That s alright momma

That s alright momma is in tragi komyske maffiaklucht oer in kriminele mem en har like kriminele soannen. Mar ek in Elvis imitator sunder talint, in maffiabazinne mei in houtene skonk en oare foute figueren ut de famylje, komme del yn That s alright momma!

Gjin autoradio of skoudertaske is feilich wannear t de trije bruorren harren yn de buert ophalde. De aldste is de baas, de middelste is de gokker en de jongste komt oeral te let. Dochs giet alles der tige strukturearre oan ta under de deskundige lieding fan mem. De relaasje tusken mem en de trije soannen feroaret yngreven wannear t der ynienen in ferlerne soan op it aljemint komt.

Kleur makket fleur

Ytsje hat ferkearing mei Govert, dy’t tige jaloersk is. Ytsje is hielendal fereale en ‘blyn’. Jelmer fertelt har syn soargen. Govert sjocht harren. Hy wol Ytsje en ryk wude en sil it wol efkes oplosse. In pakje en tsiental stientsjes beynfloedzje it gehiel.

Happy family

Bindert Koetsier, de baas fan it bedriuw, sil allinne (syn frou is fuortrûn) mei de pakesizzers nei Skylge. Ek in dochter fan ien fan de wurknimsters giet mei. Bareld Groeneweg, in âld freon fan Bindert, wol him mei ha nei Súd Amearika, achter de jonge froulju oan, lyk as eartiids.
Hy hat op syn mobyltsje ek allegearre foto’s en filmkes dy’t net geskikt foar jonge bern binne. Mar Bindert wol sa net mear. Op Skylge ferdwynt de dochter fan de wurknimster. Hat Bindert har wat oandien? Is Bindert wol de man dy’t wy tinke? Hokker rol spilet Bareld hjir yn?

IN barre tocht

It is winter, de alvestêdentocht stiet der oan te kommen. Fansels in hiel spektakel foar jong en âld, mar it komt de susters Leida en Jenny wol hiel goed út. Se ha nammentlik in pakje yn harren besit dat nei Dokkum ta moat. Dit moat sa ûnopfallend mooglik dien wurde en wêr kin dat better as by in drokke stimpelpost yn Dokkum?
De persoan dy’t it pakje bringe moat is Flip, de nije buorjonge fan Leida en Jenny. Flip hat in eachje op Jenny en lit him troch har oerhelje om it pakje fuort te bringen. Hy moat ek wer wat mei werom nimme foar Leida en Jenny. Fol spanning wachtsje de beide susters nei ôfrin fan de alvestêdentocht de thúskomst fan Flip ôf.
It wurdt letter en letter. Uteinlik kloppet der ien op’ e doar. Mar it is net Flip dy’t foar de doar stiet…

Skeind

Yn de santiger jierren rekket Iris as se 16 jier is troch ferfelende omstannichheden yn in kleaster en wurdt siik. As se nei in skoft har depresje oerwûn hat beslút se om non te wurden.
Letter, jierren letter, nimt se de beslissing om der út te stappen. Se begjint in nij libben en reizget troch it hiele lân. Fan east nei west, fan noard nei súd. Wat har dwaande hâldt? ‘ Dat giet nimmen wat oan’, seit se. ‘ Want ik praat mei gjin minske’.

Dizze frou is jo man

Annie Zuiderhorn, dy’t jierrenlang allinne mei har dochter wenne hat, is hals oer kop fereale wurden op Pierre Reijnders. Se is him tsjin it liif rûn op in kamping. Al hiel gau is Pierre by Annie ynlutsen en hy wennet no al trije moanne by har thús. Dochter Amanda moat neat fan Pierre ha en de sosjale tsjinst mei neat fan Pierre witte. Oars komme de útkearingen fan Annie en Amanda yn gefaar. Dus kinne de buorlju it ek mar better net witte.
Tsjin harren is sein, dat Pierre de broer fan Annie is, dy’t wat yn de lapekoer sit troch in sykte dy’t er oprûn hat yn de tropen. Net ien wit dat Pierre al mei in oare frou troud is. As der kontrôle fan de sosjale tsjinst komt, is elkenien wol ferplichte om de kontroleur foar de kroade te riden. Sels Amanda!

