Nije buorlju

De nije buorlju fan in troud pear meitsje nochal wat leven. De man wit fuortdaliks: de nije buorlju doge net. De rede fan syn frou en ek it tragyske ferhaal fan de nije buorfrou feroarje him net.
Hy bliuwt ûnferdraachsum en fol foaroardielen: in planke foar de kop.

www.deplof.nl

Troch in televyzjeútstjoering kriget, it doarp Wytsjerk, ynienen grutte bekendheid. Mar de tarin fan toeristen giet net alhiel sûnder swierrichheden. Bouke Sinnema, eigner fan hotel “De Plof”, krijt it sa drok, dat er in sekretaresse yn tsjinst nimme wol. Syn frou Eke, fielt mear foar de oanskaf fan in kompjûter. En dus komt der in kompjûter. No is dejinge dy’t de kompjûter ynstallearjen komt, tafallich in kreas, jong frommeske. Sa krijt Bouke dochs noch in bytsje syn sin. As men der efter komt, dat je op in kompjûter ek allerhanne spultsjes dwaan kinne, dan komme se goed los yn “De Plof”. Mar wa kin der eins goed mei in kompjûter oerwei?

In kening fan neat

Oer in kening mei twa keninginnen, dy’t syn lân kwyt is. De kening en de keninginnen sykje ûnder de grûn en komme mei fan alles boppe. De kening makket himsels in soad wiis en komt der pas op it ein efter dat de leafde wichtiger is as besit.
In tige boartlik stik, wer yn de fûnsten en it byld like wichtich is as de tekst.
Spile troch Tryater yn 2001.

De kwestje Jellema

It spilet yn 1751/52 nei de dea fan Johannis Jellema, ien fan de fjouwer behearders fan it Poptagasthus. It poptagasthus foar allinnesteande alde froulju waard stichte troch de eigner fan Heringastate (is Poptaslot) dr. Hendrikus Popta. ( 3 maaie 1635-1712)
Dizze dr. Popta is al 39 jier wei as bliken docht dat der nochal wat unregelmjittichheden yn de administraasje sitte. Al dy jierren wie Jellema rintmaster en allinne hy hold de boeken by. No docht it bliken dat hy nochal aardich nei himsels ta rekkenje koe.

Tritichtûzen doazen / Dertigduizend dozen

De mem fan Joast hat mar ien dream: draglinemasjinist wurde. Omdat doel te berikken is der mar ien oplossing: sollisitearje. Ast der op in dei de lang ferwachte brief binnenkomt mei de meidieling dat der in plakje frij komme is, is mem alhiel út’e skroeven. Einliks in baan! Einliks ferhúsje! Nei Sliedrecht.
Joast dy net op’e hichte is fan de plannen fan mim, is alhiel ferstuivere. Hy soe de wiide wrâld wol yn wolle, mar dan wol op in momint dat it him it bêste past. Mar om no al te ferhúsjen – sa gau..?
Hoe moat it dan mei Eva, syn freondinne. Dizze tsjinslach komt ek noch ris krekt op it stuit dat er oan it rippetearjen is foar in top tsjien talintenjacht, in elts jier werkommend evenimint om jong muzikaal talint op it spoar te kommen. Joast wol topsjonger wurde en wa de beker wint op’e talintenjacht hat al in goeie stap yn’e rjochting set fan ‘e ‘showbiz’.
De oansteande ferhúsing soarget foar grutte nachtmerjes. Sa ynienen ôfksie nimme moatte fan jins betroude libbentsje blykt dreger te wêzen as min tinkt. As Joast ta syn ferassing de earste priis wint op’e talintenjacht, fiert der noch ien kear feast mei syn klasgenoaten. Sterke troch safolle freonskip lûkt er mei nije moed de wiide wrâld yn. In popster is in wrâldboarger. Sliedrecht here we come!

PS Skreaun en komponearre yn opdracht fan de Afûk, spesjaal foar skoallen. It stik is by de Afûk te keap.

Hoe grutsk wie Pier? / Hoe groot is Pier?

