Rjochtdei

Op in rjochtdei kaam faak in protte folk ôf, benammen as der wat belangryks oan ‘e oarder wie. Wer’t minsken binne kin wat fertsjinne wurde en dus wie ek allerhande merkefolk oanwêzich. It wie in bûnt selskip dat de strjitte folle. Yn ôfwachting fan de sitting en de útspraak fermakken de minsken harren poerbest. Dêrfan wurdt in fleurich byld jûn. Dêrneist wurdt preludearre op it drama dat folget.
De grytman hat it net maklik. Hy moat, nei’t er in pear net sa wichtige saken ôfhannele hat, kieze tusken rjochtfeardichheid en de grime fan it folk.

Yn ‘e 17e ieu kenden de gritenijen it saneamde Nederrecht. De grytman bestjoerde syn gemeente en wie tagelyk rjochter. Hy waard bystien troch in siktaris, de assessoren, de bysitters (meastentiids twa), in eksekuteur en in fiskaal. De gritenijrjochtbank koe lytse saken bahannelje, dy’t te meitsjen hienen mei it eigendomsrjocht, tabrochte skea, mislediging en stellerij. Der waarden hast gjin frijheidsstraffen oplein, mar der waarden wol boeten en liifstraffen útdield. Fan de boeten wie in part foar de gritenij en in part foar de grytman sels. De liifstraffen bestienen út giseljen, brânmerken of te kaak stellen. Foar slimme gefallen, moard, brânstichting, ensfh. waarden de fertochten trochstjoerd nei it Hôf fan Fryslan yn Ljouwert. (Boarne: Fryslans ferline, D. Kooistra en H. Oldenhof)

Rûzje om’ t spul

It stik spilet him ôf achter de skermen fan it toaniel.
In toanielselskip is drok dwaande om der in moaie jûn fan te meitsjen. De spilers moatte hieltyd op en ôf.
Troch de petearen dy’t Jaap mei syn frou Jolanda hat, tinke de oare spilers dat Jaap der in freondinne op nei hâldt.
Elkenien bemuoit him der mei, it spyljen hat der ûnder te lijen.
Oan de ein docht bliken dat de petearen net oer de freondinne fan Jaap gienen. Mar wêr oer wol?

Chez Dolly encore

It wol en wee yn in nachtclub Chez Dolly. Hjir spylje har in protte komyske en minder komyske saken ôf mei ek in ferskaat oan types.
Eigentiidsk, mei in ferhaal wat de taskôger fan begjin oant it ein yn de besnijing ha sil.

It pleintsje

It stik spilet him ôf om karnaval hinne. Op it pleintsje wenje in stik as wat earme froulju, dy’t widdo binne en dy’t harren bern úthoulikje wolle, om dan sels wer trouwe te kinnen. Under elkoar dogge se oars net as rabje, rûzje meitsje en fjochtsje, mar tsjinoer bûtensteanders gedrage se harren bûtengewoan solidêr.
Dat ûnderfine de rike Fabrizio en syn nichtsje dy’t op it pleintsje wenje en de Cavaliere dy’t der karnaval fiere sil. It hat allegearre in goed ein mei in stik as wat houliken en in feest. In echte yntrige is der net, mear in bûnte en fleurige oanienskeakeling fan raak sketste tafrielen

Rein de foks

Rein de foks moat by it hof komme fan kening Nobel. Hy moat berjochte wurde. Mar hy is de bisten dy’t him ophelje moatte, hieltyd te snoad ôf. Hy soarget der foar dat dy bisten allegearre wat slims oerkomt en wit it dan sa te fertellen dat it har eigen skuld is. As er dan by eintsjebeslút dochs hingje moat, wit er him dêr ek wer ûnderút te praten.

De mem fan David S

Yn ‘ de mem fan David S’ beskriuwt Yvonne Keuls in tal jierren fan in húshâlding, wêrfan de âldste soan David oan de drugs ferslaafd is. De húshâlding rekket folslein ûntheistere, mar de mem wegert de jonge los te litten. Se sjocht him ôfgliden nei hieltyd swierdere drugs. Tegearre mei har man en dochter besiket se der alles oan te dwaan om it bern wer op it rjochte paad te krijen. Mar úteinlik beseft se, wol se wer in normaal libben ha, dat se ôfstân nimme moat fan it probleem. De grutte fraach is dan ek oft dit har slagget..

De sollisitaasje

Ferskate sollisitanten ha belang by de baan, mar Johan Scholten wol de baan ‘ reservearje’ foar syn eigen frou. Om dat feilich te stellen, brûkt er wol ris net sokke konvinsjonele metoaden mei de sollisitaasjebesites.
Hy kin ommers ek net witte dat er troch dat te dwaan sels wol ris it slachtoffer wurde kin! Wa kriget úteinlik de baan en wa sollisitearret no eins by wa?

