Gjin Piet mar pizza

Piet en Bep ha in saak dy’t de lêste tiid net sa goed mear rint. Se binne dan ek út’e skroeven as se hearre dat se de haadpriis yn in lotterij wûn ha: ƒ25.000,-! No hoege se it personiel (Kee en Lodewyk) net dien te jaan, en sille se de saak ferbouwe, der in échte pizzeria fan meitsje. Dan komt harren yn’t sin dat se de suster fan Bep, Riek, noch ƒ 25.000,- skuldich binne. Riek wennet yn Grikelên. Omdat se altyd sein hat dat se net werom komt salang Bep by Piet bliuwt meitsje se harren dêr gjin soargen oer. Fansels komt Riek no krekt werom. Se hat heard dat Bep Piet der útsetten hat. Mar se hat ek noch in oar doel, har sinten, want se sit oan’e grûn. Fan har freon George (Sjors) wurdt ferwachte dat dy de sjarmeur wat úthingje sil tsjin Bep. Bep lit Piet ferdwine en Pedro opdrave as sjefkok. Allegear mei ien doel: mekoar bedonderje om de sinten. As “George”en “Pedro” op in jûn tegearre wat te bot yn’t waar sjoen ha, komme se der achter dat gjinien earlik spul spilet. Mei help fan Lodewyk, de tsjinstfaam en dochter Gina en freondinne wurdt der in plan opsteld om Riek en “George” te sjantearjen sadat Bep en Piet net hoege te beteljen.

Wat bisto leaflik

Hinke Tolsma wennet har hiele libben al op in âld boerespultsje. Hier hoecht se net te betjen, want de âldboer, eigner fan it pleatske, hie yn syn testamint opnimme litten dat se as tank foar trouwe tsjinst it rjocht fan wenjen hie. De erven sitte dêr wol mei, it pleatske kin no net mear frij fan bewenjen ferkocht wurde. De priis is dêrtroch net sa heech en dat laket Doede Rypstra, de swietwarefabrikant, wol ta. Hy keapet it boerspultsje op hânslach! Rypstra wol dalik mar gebrûk meitsje fan it pleatske, want hy siket rêst, mar dy rêst fynt er net! Noch slimmer.. it wurdt slim ûnrêstich om him hinne, Hinke dy’t okkult bejeftige is, makket Rypstra njonkenlytsen sa gek, dat er om fan har nuvere fratsen ôf te kommen it pleatske mar wei jout.
Doede Rypstra keart werom yn de skoat fan syn famylje en Piter Post hat lang om let sukses by Hinke.

Mem skriuwt in boek

Mem hat in foar har dwaan romantysk boek skreaun, mei patetysk taalgebrûk. In bytsje in “braaf” boek dus. Mem is fan plan it oan in útjouwer oan te bieden. Mar har dochters fine it manuskript en ék sy fine it te “braaf” en feroarje stikem wat wurden en sinnen, mar skriuwe der ék in oantal pikante details by. Mem wit hjir neat fan, it boek wurdt goed ûntfongen en sil ek ferfilme wurde. Mem út’skroeven; mar wit sy eins wol om hokker ferzje it giet?

Allinne út leafde

Barbara en Peter binne lokkich troud. De dei dat harren jonkje Billy berne wurdt feroaret it libben dramatysk. Billy hat in slimme spiersykte en sil nei in protte lijen jong stjerre. De âlden kinne dit net oansjen en sykje help by de dokters foar eutanasy, mar net ien wol helpe. Dan beslút Peter om it sels te dwaan, as Billy ferstoarn is jout Peter him oan by de plysje. Hy kriget finzenisstraf. As er wer frij komt geane Peter en Anne nei Spanje en besykje opnij te begjinnen. Mar it gelok is foarby. spanning, fertriet en twifels bliuwe, der oer prate slagget net. Yn Spanje krije se noch in famke, Anne, dy’t fan harren foarskiednis neat komt te witten, oant Peter komt te ferstjerren. Dan stiet der samar muoike Helen foar de doar. Sy hat de advertinsje dy’t Anne yn in Nederlânske krante setten hat lêzen en wol witte wat der bard is. Sy hat yn gjin 20 jier kontakt mei Barbara en Peter hân en wit dus ek net dat Anne berne is. De kâns dat Helen fertelle sil wat der foar Anne har berte bard is makket dat Barbara it no tiid fynt om de brief dy’t Peter foar Anna efterlitten hat, oan har lêze te litten.
Foar Anna in swiere slach as se alles oan’e weet komt. Mar ek foar Barbara is it slim om der efter te kommen dat Peter sûnder dat sy it wist troch in pil in ein oan syn libben makke hat. Mar it slimste is wol dat it har dúdlik wurdt dat Peter mei deselde twifel en eangst omrûn as sy en der net oer prate woe om’t er bang wie har sear te dwaan. Anne stiet achter de ideeen fan sawol har heit as har mem, hoe as dy ek binne.
In stik dêr’t in protte problematyk fan dizze tiid besprekber makke wurdt.

