Griemerij mei omtinken

Yn likernôch 20 minuten ta dysels komme. Aardzje. It hjir en no belibje…
Dat sil mei de ienakter ‘Griemerij mei omtinken’ net barre. Al hoe iverich de dames yn dizze komyske ienakter it ek besykje, it slagget harren net.
Mar wat mei dizze ienakter wol slagget, is relativearje… mei in protte humor.
Dus tige sûn om de lever te kideljen.

In grize komeedzje

Fjouwer akteurs op leeftiid komme alle wiken by inoar om te praten oer it fak, oer de fergonklikheid fan sukses en oer it âlder wurden. As ien fan harren beslút dat se leaver dea wol, komme de oaren op in wol hiel kreative manier yn aksje…
Bizarre wendingen, skerpe dialogen en in ferrassend ein. In komeedzje mei in earnstige ûndertoan en de fraach: moat men sukses oant de dea ta ôftwinge?

Fred

It is oarloch en boere-arbeider Foeke en syn frou Gelske, krije in ûnderdûker: Fred. Fred is studint yn ’e rjochten. Fred rekket befreone mei dochter Minke. Mem Gelske is dêr net sa bliid mei.
Op in dei wurdt Fred oppakt troch 2 NSB’ers en nei Amersfoort brocht.
Syn mem keapet Fred frij mei in tas fol drank, en dan komt Fred as ûnderdûker by de boerinne, dêr’t Minke oan it wurk is.
Yn syn ûnderdûktiid is Fred drok dwaande mei it meitsjen fan in astronomysk oerwurk. As Amsterdam befrijd is, wol er earst nei syn âlders yn Amsterdam en dêrnei wol er weromkomme om it astronomysk oerwurk ôf te meitsjen. Hy wol sjen dat it oan ’e tsjerketoer hinget

Jouke

Jouke is in boeresoan fan sa’n fjirtich jier, hy wennet by heit en mem op ’e pleats. Hy docht allinne mar wat heit seit, nei mem lústert er net. As heit stjert en mem letter ek, moat Jouke allinne mei de pleats trochgean, mar hy lit de hiele boel fersuterje. Op ’t lêst wurdt alle fee ophelle.

Hy sit faak te dreamen, en dan sjocht er in famke, Roas. Syn heit hat him faak ferteld oer Roas. Roas wie in hiel moai Joadsk famke en siet yn de oarloch ûnderdûkt by de buorlju fan pake en beppe. Tsjin de ein fan de oarloch wurdt Roas noch oppakt troch de Dútsers en ek wer frijlitten.

Nei de oarloch is Roas mei har mem nei Australie ferhuze. Jouke tinkt dat Roas wer werom komme sil en hy wol dan mei har trouwe.

De Fanklup

Yn “De Fanklup” komme wy 4 freondinnen tsjin: Ans (sekretaris fan de Heino Fanklup Nederlân), Els, Betty (foarsitter) en Lys. De froulju ha ea yn de gloarjetiid fan Heino de Nederlânske ôfdieling fan syn fanklup oprjochte. Foar ’t earst yn tsientallen jierren sille se wer in fandei organisearje. We komme de froulju tsjin yn de feestseal fan it doarpshûs fan Oirsbeek tidens de tariedings op ’e moarn fan de fandei.

 

 

Lêste pear dagen

In man op jierren  wurdt binnenbrocht op de intensive care. It is Rein Tas dy’t, sa blykt al gau, net mear lang libje sil en syn lêste dagen yn it sikehûs bliuwe moat.

Hy wurdt fersoarge troch ferpleechkundige Ingeltsje Donderdag, dy’t har hieltyd mear oer him ûntfermet en him op ’t lêst hast net mear allinne lit.

Lêste pear dagen spilet mei it besef fan tiid en yntinsiteit. Mei dit stik giet Scheldwacht op ’e siik nei in bewustwêzen dêr’t we yn ús deistich libben besykje oan foarby te gean. Troch de koarte tiid komme de haadpersonaazjes tige fluch ta de kearn en ta elkoar. Ommers, tiid foar ûnsin is der net.

