De Froulju’s Slachterij

“Nea bang wêze foar manlju!” Dizze liifspreuk wurdt troch fjouwer froulju yn it Frânske doarpke Salves op bysûndere wize krêft bysetten. As de slachter fan it doarp stjert, nimme syn dochter en har ivich eameljende man de saak oer. Dit sil it begjin wêze fan in rige dramatyske foarfallen, lugubere insidinten en misferstannen dy’t it libben yn it doarpke foargoed feroarje sille. Dit komyske ferhaal fertelt wat der barre kin as fjouwer froulju it rjocht in eigen hân nimme.

Stijn hat flinters yn ‘e bûk

Stijn en Ine binne fereale. Stijn fielt him eins net sa lekker en kriget spul mei Ine. Yn it sikehûs komme se derachter dat er diabetes hat. Stijn skammet him hjir foar en fertelt dit allinnich oan syn freon Bart.
Werner dy’t ek by Stijn yn ‘e klasse sit, sjocht dat Stijn ynsuline ynspuitet en hy fertelt de klasselearaar dat Stijn drugs brûkt.
As Stijn dan ek noch in kear in hypo kriget, wurdt alles oer diabetes noch in kear goed útlein yn it sikehûs. Stijn en Ine prate it út en hawwe gjin rûzje mear.

De wachtkeamer

De Vries komt hieltyd del op de earste helppost om ’t er mient dat er in slimme sykte ûnder de lea hat. Hy moat holpen wurde, mar net ien harket nei him. Syn frou is koartlyn, yn it selde sikehûs, oan kanker stoarn. Sa no en dan komt sy, as in skynsel del. De oare pasjinten hawwe dúdlike kwalen en krupsjes en wurde al holpen. De Vries net. Hy liket him te hechtsjen oan it plak dêr’t syn frou it alderlêst west hat.
Gerben, de sjarmante, madzjo ambulânse broeder, nimt him net echt serieus. Gerben siket Maaike, resepsjoniste, geregeldwei op en besiket it mei har oan te lizzen. Hy is ûnwis yn ‘e leafde, ek om’t syn frou in saneamde swinger is. Hy kin der ferhipte min oer dat Maaike in spesjale bân mei De Vries opbout en nimt wraak.

De help

Arnoud is in jonge bankier dy’t yn ien dei syn wurk en syn frou ferliest en ek noch in hernia kriget. En dan seit er ek noch de help fjirtichtûzen euro ta.
Dit stik is in rekonstruksje fan hoe’t it sa fier komme koe. Fia de help Lucas leart Arnoud in wrâld kennen dy’t er hjirfoar net koe.

Keale beammen rûze net

De simmer is foarby. Wylst de grûn al kâld oplûkt, sitte Jos en Rie noch hieltyd op de camping. Mei de rêch nei de tinte en útsjoch op it paad, beskôgje sy de wrâld om har hinne wylst de oaljelampe walmet en de reade wyn te kâld is.

“Keale beammen rûze net” is in duet foar twa froulju, earne yn in refugium oan de râne fan de maatskippij. Yn in wanhopige syktocht nei hoe ’t se harren it bêste klaaie kinne foar de komst fan… ja wa eins… komt de jas boppe wetter dy’t Rie oan hie doe ’t se op in dei nei Jos ta flechte is. Under it mom fan “oantinkens ophelje”, folget in hilaryske, mar al geandewei hieltyd pynliker ûntknoping, dêr’t it fertriet fan de twa froulju hieltyd better fielber wurdt.

Huzaresalade

Henk sjocht dat Nance yn in supermerk in bakje huzaresalade pikt en merkt dat de manager it sjoen hat. Hy betellet it tagelyk mei syn oare boadskippen sadat Nance net op stellerij betrape wurde kin. Nance helpt Henk om de boadskippen thús te krijen. Om ’t glûpende kâld is mei se har by de kachel opwaarmje. As se him ferteld dat se dy nacht bûten sliepe moat, begruttet it Henk om har. Se kriget in miel iten en mei even lekker ûnder de dûs. Hy wasket en drûget har klean en se mei dy nacht bliuwe te sliepen. De oare moarns jout hy har noch in lunckpakket, wat fruit en 20 euro mei.
De besite fan dizze frjemde jongedame is de buorfrou net ûntgien en sy freget om útlis.
Dy jûns stiet Nance wer by Henk foar de doar. No hat se ek noch in freon meinommen. Dat sint Henk neat, mar hy lit it doch ta. Hy fynt it goed dat se ien nacht bliuwe, mar dêrnei moat it definityf ôfrûn wêze. Dy nacht betrapet hy it duo dat dwaande is om syn hûs troch te sykjen en wurdt it ek dúdlik wêrom ’t hy sa begien wie mei de libbensomstannichheden fan Nance.