Bûnzjen fan boppen

Mathilde Sterkendam, in frijgeselle frou, fersoarget har mem, in rike mar sike frou. Mem makket har kenber trocht te bûnzjen op’e flier. En alle kearen as der bûnze wurdt moat Mathilde opdrave. De oare twa bern bekroadzje har amper om it wol en wee fan mem (Conny) en dochter. Bruno, de soan, is in plastysk sjiruch dy’t ferslave is oan de kokaine. Hy besiket syn mem inkeld om jild te lienen foar syn djoere ferslaving. Eugenie is de frou fan Bruno, mar se wol skiede. Eugenie is ferslave oan drank en besiket har skoanmem inkeld om har beklach te dwaan of om jild te lienen. Mathilde hat noch in suster, Simone. Simone is troud mei Berend Onnes, harren lokkige houlik liket oan klisjees en truttichheid ûnder te gean. De iennige stipe dy’t Mathilde kriget by de fersoarging fan har mem is dy fan de húsdokter, Richard Fausser. Al gau barre der frjemde dingen; Berend Onnes kriget in fataal hertynfrakt- wylst er noait earder hertklachten hie. De húsdokter is der lykwols fan oertsjûge dat it it hert wie. Dan ferstjert de mem fan Mathilde, mar it bûnzjen giet troch. Simone Onnes rydt har dea as gefolch fan stikkene remkabels. De húsdokter liket ferstân te hawwen fan auto’s. In ynspekteur fan plysje – ynspekteur Els Zinger_ hat sa har twifels oer wat der allegear bart by de Sterkendammen. Mar dan sjogge wy hoe’t de foarke yn’e stôk sit. Mathilde en de húsdokter fermoadzje tegearre Eugenie Sterkendam. Mathilde wol op dizze wize oan it jild fan har mem komme, en tagelyk it “bûnzjen yn har holle”stopje. No moat Bruno noch dea. It rint speak en Richard Fausser sjit him dea en daliks komt ynspekteur Els Zinger opdraven. It spul liket nei de ein te rinnen en Mathilde en de húsdokter binne derby. Mar dan neamt de ynspekteur mefrou Sterkendam Mathilde. En Mathilde neamt de ynspekteur Els. It lêste skot falt en Richard Fausser stoart del.
In spannend ferhaal, mei in soad ferrassingen en in hiele ûnferwachte ûntknoping.

Jierdei

Jacobus is troch syn frou ferlitten. syn eks-skoanfamylje komt him lokwinskjen en wol him wat opfleurje en dogge oft der neat te rêden is. Mar Jacobus is fan ’t hynder, hy hat syn gedachten net by de gasten. De gasten krije ûnder elkoar ek noch spul en fine gemiene dingen út. In tillefoangesprek wurdt yn’e keamer ôfharke en om’t Jacobus oantroud is, wolle sy de moaie kast ha, dy’t yn de keamer stiet.
De earste jierdei wer allinne, besite krije fan de eks-skoanfamylje. Fine jo dat wol sa aardich? Elk docht syn bêst der in gesellige jierdei fan te meitsjen, mar slagget dat ek? De situaasje kin dan wolris út’e hân rinne.

Mem Koeraazje en har bêrn

Dit stik giet oer mem Koeraazje, dy’t mei har bern yn de tritich – jierrige oarloch rún reizget mei har wein. Sy libbet fan de oarloch, om’t sy spullen út har wein ferkeapet. Se hatet de oarloch, mar oan de oare kant hat se de oarloch nedich om te oerlibjen.

