Mama Mia, waspoeier en mafia

Frans Baas is in jonge direkteur fan begjin trittich. Syn heit lit him de waskpoeierfabryknei, der t hy no al in stikmannich jierren de baas fan is. Hy wennet mei syn oansteande Tiffany, yn in lukse filla, Tiffanny is it tsjinoerstelde fan Frans; sy kin net sunder lukse, sieraden en har trouwe betsjinner Diego – in echte Italiaan yn ieren en sinnen mei on foarleafde foar de plezierkes yn it libben – wylst Frans neat om dat alles jout. No ja, jild spilet op dit stuit wol in wichtige rol yn syn libben. de Ekonomyske krisis hat der goed ynhakt en syn fabryk der t hy Waskpoeier Wyt Wunder yn fabrisearret, is omtrint fallyt. Frans is der wis fan dat Tiffanny by him weigiet as sy der achter komt dat alle lukse gau ferline tiid wurdt. De brulloft is al pland en syn skoanalden komme oer ut Australie om harren son in law einlings te moetsjen. Frans wit fan gekkichheid net mear wat er dwaan moat mei de skulden sa heech as in toer en it net te kearen fallisemint. Wannear t hy nei in june trohwurkjes troch de lege loads rint, wurdt hy tsjuge fan in echte drugsdeal. In koffer fol mei jild en kokaine leit iepen en bleat yn de de kofferbak fan in gangsterauto. De drugsdealers, mei lange oerjassen en oant de tosken ta bewapene, binne sa drok oan it underhanneljen, dat se de ferstuivere Frans net sjogge. In drugsdeal yn in fabryksloads? In koffer fol mei drugs en jild? maffiosi mei wapens? Bellet hy de plysje? Ja, soenen jo sizze! Nee, hy beslut yn in flaach fan slochtsinneigens de koffer ut de auto te stellen en sa fluch as er kin nei hus te jeien.

Lysistrata

It is oarloch tusken Athene en Sparta. Net allinich de manlju ek de froulju ha dêr fan te lijen. It tûke Atheenske frommis Lysistrata fynt it sa njonkenlytsen slim genôch, dat se noeget in pear froulju út Athene en út Sparta út om in plan te bepraten: tenei sille alle froulju wegerje om mei harren kearels op bêd te gean. In soarte fan seksstaking dus. Om dat te berikken (want it fleis is ommers swak!) lûke se har werom op de Akropolis, de burcht fan Athena, dêr’t ek de skatkist fan de stêd bewarre wurdt. De manlju wurde poerrazend en ûndernimme in oanfal, dy’t ôfslein wurdt. Mar nei in skoftke krije ek guon fan de froulju it wakker dreech mei dizze ûnthâlding. Troch it strategysk en besielend belied fan Lysistrata slagje de froulju der by eintsjebeslut dochs yn om in oerwinning te beheljen: de frede wurdt sluten ek op bêd.

Marthe en Mathilde

Martha en Mathilda binne twa susters, dy t tegearre in hoteltsje runne – De Goudfazant – dat part is fan in grutte pleats. Om t se oan e hals ta yn e skulden sieten ha se dy pleats tsien jier lyn ferkocht oan in notaris, under de betingst, dat se der wenje kinne oant harren dea. Wat net ien lykwols wit, is dat de beide susters op e souder in grutte wytplantaazje ynrjocht ha, mei it doel om sa yn koarte tiid aardich wat jild oer te halden om in restige alde dei trochbringe te kinnen yn De Goudfazant mei personiel.
De grutte dei dat de rispinge ophelle wurde sil troch in dealer en se dus in knoarre jild barre sill, is tichtby. Mar krekt in wike earder is de Ronde fan Dunegea, in fytswedstriid foar amateurs. En profs. It hoteltsje sit fol en dat jout de nedige tukelteammen en boppedat hat de notaris noch wat lytse letterkes yn it kontrakt guchele. As men dan wit, dat de susters yn e bar fan it hotel eksperimintearje mei har wyt, dat de fytsamateurs elkoar op alle mooglike wizen besykje dwers te sitten, dat de dealer foar gjin kwartsje doocht, dat de notaris hast net wachtsje kin om syn pleats yn hannen te krijen en dat der ek noch in priveedetektive omskarrelte, dan kin men fan tinken wol ha, dat Marthe en Mathilde in cocktail is fan spanning en humor.