Bedgeheimen

Otto en Francien komme mei inoar yn’ e kunde fia ynternet en dat klikt daliks. Mar harren oare helten besoademiterje, dat wolle se net. Soks dogge jo net, dus it soe eins hiel goed útkomme as Jaap en Plien inoar ek leuk fine. Soe soks net te regeljen wêze? Om te begjinnen wurdt der in itentsje op tou set. Yn de tuskentiid siket Tim, de soan fan Francien en Jaap, nei syn earste leafde, wylst Sophie, dochter fan Otto en Plien krekt besiket dy leafde te ûntrinnen. en dy twa komme elkoar fansels ek tsjin…

Daan en Doris en Dik en Debbie

Daan en Doris en Dik en Debbie binne hieltyd oare minsken. It dekor wikselet hieltyd troch by elke skets in inkeld objekt te feroarjen dat it plak of it miljeu oanjout.

It deadlike sliepmûtske

Sarah Redford en Edward Donnington ha de makelerij erfd fan harren heit. Jack Redford, troud mei Sarah, is de direkteur fan dizze makelerij.
Jack is net sa earlik yn syn wurk. Apparteminten stoarte yn ensf..
As Edward it net iens is mei de gong fan saken, fermoardet Jack him. In wurknimmer, Geoffry Curtis, dy’t dien krigen hat en Sarah letter sjantearret, fynt ek de dea. Is er fermoarde?
Jack wurdt op in dei dea fûn, by it swimbad. Hat er himsels te koart dien? Wie der in ynslûper? Hat Sarah it dien? It stik is spannend oan de ein ta.

De flok fan de heksehammer

Janke en Mindert hawwe in poppe dy’t hieltyd mar gûlt, yrritearjend lang. Se witte net hoe’t se der foar soargje kinne dat dit ophâldt. Se wurde fertocht fan bernemishanneling.
It Advies en Meldpunt Kindermishandeling stelt in ûndersyk yn, mar fynt úteinlik neat. Der komt in jonge frou út de 17e ieu by Janke dy’t fertocht wurdt fan hekserij. Mindert sjocht har noait. Dizze frou, Maaike, seit dat Janke en sy lotgenoaten binne. Maaike wurdt feroardiele ta de brânsteapel.
De minsken hâlde harren ynienen stil as Janke of Mindert foarby komt en binne fijannich. It martelark fan hjoed de dei is sivilisearre, mar net minder wreed, net minder pynlik, as yn de 17e ieu.
De tsjerke hat fan it leauwen yn heksen in hammer makke om ûnskuldige minsken hurd mei te slaan. Se ha de ‘ heksen’ brutsen, letterlik. Foar Janke en Mindert jildt itselde: de minsken wolle inkel har skuld.

Thús

Bareld fertelt op humoristyske wize oer syn libben as húsman en oer syn frou Jantsje, dy’t harsels Jeanice neamt, sûnt se in baan hat.
Wat is se feroare. Doe’t Bareld noch yn’ e bou siet gie er gauris te fiskjen mei syn maat Piter.
As dy him freget om wer ris mei te gean, seit Bareld dit ta. Mar wat sil Jeanice hjir fan sizze/

Komt Kerst mei kryst

In man tinkt lûdop oer syn libben. Hoe’t er jong wie yn de 60-er jierren, syn opstannigens en syn berêsting.
Hy is no allinnich. Frou en bern ha him yn’ e steek litten.
Hy praat der oer tsjin de jonge frou fan de thússoarch. Hy praat oer syn grutte leafde fan eartiids, dêr’t er noch faak oan tinkt. Yn it petear ûnder in spultsje damjen komme sy der achter wa’t de grutte leafde fan de man krekt wie.

Nee, do bist fleurich

Martin, Lisa en Esther ha by elkoar yn de klasse sitten op de basisskoalle en binne eins de iennichsten dy’t oerbleaun binne fan in grutte ploech en noch mei elkoar befreone binne.
Mar, sa as de measte freonskippen, driget ek dizze te ferwetterjen.
Dit komt mei omdat Martin bekend wurden is as Rick út de televyzjesearje ‘ Vallen en opstaan’ en oare belangen hat. Hy fynt syn freonen fan eartiids minder wichtich en tinkt allinne oan himsels.
Hy sjocht lykwols net yn dat er hjir mei dwaande is.
It stik begjint mei ein reuny dy’t krekt ôfrûn is. Martin hat tasein dat hy dêrby wêze soe, mar hy hat net west.
Lisa en Esther ha goed de smoar yn dat Martin harren wer ris sitte litten hat.

Skik ris wat op ju!

