Hoe is’t mei him?

In man en in frou. Krekt skieden, dy’t ôfsprutsen ha dat se bêst de caravan hâlde kinne en him beide brûek kinne. Krekt as hy him ynstallearre hat foar twa wiken op de camping, komt sy ek mei har koffer oansetten. De caravan diele, jawis! Mar nét tagelyk! Wa bliuwt en wa giet fuort? En dan komt ek noch de nije freondinne fan de man mei in kofferke oansetten. Ferrassing… En wa is dochs dy “him” dêr’t hieltyd nei frege wurdt hoe’t it mei him giet?
In ferhaal mei in protte humor om de faak werkenbere situaasjes, mar ek mei in ûndertoan: it sear fan twa minsken dy’t út inoar dreaun binne troch omstannichheden.

De Sniekeninginne

Lang lyn hat in trol in toverspegel makke. In spegel wêryn’t alles der ferdraaid en ferfoarme útsjocht. Op reis nei de himel falt de spegel yn tûzen stikjes op de wrâld. Ien splinter komt yn Kay syn each en hert. Kay, in hiel aardige jonge, wurdt gemien en rint fuort, nei de kwea-aardige Sniekeninginne. De keninginne nimt him mei nei har iispaleis, dêr’t Kay opdrachten foar har útfiere moat.
Elkenien tinkt dat Kay dea is, mar Gerda, syn bêste freondinne, leaut dat net. Se is tige fertrietlik en wol Kay weromfine. Se giet op reis, op ’e siik nei Kay.
Underweis belibbet se ferskate aventoeren en gefaren, mar makket ek nije freonen. Uteinlik fynt se Kay op de Noardpoal. Gerda is o sa bliid!
Mar Kay syn hert is iiskâld. Hy wol neat fan Gerda witte. Troch Gerda har waarme triennen ûntteit it beferzen hert fan Kay en fine se elkoar werom.

Froeger

In âlder troud stel is op elkoar útsjoen. Harren gouden brulloft stiet foat de doar en de man hat al hielendal gjin sin oan sa’n feest. Se stelle in list op mei gasten, diele oantinkens, oantinkens dy’t harren eintsjebeslút wer tichter by-elkoar bringe.

Frjemde buorlju

Antoinette en Frits wenje mei harren soan Peter yn in kreaze nijbouwyk. It hûs achter harren stiet al in skoftke te keap en de buorlju binne bliid as it hûs einliks ferkocht is. Mar as bliken docht dat de asosjale Harry, Chantal, Desi en Lisa de nije buorlju binne, is it al fluch dien mei de rêst. As dan ek noch harren goeie húsfreon Mario opdaagjen komt, wit elk: it wurdt noait wer sa’t it wie.

Deasûnde

Karel, direkteur fan in fersoargingssintrum foar âlderen, moat op ’e nij besunigje. Syn assistinte Helga wit wol ried. Har eigen mem wurdt hjir ek ferplege, mar se liket net folle op te hawwen mei âlderen, oant se Betty moetet. Dizze deminte frou kriget besite fan har dochter Rosanne, lid fan de Twadde Keamer, dy’t tige skrikt fan hoe’t it der om en ta giet yn it fersoargingssintrum. Sawol Karel, Helga as Rosanne krije te meitsjen mei in pasjint dy’t hjir tydlik ferplege wurdt en dy’t neat ûntgiet…

In frou fan fiif miljoen

‘By Swa’ is in restaurant ergens yn Fryslân. Francois, de eigener, is in poerbêste sjef-kok, en tagelyk in fûleindich oanhinger fan Jack Nicholson. Geraldine, syn takomstige frou, is him eins opkrongen troch in omke fan him. Dy omke is stoarn en hat in knoarre jild achterlitten. Dat kin Francois allinne erve as hy mei Geraldine trout. Allinne as Geraldine net mei him trouwe wol, of dat se frjemd gean soe, dan soe Francois it jild sûnder fierdere betingst erve kinne. Geraldine is in arrogante, ûnoantreklike frou en Francois is alhiel net fan doel om mei har te trouwen. Hy is smoar op Claudia, de tsjinster fan it restaurant, mar dy wiist him oant no ta ôf. As Claudia der achter komt dat Francois erve kin, draait se fuort by. Dit is tsjin de seare foet fan Tom, de barman, want hy hie oant no ta in relaasje mei har. Hy makket foto’s fan de eskapades fan Francois en Claudia en wol der in slaadsje út slaan. Omdat Geraldine perfoarst mei Francois trouwe wol, litte Claudia en Francois in hiermoardner komme om Geraldine fan kant te meitsjen. Dat slagget foarearst net, ek al omdat de man in Italjaan blykt te wêzen dy’t gjin wurd Frysk ferstiet. Ut in kleaune fan yntriges komt Francois as oerwinner út de bus!

