Mem

It draait yn Mem allegeare om Anna Fierling. Dizze mem reizget as merketintster achter de legers oan. De oarloch is harren breahear. Troch de hannel kin se har trije bern yn libben hâlde. mar dyselde oarloch nimt har bern ek by har wei. In koart gegeven mei in soad ynhâld: in frou dy’t wurket foar har bern, ta skea foar har bern.

Alles út (The full Monty)

Alles Ut spilet him ôf yn Sheffield, eartiids in brûzjende stêd fan de stiel-yndustry, mar no’t de yndustry fuort is, in stêd mei grutte wurkleazens. De arbeiders steane yn ‘e rige foar in útkearing. As de manlju lykwols sjogge hoe’t de froulju flink jild deltelle om in stripper yn aksje te sjen komme se op in idee. Wat dy keardel kin, dat kinne sy better.

SC. Hearrenfean en de fûkemoard

De famylje Heidinga (heit, mem, soan, dochter) hat it dit wykein tige drok, omdat de seleksje fan SC. Hearrenfean op harren kamping in trainingskamp hâldt ûnder lieding fan de nije Italiaanske trainer Ravioli. Wy sjogge en hearre hoe’t der traind wurdt… en wat docht de nije haptonoom? Doping?
Kampingbaas Heidinga is drok dwaande mei de tarieding fan de feestjûn foar seleksje, bestjoer, sponsers en supporters. Dochter Klaske is fereale op Sybe Sytse, it Fryske talint yn de seleksje. Hja kin ek tige sjonge en sy sil meidwaan oan de Fryske “Idols” ferkiezing op ’e feestjûn.
Mar dan skrikt elts tige! Beropsfisker Pier fynt in jonge frou (Moniek, it model fan de keunstskilder Teake) yn syn ielfûke. Hja is fermoarde! Troch… Sjoerd (de soan)? …of in fuotballer?… in kampinggast?…of, de keunstskilder? (dy’t tichteby yn syn arke wennet)…. of Pier sels, (fereale op Moniek). En hokker rol spilet Pytsje Privee, de nei sensaasje sykjende sjoernalist?
Resjersjeur Donker ûntdekt nei treflik speurwurk it motyf en slacht de dieder yn in hektyske sêne yn ’e boeien.Dan kin de feestjûn begjinne!
Humor, sport, sensaasje, spanning, muzyk, leafde! Al dizze saken út it hjoeddeiske libben komme oan ’e oarder yn dit spektakelstik.

Mei alle geweld

It hingplak wurdt yn beslach naam troch jongelju mei de namme Dangerous Devils. Se drage allegearre in wyt petsje mei de inisjalen D.D. Mei harren machogedrach foarmje se in obstakel foar minsken en bern yn de omkriten. Foaral Geart gedraacht him as in diktator mei sadistyske ynfallen. It bankje wurdt faak brûkt troch in swerfster, Miss Duffy. Sy is faak it doel fan pesterijen foar de Dangerous Devils. Mar Miss Muffy reagearret der net op en troch dizze hâlding makket Geart him hieltyd lilker. Op in jûn ûntstiet der in wrakseling tusken Geart en Miss Muffy mei fatale gefolgen foar Miss Muffy.

Grut dessert

Fiif froulju tusken 25 en 45 jier komme by elkoar op útnoeging fan May. Se ha elkoar noch nea earder sjoen. May wol harren neat fertelle oer it hoe en wêrom fan de útnoeging. Der komt in rûntsje om mei elkoar yn de kunde te kommen en it sekslibben wurdt bepraat. De gastfrou begjint mei in spultsje mei de namme Wierheid as Doarre. De man wurdt besprutsen. Dan docht bliken dat sy allegearre deselde man Leon ha! It neigesetsje oan it ein fan it stik is de grutste ferrassing.

