De saken geane goed

Der is feest by de famylje Wiersma. Heit Geert en mem Feikje binne fiifentweintich jier troud. Se ha twa dochters: Sytske en Aaltsje. Sytske hat ferkearing mei Willem.
Fanwege it houliksjubileum wurdt der in feest jûn yn in partytinte achter hûs yn ‘e tún. Willem hat in goede baan en in soad relaasjes. Hy hat it hiele feest organisearre ynklusief katering, betsjinning ensf. Mar dan kriget Willem in boadskip dêr’t er net sa bliid mei is.

Pleinfrees

Dan en Nicole lykje in perfekt stel as se sykje om in fjouwer keamer appartemint. Dan is in knappe eks-legerofsier mei in prachtige partner, en it liket dat er alles hat. Mar alles is net wat it liket: hy is wurkleas en alkoholist.

Stuart wennet mei syn ferlegen suster Imme, rêstich mar wol lokkich. Imme bringt de jûnen net troch mei har ‘wivebendes’ sa ’t se seit, mar sit faak te wachtsjen op har ‘blind dates’ dy ’t noait komme.

Charlotte is in frjemde frou. Se lit har emoasjes net sjen. Se lient fideo’s oan Stuart. It earste healoere fan de film bestiet út ‘muzyk dy ’t dyn libben feroare hat’ en dêrnei komme filmkes mei har tige geheime seks libben.

Wannear Charlotte net wurket op it makelderskantoar, past se op in siik, mar wol fiis âld mantsje Arthur. Dit mantsje bliuwt achter de kûlissen.

De soan fan dit âld mantsje, Marinus, is de barman yn it hotel dêr ’t Dan hieltyd sit te drinken. Marinus hat syn eigen geheim, in manlike leafde dy ’t hast seker stoarn is oan Aids.

De myte fan Perseus

Fjouwer bern fertelle en belibje in Grykske myte oer Perseus. In Grykske held dy’t de holle fan in meunster ophelje moat, sadat syn styfheit net mei syn mem trouwe kin.
Slagget it Perseus om it meunster te ferslaan of komt hy noait werom?

Dus…hy sûpte

Fenna en Hermien ha inoar by tafal troffen by in fakânsje yn Grikelân. Se ha inoar rom 25 jier net mear sjoen. Skoallefreondinnen wienen se, fan de legere skoalle oant en mei harren sechtjinde jier. Altyd mei syn fjouweren: Janne, Hermine, Fenna en Aukje. De twa froulju prate ôf by thúskomst in reuny op tou te setten yn it stamkafee fan harren berteplak.
Wêr moatte je begjinne nei 25 jier? Pakke se de tried sa wer op of binne se te fier útinoar groeid? En, hoe sjogge se werom op de freonskip fan doe? Wie it wol sa hecht? En dy iene grap, wat foar gefolgen hat dat hân? It wie mar in grapke, mar doch….

Roet

Lysbeth wurdt 85 en har dochter Rita ferrast har mei in wykein yn in bungalowpark. Ek de rest fan de famylje is oanwêzich. De mieningen oer it nut fan dit wykein rinne nochal útien.
Lysbeth hat Alzheimer, sadat it hiele “feest” oan har foarby giet. Boppedat krije de bern hieltyd spul mei elkoar. Der wurde hiel wat diskusjes fierd, ek at Lysbeth der by is, oer .ûo net opromme boartersguod, smoke, earder ophâlde mei wurkjen, smetfrees, eutanasy en hinnepoaten

De tsien fan Fardou

Fardou hat in listke makke mei tsien ‘geboaden’: se sollisitearret net wer, se wol gjin peuken fan de buorlju oer de hage, der moat wat dien wurde oan de herje fan de biersûpers neist har hûs, de sosjale kontakten yn de strjitte en de wyk moatte better, de ferbouwing fan it hûs moat klear, har man Euwe moat yn in maatskip, har man mei net flikfloaie mei de buorfrou, Fardou wurdt de perfekte mem, Euwe moat ophâlde Fardou yn de tredde persoan oan te sprekken en Euwe mei net hieltyd ‘leave’ tsjin har sizze.
Oan alle tsien geboaden wurdt yn dit stik hurd wurke mar se slagje net allegearre. Foaral de perfekte mem wurde, Fardou sil dochs earst yn ferwachting reitsje moatte.

Bakhuzen is gjin New York

Sân minsken, allegearre op reis mei deselde grutte plezierboat, komme mei elkoar yn’ e kunde. Feara en Sissy Simons, twa susters út Bakhuzen, dy’t al har hiele libben tegearre in kemping beheare, mar sa âlderwetsk binne as at it mar kin. Noait earder op fakânsje west en no samar in wrâldreis. Harm en Lys Voolstra, hy is ferslave oan pokerjen en sy docht alle war om him der ôf te krijen. Drewis en Franny Galama, hy hat net lang mear te libjen, mar wit perfoarst net hoe lang noch.
Drewis tinkt dat syn frou it net wit, mar is dat wol sa? En dan noch Lys Groothoff, is dy wol sa’t se har foardocht? Allegearre tûkelteammen dêr’t yn de rin fan it stik in antwurd op komt.