Min oer jins ferlies kinne

In man, krekt yn’e VUT, libbet allinnich. Op dizze dei wachtet er op syn freon dy’t geregeld by him komt te damjen. Tidens it wachtsjen gean syn tinzen werom nei it ferline. Tegearre mei syn kanarje bewennet hy in flat fan in wenninboubedriuw. As de belle giet en hy tinkt dat it syn dammaat en âldkollega Kerst is, blykt it de man fan de jierlikse kachelkontrôle te wêzen.
Hingjend yn syn ferline begjint er tjin dizze kontroleur te fertellen oer syn eks-frou, harren bern, oer syn kollega en syn wurk fan eartiids.
De kachelman heart dit oan op in wize fan “no ja, lit mar”.
In goedens en ûnderdanigens wrakselt dizze iensume man nei syn ein.

De gokkast

Timen Feitsma is boer en widner. Hy hat it spul ferkocht en is no riik, mar iensum. Troch in bedriuw hat er in gokkast (fruitautomaat) yn syn wenkeamer sette litten. Dêr fergriemt er no syn jild mei. Syn dochter Tine fynt it mar neat. Heit fertuteazget hielendal en boppedat is se stikum bang dat er net folle mear oerbliuwt as heit der op in dei net mear is.
Yn Lolle, in jonge fan 25 jier dy’t de gokkast leechhelle moat, fynt se in meistânner. Hoewol’t er der sels syn brea mei fertsjinnet fynt Lolle it dochs wol sneu dat de âld baas sa syn sinten fuortsmyt. Tine en Lolle meitsje in plan om heit oan in nije frou te helpen, mar dêr wol Timen yn it earst net folle fan witte. As bliket dat der by dy ’tante Margriet flink wat modder oan ‘e kloet sit’, feroaret dat de saak.

Nei de rein

Yn 12 sênes sjogge wy acht minsken dy’t wurksum binne by in supermodern bedriuw mei 49 etaazjes yn de finansjele wrâld. It hat al twa jier net reind. De minsken steane letterlik en figuerlik droech. It stik spilet him ôf yn’e takomst, dy’t tichtby is. Smoken is ferbean. Alles is sa oerorganisearre, dat der allinnich noch mar romte is foar ‘efficiency’ en rasjonaliteit. In op hol sleine maatskippy, dêr’t wurkjen de noarm wurden is en de minsken ûndergeskikt makke binne.
Dizze acht personaasjes binne eins noch in bytsje ‘minsklike’ minsken. Alhoewol.., betiden liket it der op dat se ek in slach mei de moalpûde hân hawwe. Geregeld flechtsje se it dak op om te ûntkommen oan de druk fan it bedriuw. Dêr smoke se stikem mei inoar en ûntsteane der pratendewei alderlei yntriges. Sa no en dan blykt in sêne mear in dream as wurklikheid te wêzen.
Hoe hâldt in minske him steande as de wrâld hieltyd hurder draait? Op it ein begjint it te reinen en te wjerljochtsjen en elk naait op syn eigen wize út, op syk nei in nije, oare takomst – nei de rein.
In postmoderne klucht fan in Spaanske (Katalaanske) skriuwer (oerset út it Nederlânsk).

De stille besoarger

Yn in romte sûnder rúten sitte twa manlju te wachtsjen. De iene leit op bêd en besiket de krante te lêzen, wylst de oare ûnwennich hin en wer keutelt om’t er tee sette wol, mar him hieltiid oare tinzen yn’e kop sjitte. De man op bêd, Ben, fynt al dat freegjen tige ferfelend: syn maat Gus moat de kop derby hâlde, want se hawwe aanst ‘in put’ te dwaan. Stadichoan begrypt de taskôger dat we te krijen hawwe mei twa hiermoardners dy’t wachtsje op in nije opdracht. De krekte omstânnichheden wurden lykwols net dúdlik. Net foar de twa manlju, mar ek net foar de taskôger: wa is krekt dy Wilson (de man dy’t de opdrachten skynt te jaan)? Wa is it takomstich slachtoffer? Wer binne se eins? Wer binne se krekt bang foar? Dat lêste wurdt foar in part wol dúdlik: se hawwe eangst foar it ûnbekende.
Dy eangst wurdt noch grutter – en foar de taskôger ek hilarischer – as der fia in lytse frachtlift it iene nei it oare ûnmooglike fersyk om iten komt. De manlju tinke dat se oan dy fersyken foldwaan moatte, mar witte net hoe. Dan komt yn it lêst DE opdracht op in briefke. De twa kontrolearje harren revolvers. Gus wol noch efkes nei it hûske, mar in tel letter is hy it dy, ferdwaasd en sûnder revolver, troch de doar komt, dêr wêr’t Ben it slachtoffer ferwachtet…
In tige nijsgjirriche ‘klasiker’ út it moderne wrâldrepertoire.