Yn fjouwer grutte sênes (mei lieten en in prolooch fan dolfinen) wurdt it lêste part fertelle fan it libben fan Grutte Pier, de ferneamde Fryske held út it begjin fan de 16e ieu. Pier hat as boer alles ferlern troch omswalkjende, frjemde soldaten. Mei stipe fan de hertoch fan Gelre, wreekt er him no op de fijânnen fan de Fryske frijheid: de Bourgondiers en harren bûngenoaten, de Hollanners.
Yn de earste sêne sjogge we Pier en syn maten op de Sudersee in Hollânsk skip oermasterjen. Finzenen geane oerboard. It famke fan in Frysk ealman (dy’t de kant fan de Bourgondiers keas) byt lykwols bretaal fan har ôf. Sy neamt Pier in seerôver, dy’t net better is as syn fijânnen. Letter, by de haadman fan de Geldersen, sjocht Pier in mysterieusk famke, dy’t Pier lêstige fragen stelt. De Gelders haadman trunnet Pier oan yn Holland te plunderjen. Mar it sied fan de twifel docht syn wurk al.
As de dochter fan in bûngenoat fan Pier tjsin him ferklapt dat har heit in ferrieder is om’t er ek de kant fan de Bourgondiers kieze wol, wit Pier net rjocht mear hoe’t er it hat. Húshâldings wurden útinoar skuord en bûngenoaten lykje like min te betrouwen as fijânnen. Tsjin better witten yn lit Pier him noch ien kear foar it karke fan de hertoch fan Gelre spanne. Foar Fryslân smyt it neat op. Teloarsteld lûkt Pier him werom. Op syn stjerbêd krijt er op’e nij besite fan it mysterieuse famke: sy bliket syn eigen dochter ‘yn syn holle’ te wêzen, dy’t altiten socht hat nei har heit. Ek al hat er neat berikt, sy wit dat er dreaun waard troch leafde foar syn minsken, syn lân en foar de frijheid.
De mear earnstige tema’s yn dit stik wurde troch û. o. de dolfinen, de seelju, in nar en ek de famkes tsjinoer Pier ôfwikselle mei humor en in soad aksje.
Jongesrollen kinne ek troch famkes spile wurde. Foar bern fan acht oan’t fjirtjin.
Oarspronklik heal yn it Frysk, heal yn it Nederlânsk skreaun. Om’t er ek in Nederlânsktalige ferzy is soe men it stik TWATILICH spylje kinne (bygelyks Pier en syn maten plus de famkes Frysk, de rest yn it Nederlânsk).

Allinne út leafde

Barbara en Peter binne lokkich troud. De dei dat harren jonkje Billy berne wurdt feroaret it libben dramatysk. Billy hat in slimme spiersykte en sil nei in protte lijen jong stjerre. De âlden kinne dit net oansjen en sykje help by de dokters foar eutanasy, mar net ien wol helpe. Dan beslút Peter om it sels te dwaan, as Billy ferstoarn is jout Peter him oan by de plysje. Hy kriget finzenisstraf. As er wer frij komt geane Peter en Anne nei Spanje en besykje opnij te begjinnen. Mar it gelok is foarby. spanning, fertriet en twifels bliuwe, der oer prate slagget net. Yn Spanje krije se noch in famke, Anne, dy’t fan harren foarskiednis neat komt te witten, oant Peter komt te ferstjerren. Dan stiet der samar muoike Helen foar de doar. Sy hat de advertinsje dy’t Anne yn in Nederlânske krante setten hat lêzen en wol witte wat der bard is. Sy hat yn gjin 20 jier kontakt mei Barbara en Peter hân en wit dus ek net dat Anne berne is. De kâns dat Helen fertelle sil wat der foar Anne har berte bard is makket dat Barbara it no tiid fynt om de brief dy’t Peter foar Anna efterlitten hat, oan har lêze te litten.
Foar Anna in swiere slach as se alles oan’e weet komt. Mar ek foar Barbara is it slim om der efter te kommen dat Peter sûnder dat sy it wist troch in pil in ein oan syn libben makke hat. Mar it slimste is wol dat it har dúdlik wurdt dat Peter mei deselde twifel en eangst omrûn as sy en der net oer prate woe om’t er bang wie har sear te dwaan. Anne stiet achter de ideeen fan sawol har heit as har mem, hoe as dy ek binne.
In stik dêr’t in protte problematyk fan dizze tiid besprekber makke wurdt.