Wachtsje op Elsbeth

Yn in ienfâldich fakânsjehúske komme trije susters by elkoar om de fyftichste jierdei fan de âldste suster te fieren. Katja hat der hielendal gjin nocht oan (it liket wol in kringloopwinkel) , foaral omdat har houlik mei Simon ôfrint.
De oerpositive Renate (wat in alderaardichst húske) besiket mei har man om it doch noch gesellich te meitsjen. It is allinne wat lestich om feest te fieren as dyjinge dy’t har jierdei hat, op har wachtsje lit. Te mear omdat dy foar alles soargje soe. De ûnderlinge irritaasjes nimme ta en as Elsbeth dan einliks ferskynt, moat elk tige syn bêst dwaan om der doch noch in leuk wykeintsje fan te meitsjen. De susters binne út elkoar groeid en âld sear komt boppe. Ek de sweagers hawwe, sa docht bliken, ûnferwachte kanten

Befrijing

Mem ferhuzet nei in âldereinflat. Op in tal doazen en meubels nei is se teplak. De ‘ kringloop’ sil it lêste guod ophelje en der is noch wat lytsguod dat skift wurde moat. Mem en har beide bern sille dat yn ôfwachtsjen fan de ‘ kringloop-manlju’ dwaan. Dan fynt de dochter in brief, dy’t mem nea ferstjoerd hat en dy’t te krijen hat mei mem har hâlden en dragen yn de oarloch. Der blykt noch in soan te wêzen. Dit stik, dat poer geskikt is om sa rûn de betinkings-en befrijingsdagen fan begjin maaie spile te wurden, beljochtet de kant fan de minsken dy’t yn de oarloch foar Dútslân keazen.

Friens of de Filippijnen

In ploechje minsken hat in reis nei de Filipijnen boekt by reisburo SNEL WEG. Se moetsje elkoar op in sammelplak yn Friens om mei de sjauffeur en de reisleidster yn ‘e kunde te kommen.
It is feest yn Friens en men soe sizze dat de fakânsjegongers ek in feurich sin hawwe. Mar dat jildt net foar allegear.
Dêr hast bygelyks Ingrid, dy ’t leafdesfertriet hat, of is der wat oars. Cilia, har mem, sit wakker oer har opstannige dochter yn.
Dan is der noch Marie, dy ’t swier hat mei har ynbylde kwaaltsjes, en Popke, dy ’t troch syn bazige frou op ‘e kop sitten wurdt.
Desiree mei har marmotsjes net meinimme yn de bus, dus wêr moat se dêr sa gau mei hinne.
As it selskip dan einliks sa fier is dat se fuort kinne, bart der wat slims.

It feestje

In licht, geastich blijspul oer twa minsken, dy’t fan inoar hâlde, mar de man soe wat mear moed en inisjatyf toane moatte. As der op’ e saak in fakatuere frijkomt en dit him de gelegenheid jout om wat mear sjen te litten, beslute se om in feestje te hâlden as earste stap nei syn promoasje.
Dat feestje wurdt in teloarstelling en in ferromming tagelyk.

De útfanhûzer

Robert Drury is in bekende filmstjer en syn frou Stella is in bekende aktrise. Se binne beide mâl mei harren soantsje Mike. Robert nimt him mei nei Rome at er dêr prate moat oer in nije film.
Krekt at Stella yn petear is mei in sjoernaliste, komt Robert ûnferwacht thús, mar sûnder Mike. Ferbjustere heart Stella dat har soan ûntfierd is. Al rillegau komt majoar Crozier by harren thús. Hy freget gjin losjild, hy wol allinne twa dagen by harren útfanhûzje. It wurdt noch frjemder at Crozier delstutsen wurdt troch ynspekteur Burford, dy’t gjin ynspekteur blykt te wêzen, mar dy’t itselde wol as Crozier: twa dagen útfanhûzje. Wêrom wolle dizze minsken allegearre itselde? Robert Drury mei in koarte besite oan syn soantsje bringe, mar wurdt dêrnei opsletten. Dan komt syn dûbelgonger Henderson en tegearre mei Stella moat er nei New York om in opdracht út te fieren. Krekt foardat se fuort geane docht bliken dat Burford troch in tûke set fan Robert oppakt wurde kin.