De jongen yn’e bus

Om’t hjoed syn jierdei is, noeget in man de taskôgers út by him yn de bus te komen. Sa gau as de taskôgers binnen binne, fertelt de man harren dat er gek is. Hy fertelt harren hoe’t komt. It docht bliken dat er de stim fan syn mem heart. Sterker noch, sy ferkynt hieltyd, mar oaren sjogge har net.
It moaiste is, as dit stik echt yn in bus spyle wurdt.

Om Eleonor

Trije suskes lizze op bêd. Se kinne net sliepe. Op in stuit beslút de âldste foar te lêzen út in boek. Se hat noch mar in pear sinnen lêzen of de famkes begjinne te fantasearjen oer wat se krekt lêzen ha. Se bringe inoar hieltyd op nije ideeën. Se geane deryn safier, dat de taskôger him úteinlik ôffreget of it no fantasy is of dat de famkes oer harren eigen libben fertelle.
It stik kin spile wurde foar en troch jongerein fanôf in jier of santjin.
NB Dizze Fryske ferzy is it earste (en grutste) part fan in bewurking troch it toanielselskip ‘Mug met de Gouden Tand’ fan in roman fan Virginia Woolf, ‘The years’.
By dit selskip lizze ek de rjochten.

Stikje koarter

Op it plattelân yn Fryslân wurkje twa froulju yn in kapsalon. Se hawwe fêste klanten en fjouwer fan harren sjogge we op fjouwer ferskillende mominten fan it jier: St. Maarten, Kryst, Alvestêdentocht en Peaske.
De kapsters en de klanten binne allegear dwaande mei it selde tema: bern. It al of net krijen/wollen fan bern en it opfieden fan bern.
Elk hat hjir har eigen opfetting oer en giet der op har eigen wize mei om. Ek spilet de man/frou relaasje in wichtige rol.
In stik mei humor en in protte werkenberens.

It lytse fertriet fan Sylvain Odeurs

Silvain Odeurs komt thús nei de begraffenis fan syn frou. It wie in moaie begraffenis. Menear pastoar hat it hiel moai sein. En hy sels hat him goed hâlden, fynt er. Marie-Claire kin tefreden wêze oer it mantjse.
En no is er foar’t earst sûnt syn trouwen allinne yn it hûs. Hy docht oars net as oantinkens ophelje oan de jierren dy’t er mei har belibbe hat. Dat se noait bern hân ha (miskein mar goed ek, sy mei har migrêne en har astma) en dat se nei Hannibal, de hûn dy’t er al hie foar syn trouwen, noait wer bisten hân ha, en dat er no faaks wer te biljerten kin, mei Pros, syn grutte freon… Fansels is er fertrietlik en it slimste moat noch komme, seine se. De iensumen. Mar dêr is grif wat op te finen, neffens Pros. Pros fynt altyd oeral wat op..
Dizze monolooch waard skreaun foar de IKON/BRT-televyzje en is yn 1990 yn Nederlân en België útsjtoerd. It is in heal tryst, heal komysk relaas, dêr’t Flaamske skriuwers it patint op lykje te hawwen.