Bûnzjen fan boppen

Mathilde Sterkendam, in frijgeselle frou, fersoarget har mem, in rike mar sike frou. Mem makket har kenber trocht te bûnzjen op’e flier. En alle kearen as der bûnze wurdt moat Mathilde opdrave. De oare twa bern bekroadzje har amper om it wol en wee fan mem (Conny) en dochter. Bruno, de soan, is in plastysk sjiruch dy’t ferslave is oan de kokaine. Hy besiket syn mem inkeld om jild te lienen foar syn djoere ferslaving. Eugenie is de frou fan Bruno, mar se wol skiede. Eugenie is ferslave oan drank en besiket har skoanmem inkeld om har beklach te dwaan of om jild te lienen. Mathilde hat noch in suster, Simone. Simone is troud mei Berend Onnes, harren lokkige houlik liket oan klisjees en truttichheid ûnder te gean. De iennige stipe dy’t Mathilde kriget by de fersoarging fan har mem is dy fan de húsdokter, Richard Fausser. Al gau barre der frjemde dingen; Berend Onnes kriget in fataal hertynfrakt- wylst er noait earder hertklachten hie. De húsdokter is der lykwols fan oertsjûge dat it it hert wie. Dan ferstjert de mem fan Mathilde, mar it bûnzjen giet troch. Simone Onnes rydt har dea as gefolch fan stikkene remkabels. De húsdokter liket ferstân te hawwen fan auto’s. In ynspekteur fan plysje – ynspekteur Els Zinger_ hat sa har twifels oer wat der allegear bart by de Sterkendammen. Mar dan sjogge wy hoe’t de foarke yn’e stôk sit. Mathilde en de húsdokter fermoadzje tegearre Eugenie Sterkendam. Mathilde wol op dizze wize oan it jild fan har mem komme, en tagelyk it “bûnzjen yn har holle”stopje. No moat Bruno noch dea. It rint speak en Richard Fausser sjit him dea en daliks komt ynspekteur Els Zinger opdraven. It spul liket nei de ein te rinnen en Mathilde en de húsdokter binne derby. Mar dan neamt de ynspekteur mefrou Sterkendam Mathilde. En Mathilde neamt de ynspekteur Els. It lêste skot falt en Richard Fausser stoart del.
In spannend ferhaal, mei in soad ferrassingen en in hiele ûnferwachte ûntknoping.

Jierdei

Jacobus is troch syn frou ferlitten. syn eks-skoanfamylje komt him lokwinskjen en wol him wat opfleurje en dogge oft der neat te rêden is. Mar Jacobus is fan ’t hynder, hy hat syn gedachten net by de gasten. De gasten krije ûnder elkoar ek noch spul en fine gemiene dingen út. In tillefoangesprek wurdt yn’e keamer ôfharke en om’t Jacobus oantroud is, wolle sy de moaie kast ha, dy’t yn de keamer stiet.
De earste jierdei wer allinne, besite krije fan de eks-skoanfamylje. Fine jo dat wol sa aardich? Elk docht syn bêst der in gesellige jierdei fan te meitsjen, mar slagget dat ek? De situaasje kin dan wolris út’e hân rinne.

Inerlike gaos

Lianne is noch mar in famke as âlden troch in auto-ûngelok om it libben komme. Dit grutte fertriet kin se net ferwurkje. Se slút har alhiel yn harsels op. Dan foarmje der yn har geast persoanen wêr’t se mei praat en har problemen op ôfskowe kin. Lianne kriget it Mear Persoanlikheden Syndroom (MPS). Tusken dizze “ego’s”ûnstiet striid, in mem dy’t it goede fan Lianne sjen lit en Sanne dy’t út lilkens berne is en har as sadanich ek toant. As Lianne har ferkearing útrekket, komt se sa bot yn konflikt mei ferskillende persoanlikheden, dat dit har úteinlik ta selsmoard bringt.
It stik lit sjen en fiele wat der yn de geast fan in mins mei M.P.S. omgiet.
In stik om oer te praten te tinken.

Sterker as goud

Kroechhâldster Tet, net sûn mear, kin har kafee slite foar in soad jild mar sy gunt it bedriuw oan, op har kosten, studearjende neef dy’t tinkt yn de hoareka mear fertsjinje te kinnen. Dat slagget tige; nei sawat twa en in heal jier is hy smoarryk én oan de drank. Elske, dy’t foar Tet soarget en in ynwenjende keunstskilder hiel aardich fynt, trout mei dy neef. Krijt gjin oandacht, it houlik mislearret. De saak nei gichem en it measte jild fuort. De patser, dy’t earder it bedriuw al oernimme woe, hat no alles, mar komt foar de winige doar, benammem troch in poatige útsmiter, dy’t syn freon (altyd) trou bleaun is. Elske stiet wer foar de kar; de keunstskilder of har fan de drank ôfkikte man. In kreauwend stel ( skoppend en skellend) dat ek by’t spul heart, foarmet it komyske elemint yn dit stik.

De krêft fan ús geast

It stik beskriuwt koart mar hiel dúdlik it ferrin fan de 2e wrâldoarloch yn Nederlân, yn it bysûnder de sitewaasje fan de joaden.
It famke Miriam fertelt en ûndergiet. Sy wie in kammeraatske fan Anne Frank.
Hiel geskikt foar jongereintoaniel.

Inkele reis noardpoal

Mefrou Sara hat alle kunde, fan har en har man, útnoege dy’t se net lije mei. It is de bedoeling dat se in nacht oerbliuwe. Alteast dat tinke de gasten. Mar Sara hat yn’e mande mei de butler wat betocht. Se litte de besite leauwe dat der in moard plege is op de skriuwer dy’t komme soe te sprekken. As de tillefoantried stikken blykt te wêzen en de keamersdoar op slot, komme de karakters ynienen hiel skerp út de ferve. Negatyf. Suver triomfantlik en hiel tefreden dat se dizze besite net wer út hoecht te noegjen, lit mefrou de gasten op’e ein ôfsette.