Wat in skrik

Berend (Benny foar freonen) Faber is al hast fiifentweintich jier troud mei Sippy. Mar ek oare froulju ha altyd al op syn belangstelling rekkenje kinnen. Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter, Maaike, dêr’t er neat fan ôf wit. Dy is no nei har heit op syk gien mei help fan it tv programma Spoorloos. Se ha, sûnder dat Berend der erch yn hat, regele, dat Maaike in keamer hiert by Sippy, dy’t by harren oan hûs in Bêd en Brochje hat.
As Berend in brief kriget fan Spoorloos, dêr’t yn stiet dat in frou him nei al dy jierren moetsje wol,brekt by him de panyk út, want Sippy mei der út noch yn wat fan witte. Mei help fan syn freon en kollega Sjoerd besiket er te rêden wat der te rêden falt. Hy wurket himsels lykwols hieltyd fierder yn’ e nêsten. Sil er him der noch út rêde? Dat spant der om. Wês mar bliid dat jim net yn syn skuon stean.

In rûzich wykein

Bart de Jager wol mei in freondinne dy’t er noch oppikke moat, in wykein trochbringe yn syn appartemint oan de kust. Syn twillingbroer Mark dy’t syn frou ferteld hat dat er nei in kongres moat, wol mei syn maitresse in wykein trochbringe yn dat selde apprtemint.
Omdat Mark fuort is, tinkt Mare, de frou fan Mark, dat it in goede gelegenheid is om in wykein nei harren appartemint te gean mei haar minner. Hugo de Jager, de heit fan de twilling, tinkt dat in wykein oan de kust, en ek noch wol yn appartemint fan syn soannen, in goede kâns is om syn nije sekretaresse by him op bêd te krijen. Safolle folk, net wittend wa’t der noch mear yn it appartemint is, yn ien appartemint, dat moat hast wol problemen jaan. Nammerste mear as âlde leafdesaffêres de kop opstekke.
It gefolch is: persoansferwikselingen, hertsear, sjantaazje en gean sa mar troch.

Drift

It binne acht koarte ienakters oer seksualiteit. En dan foaral oer de wize dat jongerein en alderein deroer prate en tinke.
Se kinne sawol los fan elkoar as yn ien gehiel spile wurde. Ek de folchoarder kin oanpast wurden. Dûbbel rollen binne mooglik.

Romke en Jeltsje

It is in ferhaal oer leafde en fertriet. In ferhaal oer de leafde ynspirearre op Romeo en Julia
It is in ferhaal oer leafde en fertriet. Oer freonskip, relaasjes en oer famyljeproblemen.
Hiel lang lyn, fier foardat Romke en Jeltsje berne wienen, krige de famylje fan Jeltsje rûzje mei de famylje fan Romke, in echte, fette, mega rûzje! Sa’n rûzje dêr’t de buorlju it jierren letter noch oer ha.
Mar Romke, hoe kin it ek oars, wurdt fereale op Jeltsje. Mar dat mei fansels net, en Romke giet fuort, de wrâld yn.
Troch in fergiftige appel falt Jeltsje yn ’e sliep en se kin allinne mar wekker wurde troch in tút fan Romke. Dêrfoar komt Romke werom, Jeltsje wurdt wekker en se libje noch lang en lokkich.

In freonetsjinst

In man is in frou tsjinkaam doe’t er in pear wike mei fakânsje wie. Om’t er ferskriklik bang is om in blauke te rinnen freget hy in kollega om ris te polskjen oft hy in kâns makket by har. Ta syn ferrassing en dy fan it publyk rint it oars as ferwachte…

Net foar de poes

7 fammen ha in reuny fan skoalle op in eilân. Trije dagen yn ôfsûndering sûnder mobyltsje of sokssawat. Der is in tsjinstfamke dat de boel wat skjinhâlde moat. Roas dy’t it dit jier regelt is de noflikste kant it neist.
Se ûntdekt dat de tartaar iepen stien hat, mar lit it earst de kat priuwe. As de kat it ha wol, moat it hast wol goed wêze.
De faam komt letter op de jûn om te fertellen dat de kat dea is en der brykt panyk út.
Elk wol oerlibje en betinkt wat om it fergif te neutralisearjen. Gelokkich hat ien fan de fammen Norit mei tsjin de skiterij.
Net genôch foar allegearre…
Oan de ein blykt dat de kat stoarn is mei de kop tusken de foardoar.