De Basilisk

Op in skoalle yn Aldeboarn (der kin fansels ek in oar plak ynfold wurde) hawwe de bern les oer âlde folksferhalen. Ek “De Basilisk” is in âld ferhaal. Janneke sit te deidreamen en belibbet har aventoer oer it meunster fan Boarn, de Basilisk.
Elk jier wurdt der ien fan de ynwenners offere oan de Basilisk. Dit jier is Janneke útkeazen. Mei har freonen betinkt se in plan om de Basilisk te ferslaan.

In Poalske breid?

Albert is sûnt in tal jierren widner. Tiid foar in nije partner fynt er sels. Op de dei fan syn jierdei, wol er dit beprate mei soan Harm en dochter Jetty. Troch wat better te harkjen en wat minder fantefoaren in eigen miening te foarmjen, hie dit stik flink wat koarter west. Mar ek minder fermaaklik.

Yn wankel lykwicht

It libben fan in ‘deagewoan’ stel wurdt fersteurd as harren alderbêste freonen Harry en Edna foar de doar stean en harren dochter nei in mislearre houlik wer op ‘e stoepe stiet. Mei in alkoholistyske suster dy’t mar wat graach tasjocht en oardielt fan de sydline, in flinke foarried whisky en in protte fatsoen begjint der in spul fan minsken dy’t master binne yn it tadekken, it ferjitten, of net sizzen.

In leafde út Tirol

As Liza nei in skyfakânsje allinne, wer thúskomt, is der neat feroare. Krekt oarsom! De problemen wurde allinne mar grutter. In fereale skylearaar komt har achternei en in húsfreon hat ek grutte plannen mei har. Holpen, no ja ‘holpen’ troch har trouwe help Marga en har bêste freondinne Marian, besyket se oerein te bliuwen mei as gefolch: dolle situaasjes, grutte misferstannen, ellindige foarútsichten en … mei tank oan it begryp fan har hast-eks-man Tony in ‘happy end’.

De trein nei San Antonio

It spilet op in stasjontsje yn it Wylde Westen. Mei in stasjonssjef, dy’t seker net gek is, in Meksikaan; Miss Lola dy’t tippelet; in sheriff dy’t Tom Dooley, dy’t hinge moat om ’t er syn frou fermoarde hat, nei San Antonio bringe moat; in mysterieuze bandyt, in can-candûnseres, in medisynman, in dranksuchtige non, in dochter fan haadman Sliepende Okse en in famkesachtige jonge frou.
Hast allegear ha se in stikje fan in skatkaart en se besykje de stikjes fan de oaren ôf te pakken.

Ferjitlikens

Antoin wurdt stadichoan in bytsje ferjitachtich. Hy giet in pear dagen nei it strânhûs fan syn eksfrou Sarah. Syn dochter Iris hat him mist op ‘e saak en siket him. As sy tegearre op it strân binne, komme syn beide eksfroulju Sarah en Debora nei it strânhûs om harren soarch oer syn begjinnende demintes te besprekken en de soarch foar de takomst te regeljen. Dat fjouwertal mei in ferline mei-inoar, en harren eksplosive karakters, soarget foar it noadige fjoerwurk.

It lûd út ‘e krún

Evelyn is troch har man Jan nei it park lokke foar in sesje ‘werom nei de natuer’. Jan hat it gefoel dat harren relaasje fêstrûn is en hy hopet mei dit inisjatyf it houlik wer in nije ympuls te jaan.
Under lieding fan de sweverige Frida leare Jan en Evelyn harren opkropte gefoelens te uterjen, se wurde ynwijd yn de keunst fan it ierdzjen en krije se kontakt mei in beam.

