweis blykt dat se sûnder jild en paieren sitte. Thúskommen skrikke se nochris, want wa binne de fakânsje fierders yn harren hûs? As úteinlik blykt dat Durk en Trynke yn it oare Aldegea in fakânsjewenning hierd ha, drinke se earst mar in bakje kofje en sil Halbe harren te plak bringe. In fleurige ienakter.