Biedermann en de brânstichters

Biederman is in boarger dy’t yn in stêd wennet wêr’t de lêste tiid in soad brânnen stichte wurde. Eltsenien yn ‘e stêd is deadsbenaud foar de brânstichters. Ut foarsoarch hat Biedermann tsjin it tsjinstfanke Anne sein dat der gjin fremden yn’e hûs komme meie. Dan is der in swalker oan’e doar. It is sa’n glêde prater dat Biedermann sels him net sa gau fuort krijt. Hy jout de man wat iten yn’e hoop dat er dan wer útnaait. Mar de swalker, in grutte kearel mei de namme Schmitz, wit er sa yn om te praten dat hy ek sliepen bliuwe kin. Schmitz bliuwt langer dan dy iene nacht en stadichoan wennet hy hast op ‘e souder. Op in goei dei komt syn freon Eisenring ek samar op ‘e souder sliepen. Tegeare prate se der sa yn om dat Biedermann yn syn eigen hûs neat meat te sizzen hat. Sa kinne se rêstich benzinefetten de souder oprôlje..! Biedermann sitet der allinnich mar wat by te laitsjen; hy sjocht it as in grap en wol it gefaar net leauwe. Dochs wurde hy en syn frou Babette hieltyd senuweftiger. Biedermann wol de mannen perfoarst te freon hâlde; dan sille se him neat dwaan, tinkt er. Hy noeget harren út foar in diner. By it iten freegje de twa swalkers Biedermann sels om lucifers. Babette warskôget har man noch: jou har gjin lucifers! Mar hy seit: “As it echte brânstichters binne dan hawwe se wol lucifers by har.” As de mannen fuort binne brekt der brân út. Biedermann stiet der by en sjocht der nei.
It stik is in soart fan parabel oer de opkomst fan it fascisme: hoe koe it barre dat de gewoane boargers de fascisten, dy’t by eintsjebeslút de hiele wrâld yn’e brân stutsen, harren gewurde lieten? Lykwols is it stik noch hieltyd tige tapaslik. It hat de úterlike foarm fan in trageedzje, mei in koar fan spuitmannen, dy’t Biedermann warskôge en him freegje wat er docht. Mar troch it healwize gedrach fan Biedermann en it slûchslimme gedrach fan de twa swalkers komme yn it stik ek in soad komyske eleminten foar.

Hanenbuert

Twa manlju lizze yn it sikehús mei deselde kwaal: polipen yn de blaas. Jochem Akkerman is in boer dy’t der mar net ta komme kin syn buorkjen oer te jaan: hij is boer want dat is hy en dat wol hy bliuwe. Hubertus de Leeuw is in breakriuwer dy’t syn hiele libben beslút nei beslút nommen hat. Yn it earstoan is Jochem slim ûnnwennich yn ti sikehús, mar troch de operaasje, it aonfiterjen troch Hubertus en de ûnferwachte achtergrûn fan de Antilliaanske ferpleechster kin er beslute syn pleats op te jaan.
Humoristysk folkstoaniel mei rollen dêr’t goed byt oan sit.

It testamint

Pake sil, neidat se mei-inoar iten ha, útlis jaan oer de feroaringen yn syn testamint. syn bern en bernsbern binne oanwêzich en fansels ek syn nije freondinne! De boekhâlder moast alle besittingen/oandielen op papier sette, hy is fan Pake net gewaar wurden wat hjirfan de bedoeling wie. Ek de broer fan Pake mei syn dochter sil tsjûge wêze fan de útlis fan it testamint. Foardat it safier is geane Pake en syn jonge freondinne tegearre noch efkes nei boppen. En wat dêr bart… Yn ’t neifolgjende spul sjogge wy Pake ûnder oan’e trep lizzen. Hy is dea. En wa is de dieder, wat is de oarsaak. Is it fergiftiging? Der binne minsken mislik wurden nei it iten fan de paté. Faaks in hertoanfal? Rûzje mei Trude? Of freget syn jonge freondinne tefolle fan syn âlde lichem? It is ek mooglik dat de freandinne bekend hat dat se net fan him hâldt mar allinne om it jild mei him giet! Hat de boekhâlder faaks yn de boeken knoeit en draait soks op rûzje út? Ien triuwke is faaks genôch; dan is it moard! En wat bart der tusken Pake en pakesizzer, in ûnnoazel fanke, dy’t noch och sa boartlik is en graach tikboartsje wol. Is sy de dieder? Wy sjogge koarte sênes weryn alle mooglikheden útspile wurde.
In útdaging om te spyljen.