Sykje om suske

´Sykje om suske´ is in famyljefoarstelling foar jong en âld, mei in protte humor en fantasy, wêryn’t dream en wurklikheid inoar ôfwikselje. It lit de syktocht sjen fan in jong famke nei it bestean fan in ûnbekend suske.
Dêrfoar moat se it geheimsinnige ferline fan har heit útplúzje. De sjaal fan beppe wiist har it paad. By de eigenwize tantes Ditsje en Datsje is it wol gesellich, mar as it om de minnares fan har heit giet sitte se Suske mear dwers as dat se har helpe.
Likegoed komt se de mysterieuze Madame Conivera op it spoar, dy’t – dêr is Suske fan oertsjûge – Suskes suske gefangen hâldt. It liket as sil de ynferkearde, mar djip fertrietige húsbaas, de hear Sûnderfrou, de boel yn de bulten jeie, mar gelokkich komt der help út in ûnferwachtse hoeke. Alles rint goed ôf, mar wol hiel oars as Suske tocht hie.
Suske do bist myn suske giet oer it langstme nei in lotsgenoat, nei selsstannichheid, mar ek oer de winsk om te ûntsnappen oan de deistige wurklikheid.

Yn it skaad fan de delling

In folksaardich stik mei in ienfâldige plot. In swalker kloppet jûns oan by in iensume buorkerij. De frou (Nora) noeget him der yn. Se fertelt dat har man krekt ferstoarn is. Hy leit noch ûnder in wyt lekken yn de keamer. Noar freget de swalker om even de wacht te hâlden sadat sy in jonge skieppehoeder helje kin om har te helpen. sy is de doar noch net út of it lyk riist oerein en begjint in tirade tsjin syn wiif: se hat him allang dea ha wold om der dan fan troch te gean mei de skieppehoeder. Hy behellet de swalker yn it komplot om de frou ôf te straffen. As Nora mei har Michael werom komt springt de man fan it bêd ôf en reaget syn frou de doar út en jaget de swalker der efteroan. Dan drinkt hy mei de skieppehoeder noch in whisky.

Ierdbeien mei slachreamme

Twa susters, Mary en Hester ha besletten om harren deade heit yn de djipfries te bewarjen y.f.m jild wat der foar harren frijkomt nei fjouwer moanne. As de fjouwer moannen om binne wurdt dokter belle. Spitigernôch is it in nije dokter. Hy wol ûndersykje litte hoe de âld man oan syn ein kommen is. Ut it ûndersyk docht bliken dat de man as lêste iten ierdbeien mei slachreamme iten hat en dus komt de moard út.

Lêste reis

Fjouwer minsken binne foar in koarte fakânsje yn ien húske op Ibiza. It iene pear wurdt foarme troch in bekende akteur en syn frou. Sy hat har altyd skikt nei syn libben. It houlik fan it oare pear wie sa goed as oer, mar sy ha elkoar yn in “bange”sitewaasje yn it fleantúch opnij de leafde ferklearre. Hy is realistysk, sy wat neuroatysk. Tragi-komyske en komysk-tragyske foarfallen wikselje elkoar ôf yn it fakânsjehûs. It stik spilet yn de tiid flak nei de moard op Pim Fortuyn.

Mosken en swannen

Twa stellen moetsje elkoar op in wat dizenich feestje. Corine en Rick libje sûnder soargen en hawwe in iepen houlik. Se ha der foar keazen om iepen kaart te spyljen oer harren eskapades. Aram en Esther lykje yn alles in tsjinpoal te wêzen ta it oare stel: folle swiermoediger fan aard libje se tegearre mei de bedoeling om elkoar te beskermjen en elkoar foaral gjin fertriet te dwaan. Mar dan docht bliken dat der ek yn in iepen houlik jaloerskens libbet.