En doe waard it Kryst

Korry is in swalkster en wennet yn in kontener. Se hat in moai plakje by de boargemaster op it hiem. Mar at de boargemaster in dei fuort giet, lit syn frou Korry fan it hiem ôfstjoere troch Hindrik, de gemeente-opsichter. Wêr moat Korry hinne, krekt foar de Krystdagen? Lokkich wit Hindrik in goed plakje.
Hy bringt har mei kontener en al nei it park. Dêr moetet Korry har freonen en se belibje dêr mei inoar hiele bysûndere Krystdagen

Heit wêze

‘Heit wêze’ is in tragi-komeedzje oer dûbele moraal, ferjouwing en wraak. Moat in soan foar syn heit soargje at dy dat noait foar him dien hat? Daniel hat in modern, iepen houlik mei Lara.
Syn nijste flam hjit Anoek: in lekker jong ding, spannend en net komplisearre. Dan komt Daniel syn âlde heit foar it ljocht ; oait in rokkejager, mar no slim siik. Daniel sit net allinne yn’ e mage mei de man, dy’t nochal wat krityk hat op syn wize fan libjen. Mar ek mei Anoek, dy’t it yn de tuskentiid oanleit mei in Spanjaard en in Poal.
En Lara, minder bliid mei it frije houlikslibben, suchtet en wachtet ôf. Of net?

Sinnestek

Bart en Free binne op fakânsje yn Súd-Spanje. De filla, dêr’t se tahâlde, is eins fersein oan in oar.
Dy blykt ek noch te kommen: mei in freondinne.
Troch de ferwikseling fan de koffers is der in grut jildbedrach yn de filla. De polysje en in boef sitte hjir efteroan.
Stof genôch foar healwize ûntjouwingen.

In twadde kâns

Herman en Marja, beide fyftigers, komme inoar nei 23 jier wer tsjin. 23 jier lyn wie Herman troud en krige in ferhâlding mei Marja. Op it stuit dat Herman skiede woe fan syn frou, fertelde se him dat se swier wie. Marja is nei Afrika gien en is dêr troud. No komme se inoar wer tsjin yn de supermerk.
Herman en Marja ûntdekke, dat se noch fereale binne op inoar en Herman wol no dochs skiede. Mar at er thús komt, hat syn frou him wat te fertellen; sy wol skiede.
Herman giet der even tsjin yn, mar it komt him wol goed út. Der leit no dochs in takomst foar him mei Marja.
Stik mei flashbacks út de sechstiger jierren, de tiid dat Herman en Marja noch jong en fereale wienen.

Simmer yn Seelân

Henk en Katja Braam binne oan fakânsje ta. Op har fertroude plakje op de kamping wolle se ta rêst komme, mar dan krije se yn de karavan njonken harren nije buorlju. It is Hans, Henk syn sjef út de supermerk. Lit Henk dêr no al it hiele jier spul mei ha! It ‘waar’ slacht fuort om en de beide famyljes besykje inoar it libben sa soer mooglik te meitsjen. De oare gasten, û.o. in sportinstrukteur, fysioterapeute, frijfeint ensf.. wurde yn it konflikt meilutsen.
Uteinlik komt alles wer op syn poatsjes terjochte

De man mei de wite jas

Soe in leek yn steat wêze om psychyske problemen op te lossen? Dat is de ynset fan in weddenskip dy’t Freud, stamheid fan de moderne psychiatry, ôfsletten hat. Mar jo hoege net bang te wêzen dat wy yn hege (geastlike ) sfearen telâne komme, want de leek, yn dit gefal in ferver, wit it gehiel op in ierdsk saaklike manier te relativearjen.

Famylje Postma oan de Costa

Famylje Postma komt al foar de 20e kear op fakânsje oan de Spaanske Costa. Heit is in wiisprater dy’t it altyd better wit, mem lit alles mar wat oer har hinne gean en dan is der harren dochter dy’t in stikeme relaasje hat mei de eigner fan it hotel. Dizze kear is pake ek mei. In oare famylje, dy’t der ek delstrutsen is, is fan folle eksklúsivere ôfkomst. In nochal dikke frou mei in protte kâlde kak, in weiten hin fan in man en in soan ‘wêr’t ek net folle by sit. Dit moat fansels útrinne op in konfrontaasje tusken de famyljes. Foaral as de wat asosjale heit ûntdekt, dat de oare famylje stjonkend ryk is en dat se harren soan oan de dochter fan him koppelje wolle.

Russyske rûlette

Fjouwer Russyske froulju komme by inoar. Se binne allegearre widdo wurden omdat harren mânlju mei in stik as wat Ingelske offisieren Russyske rûlette dienen om sjen te litten hoe heldhaftich se wienen.
De froulju binne noch yn de rou en ha muoite mei alles wat Ingelsk is, ek tee. Mar wêr’t se noch mear muoite mei hiene, wie it skoalmastereftich gedrach fan harren mânlju. Sy mochten bygelyks gjin wodka drinke, allinne mar tee. Uteinlik fine de froulju, wienen se allinne mar besit fan de mânlju, alhoewol it kostberste besit fan de mânlju wie wodka. De froulju wolle gjin tee mear. Se binne it der oer iens, dat harren ûngelok mei tee begûn is. Se easkje fan de butler glêzen en pistoalen. Se wolle gjin tee, mar wodka drinke. En se wolle Russyske rûlette spylje.