Theedrinkerij

It sil foar Paul altyd de fraach bliuwe oft er syn bliksemkarriêre oan syn persoanlike kwaliteiten of oan dy fan syn oantrekkelike Nicole te tankjen hat. Op syn earste wurkdei as ‘sales- en marketingmanager’is sy útnûge troch de frou fan de direkteur. Dêr wurdt se direkt foar it blok set. Paul syn affeksje foar in hegere status ûntnimt him it sich op de realiteit. Hy hat totaal net yn ‘e gaten dat Nicole, út leafde foar him, ree is oer de grinzen fan it moreel talitbere te gean.
Mar dan blykt dat se nei in tydlike ynsinking tegearre wer fierder gean.

Samar thús

Maggie Howard is in hiele rike frou om ’t se in grutte erfenis krigen hat. Neffens har fertsjinnet har man Glenn mar in hiel lyts bytsje en hy kin syn baan wol opsizze.
As Maggie in jûntsje fuort is, praat Glenn mei Sheila Wallis, in aktrise en in freondinne fan Maggie, Dan docht bliken dat Glenn en Sheila in ferhâlding ha en dat Glenn Maggie fermoardzje wol. Hy is har iennichste erfgenamt en sûnder har jild soe er net mei Sheila trouwe kinne. Sheila moat Glenn helpe oan in aliby. Sy moat de auto fan Maggie yn in sleat ride. Hy sil Maggie fermoardzje en yn in fiver goaie tichtby dy sleat. Se fabrisearje in tal bewizen en alles wurdt goed berekkene. Mar it rint doch efkes oars.
It publyk is tsjûge fan in tal ferrassende scênes. ‘Samar thús’ is in echte thriller fan de Ingelske detectiveskriuwer Francis Durbridge.

Yn ‘e prizen

Geart Bonkema is net te benijen. Hy sit stevich ûnder de plak by syn frou Berta. Sy fertsjinnet de kost as sipier, hy is húsman. Geart moat it húshâlden dwaan neffens in strak skema dat Berta him opdroegen hat.
Wy komme yn ‘e kunde mei dit stel as se krekt de strjitpriis yn ‘e Postkoadelotterij wûn ha. Tenminsten, as Geart net fergetten hie harren op te jaan. Hy doart dat net op te bychtsjen oan Berta. En dy is al begûn it jild út te jaan, dat der dus net is. Sa hat se al in oannimmer besteld, dy’t in nije badkeamer meitsje moat. Dizze man, Kobus ‘Krekt” Kerkstra, lit der ta ôfgriis fan Geart gjin gers oer groeie. As Berta har tante Lydia, in rike widdo, op besite komt, rûkt Geart syn kâns. Mei de entûsjaste help fan syn buorman Piter besiket er Lydia in flink bedrach oan jild ôf te sjongen. Hy tinkt dat dat samar slagje sil, mar tante is fansels ek net achterlik. Boppedat goait Sjouk, Piter syn frou, sûnder dat se der erch yn hat, hieltyd wer roet yn it iten. Net foar neat neame se har de ûnnoazele buorfrou. Midden yn alle perikels kriget Geart ek noch ris te meitsjen mei in lyk.
It wurdt noch in hiele toer om dit goed ôfrinne te litte. Oft it slagget?

Belje dokter

Toanielferiening ‘Wy ha der nocht oan’bestiet fiifensantich jier. It bestjoer wol dit jubileum net ûngemurken foarby gean litte. Jûn sil de earste gearkomste hâlden wurde by de nije foarsitter thús. Hoewol ’t er him tige goed taret hat, falt it net ta om fjouwer froulike bestjoersleden yn ‘e beage te hâlden. As der ek noch in nij lid bykomt en it heft yn hannen nimt, binne de rapen gear…

Wy komme op ‘e telefyzje

Toanielselskip ‘Kom mar op’ driget fallyt te gean, foaral omdat foarsitter Yme mei alle geweld oan ‘Grutte Keunst’ dwaan wol. En dan lûkt de haadsponsor him ek noch werom. De repetysjes foar ‘De Fekke’ ferrinne mei hieltyd minder animo. Oant der in telefoantsje komt fan in telefyzjestasjon dat de opfiering útstjoere wol. Dan slacht de stemming hielendal om en sels de sponsor wol wer jild jaan. Op ien betinkst! Dat syn nije flam in haadrol kriget yn it stik. Mar dat lit de ‘Leading Lady’ fan it selskip net oer har kant gean. By de earste foarstelling fan ‘De Fekke’ giet it der nuver om wei. It wurdt ien grutte klucht. En wêr bliuwt dy man fan ‘e telefyzje doch?