To, no do

Jarich Jansma giet yn ‘e Vut. Wat er no mei syn frije tiid dwaan sil, sjocht er noch net sa sitten.
Syn frou hat yn de tiid dat er yn it bûtlân wie, it hûs ynrjochtsje litten as in restaurant.
Bûten syn witen om. Alles is al regele en de boargemaster komt om it te iepenjen. To hat altyd klear stien foar har man en no komt har tiid (fynt se).
To hat saken dien mei de pleatslike griente- en blommeman. Ek mei de útbater fan Hotel fan Smelne, Maam, no hat dy hiele oare plannen. Hy spilet ûnder ien huodsje mei de griente- en blomkeman, sy sille To dwers sitte en oan’e oare kant moai waar spylje. Rêdt To it net en giet falliet, dan ha sy de hiele streek huzen foar de ferkeap oan in grutte supermerk.
Nei alderhande tûkelteammen blykt dat To de saken goed foar elkoar hat. De saak rint goed en Jarich sollisitearret foar kok yn “Oare Kost”.

Kafee De brette hoanne

Keimpe en Antsje Monsma hawwe it kafee ‘De brette hoanne’oernommen fan Keimpe syn heit, mar it rint net. Der komme wat fêste klanten en dy sitte lang oan in bakje kofje en inkeld in slokje en fakentiden ek noch op ‘e pof. Dat it sa net goed komt, kin men fan tinken wol ha… de kriminele Haantjes krijt der lucht fan en komt lâns mei syn freondinne yn de striid Natasja. Hy wol der in soarte fan diskobar fan meitsje mei in moai frommis achter de taap, mar Antsje trapet dêr net yn! Gerryt de heit fan Keimpe en eardere eigner is ien en oar lang net nei ’t sin. Hy stjoerd Keimpe nei de Horekafakbeurs yn Amsterdam om kennis op te dwaan. Underwilens spylje him alderlei tafrielen ôf yn it kafee. Tette bygelyks siket treast yn De brette hoanne, hy is syn Turkse frou en húshâlding ûntflechte. Jeep in stofsûgerfertsjinwurdiger is syn frou net altyd trou. Op ’t lêst is der in heimsinnige Fransiske dy’t in wichtige rol spilet yn it gehiel! It docht bliken dat de saak ferkocht is, mar oan wa? Pas oan de ein fan it tredde bedriuw komme de keallen út it hok, mar hoe?
Moaie typkes.

Muoike Ada út Nevada

Lamkje en Ada, twa wat karakters en wat úterlik oangiet hiel ferskate twillingsuskes. Se hawwe elkoar yn 25 jier net sjoen. Ada is 25 jier lyn mei in hiel minslik ûngemakje ôfreizge nei Amearika…,mar ynienen stiet se mei har hiele ynventaris by Lamkje op’e stoepe…, foar in koarte fakânsje mei men oannimme, mar it docht bliken, dat se foar altyd bliuwe wol yn har âlderlik hûs, spitigernôch, want Ada past net mear yn it feilige mar lytsboargerlike fermidden. In geitebok sneuvelt troch har colt en in fuotbalfjild wurdt troch har omploege. Koartwei sein de wrâld wurdt yn it doarpke op’e kop set troch har. Elkenien wol har de doar útsjen en dat slagget úteinlik ek wol. Mar Lamkje moat earst al in offer bringe, in moai offer meie wy wol sizze…, like moai as dizze sjarmante komeedzje.