Freerk hat mei syn kompanjon Henk in útjouwerij yn berneboekjes. Freerk en Jo sille nei in diner foar útjouwers. Henk is in frouljusgek. Hy hat in ôfspraak makke mei juffrou Warnink en tinkt dat hy dan wol mei har terjochte kin yn it appartemint fan de famylje Vos. Linda hat Henk al in setsje troch en wol him in hak sette.
Sy noeget Wouter út en wol mei him in noflike jûn ha yn itselde appartemint.
Dan is Arend der noch, dy’t wat mei Sylvia hat en ek gebrûk meitsje wol fan deselde romte. As Olijfje Smid op it toaniel komt, rint alles oars as elkenien graach wollen hie.

Skik ris wat op ju!

Freerk hat mei syn kompanjon Henk in útjouwerij yn berneboekjes. Freerk en Jo sille nei in diner foar útjouwers. Henk is in frouljusgek. Hy hat in ôfspraak makke mei juffrou Warnink en tinkt dat hy dan wol mei har terjochte kin yn it appartemint fan de famylje Vos. Linda hat Henk al in setsje troch en wol him in hak sette.
Sy noeget Wouter út en wol mei him in noflike jûn ha yn itselde appartemint.
Dan is Arend der noch, dy’t wat mei Sylvia hat en ek gebrûk meitsje wol fan deselde romte. As Olijfje Smid op it toaniel komt, rint alles oars as elkenien graach wollen hie.

De sekte fan Swami

De freonen Theo en Willem slute harren oan by de sekte fan goeroe Swami Sri Ramshni, fanwege de ‘ frije seks’! It docht al gau bliken dat dizze sekte neat út te stean hat mei seks, mar mear mei de hannel yn drugs.
En dy stiim fan de goeroe kenne se.
Dan giet harren in ljocht op. Se spylje it spultsje mei en sa slagje se der yn dat de hiele drugsline oprôlle wurdt.

It klapstik

Der lizze 4 pasjinten op in sikeseal. Teun en Nicolet ha in slim auto-ûngemak hân en Rebekka leit der mei galstiennen. De frou fan Teun freget har ôf wa’t Nicolet is en wat dy by har man yn’ e auto die. Rebekka tinkt dat sy galstiennen krigen hat troch spritskoeken. Sy easket in skeafergoeding fan de fabrikant.
Der binne twa dokters, ferpleechkundigen, in dietiste, in fysioterapeute, in Turkse skjinmakker, in clini-clown en in letselskeade-advokaat.
Sa’n trijekwart jier letter leit Teun syn frou op seal. Sy lit har in bytsje ferbouwe. Der komt oan it ljocht dat dokter Sep ryk wurden is troch yllegale hannel mei organen. en fan wa soe suster Wuppie swanger wêze? In stik mei kolderike teksten, yntelliginte humor en slapstick effecten.

Sûzen

In frou en in man moetsje inoar op in tsjerkhôf. Sy is in hiele ‘ frjemde’ frou. Hy is in widner, dy’t geregeld it grêf fan syn frou besiket. Syn begrutsjen mei de frou bringt him yn in lestige situaasje.

De Tredde helte

De Ljouwerter PvdA-wethâlder Kees krijt fan syn partijgenoaten te hearren dat er nei de ferkiezingen net werom komme kin. De partij hat ferlet fan farsk bloed. Hy makket in goede kâns om boargemaster fan It Bildt te wurden, mar der binne twivels oer syn affiniteit mei it plattelân. As se him op syn bertedoarp De Ryp freegje om by it 75-jierrige jubileum fan de fuotbalferiening in stânbyld te ûntbleatsjen, is dat syn kâns om foar it each fan Omrop Fryslân – foar it programma ‘ De reuny’ – te bewizen dat er in jonge fan it plattelân is. Foarôfgeand oan it jubileum moetsje Kees en syn frou An – ek in âld-Rypster – fjouwer leeftydsgenoaten op in reuny. Mei de trije jonges siet Kees krapoan fjirtich jier earder yn it tige suksesfolle C-alvetal.

Sneinsbern

It spilet him of yn de keamer fan Kuperus yn in fersoargingshûs. Kuperus rint noch goed lyk, mar de lea wurdt hurd minder. Syn bêste freon Alberda wennet ek yn dat hûs.
Hy is noch flink, mar wurdt geastlik minder. Troch de eagen fan dochter Jenny en har man Pieter en troch de kontakten mei juffer Wiinters en juffer Bakker sjogge wy de eangsten en frustraasjes fan de beide manlju.
Mar wy sjogge ek humor en it relativearjen om dizze saken yn balâns te bringen.