De dogeneaten

Beppe de Moai wennet yn by har soan Jan. Se is in libbenslustige en skerpsinnige dame, dy’t foar de pleatselike earwearde en syn goede doel alles docht om safolle mooglik jild byinoar te krijen. Se giet dêrmei sa fier, dat se sels har beppesizzers sa fier krigen hat om it rôverspaad op te gean… by har bloedeigen heit, dy t by tafal eigner is fan fiif juwelierssaken. Och, de skea wurdt dekt troch de fersekering, is ’t net sa?
As lykwols blykt dat de earwearde it jild sels yn ‘e buse stekt, beppe ek net hielendal skjin op e hûd is, de fersekering wegeret de skea út te beteljen en heit De Moai úteinlik opdraait foar de stellerijen, begripe de “dogeneaten” dat se te fier gien binne. Mar hoe kinne se har út e sitewaasje wei wine sunder sels yn it gefang te bedarjen…?

Hite bliksem

It stik spilet yn de finzenis, op de ofdieling der ’t minsken sitte dy t nei de elektryske stoel (Hite Bliksem) moatte. Der wurde in tal eksekusjes dien, dy t soms net goed geane.
Op in dei komt der in reus fan in fint, dy t fertocht wurdt fan ferkrefting fan en moard op twa lytse famkes. Dizze man (Jan Tabak) hat boppenatuerlike kreften. Pau hat ferskrikkelik lest fan syn pisbuis, Jan Tabak genest him. In plattrape mus libbet wer fierder mei help fan Jan Tabak. It personiel fan de finzenis wol dat Jan de frou fan de direkteur, dy t in tumor yn e holle hat sa grut as in sitroen, ek genest. Mar hoe moat it: Jan mei de finzenis net us en de sike frou kin net yn de fnzenis komme. Op in jun geane se stikem mei Jan nei de frou en se genest. De dei komt dat Jan ek nei Hite Blikse moat. It personiel fan de finzenis wit wol dat Jan unskuldig is, mar wa sil him leauwe? En hy wol sels ek wol dea, hy sjocht en fielt alle wreedheden fan de wrald.

Mamma mia, waskpoeier en maffiosi

No even net

No even net is de tragikomyske earste helte fan in dubelfoarstelling, dy t giet oer fjouwer freonen dy t elkoar al tweintig jier kenne. Al dy jierren dinearje se ien kear yn e moanne yn itselde restaurant. Se ite der mei-elkoar en se prate, sa as ien fan de fjouwer seit, oer neat.
Werom nei de tiid fan doe, mar is dy tiid no wol itselde? Se besykje de ferlerne tiid fan doe yn te heljen, mar fine allinne mar untgucheling by elkoar. Harren froulju begripe neat, en miskien is dat ek mar goed. As de manlju it mar begripe.

No even wol

No even wol is de tragikoyske twadde helte fan in dubelfoarstelling, dy t giet oer fjouwer froulju dy t elkoar by in dinertsje yn in restaurant moetsje. Der wer t de manlju it oer it ferline ha, prate de froulju oer it no. En it no hat bannen mei it ferline.
Ien fan de fjouwer manlju is undertusken ferstoarn en it docht biken dat er in minneres hie doe t er troud wie. De minneres moetet de trije freondinnen, en freondinne is de frou fan de ferstoarne man, yn it restaurant. Hjir begjint it drama.

De dea om tolve oere

De riedselachtige professor Helmers (dy t mei syn hushaldster op in fierders net bewenne waadeilan wennet) hat in tal minsken, alderhanne slach folk, nei it eilan lokke foar in psychologysk eksperiment.
Sigmund Freud, de grutte psycho-analytikus hat sein, dat minsken dingen dogge der t se fan witte dat se gjin doel ha. De professor tinkt dat minsken gjin dingen dogge, der t se fan witte dat dy folslein gjin doel ha. No giet it derom, wat de gasten dogge. Want alles wat se fan dat stuit of dogge hat gjin doel. Omdat om tolve oere it libben foar harren einigje sil….