Don Ton

Kees in jonge boer, hat it wol sjoen yn Fryslân en wol emigrearje. As dizze plannen, dy ’t oant no ta allinnich noch mar bekend binne by him en syn frou Yvonne, útlekke binne de rapen gear. Want suster Carla wachtet al jierren op in houliksoansyk fan har freon en postboade Peter. Dus fan fuortgean kin wat har oanbelanget gjin sprake wêze. Ek Dien, de mem fan Kees, sjocht it hielendal net sitten. se wennet goed en mei har sjocht ek buorman Gerrit leaver dat alles by it âlde bliuwt. Nettsjinsteande liket Kees syn plannen troch te setten en komme Tonny en Janita, twa asosjale typen, as keapers op it aljemint. No ja…keapers, earst wolle se in skuorre hiere, letter keapje se wol eefkes de hiele brut… sizze se. Om it naderjende ûnheil te kearen betinke Carla en Dien in plan. As dan Anny en Sanny, twa leden fan de pleatslike sjongferiening, ek noch ynteresse toane yn deselde skourre nimt de saak in oare draai sûnder dat de meast oanbelangjenden dit yn ‘e gaten hawwe. Ek it plan fan Dien en Carla rint net lykas ferwachte. Of de plannen trochgean, en mefrou Tinselboer fan it emigraasje bemiddelingsburo saken dwaan kin sil pas oan it ein dúdlik wurde…

De Bloody Mary

As kaptein Rein en syn stjoerman Brant har âlde frachtskip de “Bloody Mary”, ombouwe litten ha ta cruisskip, tinke se dat se op dy manier gau in soad jild fertsjinje kinne. De “Bloody Mary” sil in cruise meitsje lâns de moaiste plakjes fan de Middellânske See. Op it lêste momint, springt der in ferstekling oan board. As se dy pas op folle see ûntdekke en hearre wêrom ’t er op ‘e flecht is, beseffe se dat se gjin inkele havenstêd mear oandwaan kinne. Dan binne der de nedige swierrichheden mei de passazjiers. Hessel Feitsma, dy ’t stikem in plezierreiske mei syn sekretaresse, Elske Hietkamp, makket, komt der achter dat syn frou ek oan board is. Dan ha je it krekt troude stel, Doede Gjaltema en syn keken wyfke Geeske, dy ’t de breidssuite reservearre ha. Greta Stoet, in eksintrike keunstskilderes, hat in eachje op ‘e kaptein. As dan blykt dat it skip sa lek is as in traaljekoer, dan komt it wiere aard fan sommigen ynienen boppe wetter. Konsternaasje rûnom!

Bêd en brochje!

As heit fan twa mûnige dochters, hawwe jo it rjocht it net iens te wêzen mei de kar fan in partner en boppedat moatte jo harren wize op harren hâlden en dragen, dat is nochal fansels soene je sizze! Mar omdat heit bûter op’e holle hat en der twa bûtenechtelike relaasjes op nei hâldt dêr ’t ien de frou fan syn alderbêste freon, is syn foarbyld fier te sykjen… As dan ek noch beide froulju by him ynwenje wolle is de hikke hilendal fan de daam, de fatsoensrakker sit dan folslein yn de niten! En as hy der dochs noch út komt, hat er dat oan syn dochters te tankjen… Mûnige dochters dogge tsjinwurdich net sa gau mear eat foar neat, it wurd sjantaazje kin men net yn de mûle nimme, mar harren freonen wurde lang om let akseptearre… In ferhaal dêr ’t de toanielspilers harren op útlibje kinne.

Koaibosk

De moderne wrâld liket fier fuort fan Koaibosk. mar as mem ferstjert, stoarte de twa ynwenjende soannen Homme en Simen har yn it libben. Se liene jild om it dak fan harren lyts hûs te fernijen en in Russyske frou te keapjen. De frou komt der en de manlju fleurje op. As ien fan beiden it mei har oanleit, krije de bruorren skeel.
Yn koarte sênes fol minsklike humor sketst Bouke Oldenhof it bysûndere ferhaal fan twa jonges dy ’t op harren behyplike wize út it libben helje wolle wat der yn sit.