In stille gast

Yn kafee “Chez Durkje” swetst Sjon wakker op oer syn nije rykdom. hy hat nammelik in smoarrike frou troud en dat jout him mooglikheden om mei jild te struien, yn djoere auto’s te riden en yn lúkse te libjen. Durkje, de barfrou, ken Sjon al wat langer as hjoed en lit him moai prate, mar der sit yn it kafee ek noch in klant, dy’t it hiele ferhaal fan Sjon oanheart. De konsternaasje is grut as op’e ein bliken docht wa’t dizze stille en mysterieuze gast is.

Mei de Frânske slach

Bob Kuiper fiert syn jierdei, sadwaande binne hy en syn frou Ellen drok yn’t spier om it túnfeest ta te rieden.
Syn eks-frou jaget de boel lykwols yn’e bulten en it hat der oan dat Bob syn Ellen hâlde sil…

Skytmerakels

In petear ûnder iten tusken man en frou.
Sawat alle foaroardielen en foarmen fan diskriminaasje dy’t der besteane komme op it aljemint.
Moat troch in pear betûfte spilers spile wurde.

In ferhuzing en oare ûngemakken

Rimer en Durkje Koenen keapje in âld, mar foarnaam, hearehûs. It spoeket dêr en it ferhaal giet dat de foarige bewenner dêr syn frou fermoarde hat. Durkje tinkt dat har man apparatuer oanlizze litten hat mei lûden fan stappen, kreakjen en wyn, sadat er har gek ferklearje litte kin. Hy hat nammemtlik in ferhâlding mei syn sekretaresse. Syn frou hat in grut kaptaal en dast soe er wol brûke kinne. It draait út op in seânse dy’t bekentenissen en ophelderingen te weech bringt.

Yn ferbân mei Sophie

As Sophie dy sneon yn augustus har jierdei fiere sil, is se al in skoft net by’t spul. Joast fernimt it wol, mar tinkt dat it komt omdat har heit ferstoarn is en troch de soarch foar har mem. Alex hat sa syn eigen belangen by de betizing fan syn eardere leafde. Syn frou Liesbeth kin har bêste freondinne net berikke. Yn de grutte hal fan har hûs docht Sophie spultsjes mei harsels en it libben. De realiteit fan it deistige libben is foar har sa bedriigjend; se begjint harsels te ferwûnjen. Joast mei dat beslist net witte. Joast net en nimmen net. As dat wol bart, liket it dat se trochdraait. Mar it soe ek wolris oars wêze kinne. It is en bliuwt spannend.

Bergvik

Dit stik spilet him ôf op in buorkerij yn Noarwegen. De oan de drank ferslave eigner, ferûngelokket op in jûn as er nei stêd ta sil. De bedriuwslieder Osmund besiket by de boerinne Gudrun op’e lije side te kommen. Sy fiele wat foarelkoar, wie der opset yn ’t spul by it ûngelok fan de eigner? Osmund hat him as doel stelt te slagjen yn ’t libben, hy is beslist net maklik. Foaral de bern fan Gudrun, soan Erik en dochter Gerd, ha faak konflikten mei him. Marte, de âlde tsjinstfaam, hat har hiele libben yn tsjinst stelt fan de famylje en wit fan elk persoanlik de djippere achtergrûn.
In stik fol spanning, driging en foaral minslike emoasje.

Kreamgymnastyk

Yn in oefensealtsje fan in kreamklinyk sitte 4 froulju en in man te wachtsjen oant de kreamdeskundige tiid hat om mei de kreamgymnastyk te begjinnen. Sjirkje is fierwei de âldste en hat al 7 bern. Siementsje -in typke- is net troud, mar hat trije mooglike heiten foar it bern dat sy ferwachtet. Lesley, dy’t sûnder har man kommen is en Suzan, dy’t mei har man Jelke sit te wachtsjen, ferwachtsje harren earste bern.
De tiid wurd trochbrocht mei petearen oer it krijen en/of hawwen fan bern, oer banen en swart wurk en oer noch in hiel protte saken dy’t sa geandewei oan bod komme. As it Jelke te lang duorret siket hy de kreamdeskundige op, dy’t noch hieltyd by in befalling sit. Sy fertelt Jelke, dat Sjirkje hielendal gjin bern hat en hieltyd besiket om mei te dwaan oan de kursussen. Sjirkje jout ta, dat har libben sa behearske wurd troch it feit, dat sy gjin bern krije kin, dat se fan alles besiket om harsels it gefoel te jaan dat sy dochs in echte frou is. In frou, dy ’t sels superieur is oan oaren, omdat se de tekoartkommingen fan in oar ûntdekke kin. Dat lêste docht yn it foargeande petaer bliken. de oaren bliuwe ferslein efter. Allinnich Siementsje begrypt der neat fan.