Wanda wasket wyt

Wanda is in jonge frou mei in rûzich ferline, se sit in straf út foar yllegale prostitúsje en hannel yn drugs. Se hat al twa kear earder ûnder betingsten frij west, mar dat is beide kearen mislearre. No krijt se, nei dat se 3 jier fêstsitten hat, de lêste kâns om sjen te litten dat it ek oars kin. De betingsten om definityf frij te kommen binne: in fêst wenadres en fêst wurk. Ek mei se gjin strafbere dingen dwaan. Wanda giet oan de slach by in muoike fan har, se kin dêr wenje en deis yn de waskerij wurkje. De waskerij is lykwols in fertutearze boel. It liket der sels op dat de waskerij noch foar de ein fan de moanne de doarren slute moat fanwegen achterstân mei it beteljen fan de hier, en dan soe se dus al oan ien fan de betingsten net mear foldwaan kinne.
Nei in pear dagen stiet har âld poaier en -dealer al foar de doar, hy wol har graach werom ha. Dan komt der ek noch in freondinne fan har del, dy’t út de finzenis ûntsnapt is, dy siket en krijt ûnderdak by Wanda. Dit past fansels ek net yn de betingsten en it liket der dan ek op dat se yn de koarste kearen wer yn de bak sitte sil.
Wanda is lykwols net ien dy’t by de pakken delsit en se is fêstberet dizze lêste kâns te brûken, sadat se noait wer werom hoecht nei de finzenis.

De Trochgong

It stik spilet yn de kofjekeamer fan De Trochgong, in gebou mei apparteminten foar âldere minsken, dy’t harsels noch rêde kinne. Op in dei wurdt ien fan de bewensters dea yn har appartemint fûn. De plysje docht ûndersyk nei har dea: wie it in natuerlike dea of soe se fermoarde wêze?
Nei in skoftsje komt der in wat frjemde man yn it appartemint te wenjen. De oare bewenners ha harren twifels oer dizze man, hy is noch mar goed fjirtich, wat moat sa’n man hjir. Soe hy wol te fertrouwen wêze? It blykt de soan fan de ferstoarne frou te wêzen. Slagget it him om ryk te wurden omdat der wat ferdwûn is dat hiel goed fersekere wie?

Hertejeie

It stik spilet yn it hotel/ wyldrestaurant “De Moede Hinde”. Elk jier is hjir in wedstriid foar it bêste fleisgerjocht en de de soan, dy’t kok is, docht syn bêst om dizze wedstriid te winnen. Hy is de hiele tiid dwaande mei elandbaltsjes, en letter mei hartehertsjes. Ek ferdwynt der de lêste jierren yn deselde tiid, ien fan de gasten, en dit jier sels twa. Dus de plysje komt del. De gasten dy’t elk jier yn deselde tiid komme, as wannear ’t der ien ferdwynt, binne fansels fertocht.
Mar hawwe dizze gasten it ek dien of hat it te krijen mei de wedstriid?

De kat yn de kelder

Majoar Evarist Tanghe lit, alhiel tsjin it sin fan syn ‘ soere’ suster Serafine, it kânsearme húshâlding De Kat tydlik yn de kelder fan syn hearehûs wenje, dy’t wachtsje op it tawizen fan in sosjale hierwenning. Ynearsten hat de famylje De Kat neat mei de kelder, mar dat slacht al rillegau om as se der achter komme dat se neist de bank komme te wenjen. Feliks sjocht de kâns op de ‘jackpot’ wol sitten en hy beslút fan út de kelder in tunnel nei de bank te graven. It wurdt uteraard in nuodlike ûndernimming, omdat se de tunnel grave moatte sûnder dat de Majoar of syn suster dit merke. Wêr moatte se bygelyks mei de modder hinne dy ’t by it graven frijkomt. Hoe ferbergje se de yngong fan de tunnel as se besite krije? Hoe maskearje se de herje dy ’t de drilboar makket?
Uteraard levert dit hilaryske situaasjes op, ek al omdat blykt dat beppe sa no en dan ferrassend út ‘e hoeke komt. Kim wurdt fereale op Sven, dy ’t te pas en te ûnpas yn de kelder opdûkt. Kim liket de Majoar gâns op te winen, Serafine om de kat dy ’t samar weiwurden is, en der komt in drumstel oan te pas om de herje fan de drilboar te oerstimmen. Uteinlik lykje se te slagjen yn de opset. Dan fynt Serafine de tunnel en de de deade kat en se moatte har opslute. Madeleine lit it leven yn de kelder en dan sitte se dus ek noch mei in lyk dat se nergens kwyt kinne. En wat as Sven twivelt tusken syn leafde foar Kim en it rjochte paad?
De Majoar blykt úteinlik mei in grutte ferrassing út de hoeke te kommen.

Sit de trije al yn ‘e klok?

In dialooch tusken in man en in frou. Se sitte beide thús; hy mei in hernia en sy mei in burn-out. Tegearre moatte se útfine hoe ’t se dêr mei omgean moatte. Beide fine se dat de oare him/har oanstelt.