In lyk foar ’t Anker

Foar it “Bliuw fan myn liifhûs” wurdt it lyk fan de ex-man fan ien fan de bewensters fûn. Fansels is sy de earste fertochte. Sy komt op in stuit ek thús mei in skerp mes. Mar dat hie se kocht omdat der in mes út de keuken miste. Yn it hûs wennet ék in bûtenlander, dy ’t neat seit “om’t sy gjin nederlands sprekt”. Sy bliuwt yn de buert fan in oare bewenster. De plysje dy’t de saak yn ûndersyk hat sjocht by tafal ien bleate foet fan de bûtenlânske “frou”. Sy blykt in man te wêzen en hat de ex-man fermoarde. Der spile in jildkwesje.

Alde Groeden

De âlde mefrou Tonia van Appingen hat “fout”west yn ‘e jierren 1940-1945, en se fynt dat se mei dat N.S.B.-ferline al te lang en te swier straft is. Se hat har nichtsje (?) Suzan allinne grut bringe moatten en ek Suzan is beynfloede troch de bitterheid fan har tante. De âlde mynhear Simon Hermerg hat as heal-joad de holocaust oerlibbe. Ek hy moat noch faak oan syn kamptiid tinke, oan de befrijing troch de Russen en oan de nei-oarlochske perioade fan’t weropbouwen fan ús lân. Hy hat it dêr geregeld oer tsjin syn soan (?) Paul. Tonia en Simon binne beide al op jierren en krije foar allerhande kwalen medisinen, dy ’t harren besoarge wurde troch Marja Horjus, de wykferpleechkundige. De beide folslein-anti-poden Tonia en Simon wenje, sûnder dat se it witte, neistelkoar yn in appartemintekompleks.
As dêr op in dei gjin wetter út’e kraan komt fanwegen in reperaasje oan it liedingnet, moat Paul in glês wetter by de buorlju helje foar syn sike heit. Dêr moetet er Suzan, en tusken dy beide bloeit wat moais op, wylst sy harren iensume heit en tante oanelkoar koppelje wolle…As dan bliken docht dat Simon en Tonia sa ’n ferskillend ‘oarlochsferline’ ha, hâldt Marja Horjus har hert fêst. Sy is op ‘e hichte fan de oertsjûgingen fan har pasjinten en makket geandewei it stik mei, hoe ’t Simon en Tonia harren mieningsferskillen útfjochtsje. Se binne beide goed rap mei de mûle en hâlde, hast tsjin better witten yn, fêst oan eigen gelyk. Mar…it is allegearre al sa lang lyn en dan komt de twifel: wa of wat wie no ‘goed’ en wa en wat wie ‘fout’? Paul en Suzan skodzje it ferline fan harren ôf en geane miskien tegearre fierder; soe dat der foar Simon en Tonia, oan’e ein fan har libben, ek noch yn sitte?
Dejinge dy ’t hâldt fan in toanielstik mei pittige dialogen oer in wat dreech ûnderwerp, mar dochs hopet op in ‘leaf’ ein, krijt mei ALDE GROEDEN waar foar syn jild.

Brike kueren

De trije susters Haverman sitte mei har trijen op ‘e pleats dy’t se ûnder útsûnderlike betingsten fan harren âlden krigen ha. De taakferdieling stiet as in hûs. Driget der al ris ien bûten de stringen te stappen dan is Beits, de âldste fan de trije der wol om de boel yn ‘e stokken te hâlden. Beits hâldt de grinzen skerp yn it each.
De jierren begjinne lykwols mei te spyljen en it swiere wurk falt de froulju geandewei swierder. Masinen binne harren frjemd en help fan bûten wolle se neat fan witte, seker net fan manlju.
De tiden feroarje mar de froulju net. Beits hâldt de kop derfoar al binne der noch safolle minsken dy’t klear steane mei wize ried. Benammen de amtners, dy geane omtrint op de stoel fan de boer sitten.
Der komt geandewei mear ferset fan bûten mar ek by de susters ûnder elkoar.
Buorman docht sa út en troch ek noch ris in sint yn it ponkje. Hy hat oare belangen en dy weachje swier. Dat de bom mei koarten barste sil is wis. Dat kin sels Beits net mear foarkomme……