En in kromke bluf

Ergens op in lukse filla op in frisse neisimmerjun, soe de jonge Tanya krekt op bed gean, mar troch in betiizjend telefoantsje fan har aldere suster Joyce docht se dit net: It lichem fan har leafste muoike is presys ien jier nei har mysterieze ferdwining werom fun. Om it ien en oar dudlik te meitsjen komt ynspekteur Pancake nei de filla fan Tanya, wat ek it leste bekende wenadres wie fan muoike. Nei de komst fan de wat wraldfrjemde ynspekteur is de spanning te snijen, mar neat kin him fan syn stik bringe… of doch wol? Want uteinlik is neat dan ek minder wier….

De begearige bankrover

Ellen sit te wachtsjen op har man Frans, hy kin elk momint thuskomme. Hy hat nammentlik nei Grins west foar saken. By syn thuskomst docht lykwols bliken dat syn koffer oan e kop ta fol sit mei pikante linzjery en steapels papierjild. It leit foar de han dat Loes, de beste freondinne fan Ellen en ek har mem Tine, konkludearje dat dy altyd sjarmante Frans der wol hiel aparte saakjes op neihalden hat, der yn Grins. Foardat Frans lykwol in logyske ferklearring foar de ynhald fan de koffer jaan kinnen hat, komme der twa net fan echt te underskieden kriminelen by him ynstowen, dy t de koffer as harren eigendom opeaskje en alles besykje om dat foarmekoar te krijen. Frans, Ellen, Loes en Tine moatte alle seilen bysette om oan e ein alles wer yn goede banen te lieden.

Klean, moard en oranjekoeke

De moarns fan de 25ste april 2013 wurdt yn in pashokje fan de lúkse
kleanwinkel Pecheur en partner moadekening Antoine de la Corridor mei
in mes yn ’e rêch fûn. De la Corridor waard al in wike fermist. De fraach
is of syn ferdwining en ûnfortúnlike weromkear te meitsjen hat mei syn
koartlyn ferskynde boek, of dat de foarke hiel oars yn ’e stôk sit. De
eigner fan Pecheur, Lodewijk Pecheur / Leo Visser en partner sitte der
wol mei want krekt op dizze dei komt de Keninklike famylje del om
klean te keapjen foar de oankommende troanswikseling op 30 april. Der
sit neat oars op, om tegearre mei de twa froulju dy’t yn syn winkel
wurkje, moadekening De la Corridor te ferbergjen, mar dit falt noch net
ta…
Klean, moard en oranjekoeke is in komyske skriller wêryn’t neat is wat it
liket, personaazjes fol ferburgen aginda’s omrinne en dan doch wer wat
oars…

Sa earlik as goud

“Jild makket net lokkich, mar it is noflik om te ha”, in bekende útspraak,
dy’t benammen jildt foar Bram Guldenmond. Bram, begûn as
glêzewasker, dy’t floitsjend en sjongend troch it libben sylde, is no
direkteur fan in “echt” skjinmakbedriuw: “De Gouden Spûns BV”.
Holpen troch syn fûleindige wyfke Brenda, syn wat sleauwe sweager
Sjaak en dy syn rabbelskûte Sjaan, krije se de iene nei de oare tsjinslach.
Oant se, samar, in dikke priis mei in bonus winne. Se binne út de niten!
Mar dat KIN net, want noch Bram noch Brenda hat oait in lot hân fan dy
lotterij.
It jild is der dan wol, mar foar hoelang? Wannear wurdt it werom frege?
Stipe troch Wendy, in relaasjebehearster fan Bram syn bank, en Hetty, in
PR-meiwurkster en finansjeel adviseuze fan de “Telebelshow”, groeit de
saak fan de iene op de oare dei as slaad. De swierrichheden rane fuort as
snie foar de sinne.
Mar binne se sterk genôch om de wielde oan te kinnen?? Brenda en ek
Sjaan sitte der oer yn. Is dat terjochte?
In moderne komeedzje, dy’t driget út te rinnen op in trageedzje en dy’t
úteinlik in kluchtige draai kriget en mei in ”Ein goed, alles goed” as
kostlik skouspul-mei-ynhâld, sûnder mis in grut tal opfierings belibje sil.
In lot út ’e lotterij.