 

Neat te ferbergjen

Sân goede freonen (trije troude stellen en ien allinnesteande) hawwe ôfpraat foar in itentsje. It is de jûn fan de eklips, de moanneferstjustering.

Se beslute by wize fan spul om har mobile telefoans ûnder it iten op tafel te lizzen en elk berjocht (sms, app, e-mail) en elk telefoantsje dat binnen komt fuortendalik mei-inoar te dielen, om te bewizen dat se neat foar elkoar te ferbergjen hawwe. Wat fierder as de jûn foarderet, wat mear geheimen der oan it ljocht brocht wurde. It docht bliken dat de freonen minder fan elkoar wisten as se ynearsten tochten…

 

Dekôr: Foar it grutste part in appartemint dêr’t it itentsje plak fynt. Sênes binne ôfwikseljend yn de keuken, op it balkon, yn de wenkeamer, yn de hal en yn de badkeamer.

 

 

Neat fan murken

Marloes, eigener fan houthannel van Es, hat hast in grutte opdracht fan de provinsje krigen. Yn in petear mei Floris, in fertsjintwurdiger fan de provinsje, sille de lêste saken besprutsen wurde. Mar krekt foardat hy komt, komme der in pear miljeuaktivisten oer de flier en komt der in grut probleem oan it ljocht.

Is der sprake fan opset? Is der immen dy’t de boel yn it hûndert jeie wol?

Meiwurker Eduard besiket de saak te rêden, mar dêrby kriget er ynienen gjin help mear fan Marloes. Dy hat mear each foar har âlde jeugdleafde Vincent, dy’t mei syn folle jongere freondinne Kelly op ’e lappen komt.

Wilens soarget húshâldster Jannie, njonken kofje ensafuorthinne, foar in ekstra poarsje betizing en hat Lena, mem fan Marloes, har hannen fol oan har loaie man Bertus.

Foarsichtich mei de leafde

De suskes Overbeek wenje noch mar krekt op harsels. It binne weesbern. Tante Marjan hat altyd foar har soarge, en tinkt dat it no tiid is foar in eigen libben.

Mar se seit: ‘Foarsichtich mei de leafde’. De fatsoenlike famkes dogge dat ek, mar tante Marjan liket har dêr sels net altyd oan te hâlden.

Dat fine de famkes nochal frjemd: Se komme der sels achter dat tante twa lat-relaasjes tagelyk hat!

Omke Dries, in handige putsjeman komt geregeld del, tegearre mei syn hertsfreondinne Grada, dy’t seker net fiis is fan in feestje en in drankje.

Mar eins is tante Marjan al stikem fereale op omke Dries. Dit gegeven is it begjin fan betizingen en komyske situaasjes. Gelokkich… komt alles wer op ‘e poaten teloane.

 

Kening Klysterburd

In mearke oer de fernedering fan in heechmoedige prinses. In prinses bespot alle houlikskandidaten. Har heit hat der genôch fan en beslút har oan de earste de beste bidler te jaan. Yn werklikheid docht bliken dat it in kening is, dy’t de prinses bespot hat en him de bynamme Klysterburd jûn hat. De fernedering brekt úteinlik har heechmoed.

Motoaren en koarkleden

Harmen en Sietse binne twa bruorren fan yn ’e fjirtich. Sietse wol in frou ha. Hy hat it deroer mei syn broer.
Der wurde twa ferwûne jonge froulju by harren foar de doar goaid en se helje de froulju yn ’e hûs. De bruorren meie de plysje net belje. De froulju hâlde de bruorren ûnder skot.
De froulju hawwe sjoen dat der in offisier fan justysje deasketten wurde troch in motorklup. No tinke se dat sy ek fermoarde wurde sille. Se witte tefolle.
Letter fertelle de froulju dat se studintes binne en in skripsje skriuwe oer ‘it effekt fan it bestean fan motorklups’. Se tinke dat de buorjonges, by wize fan proef, harren ôfmeitsje moatte. Dan kinne de buorjonges lid wurde fan de motorklup.
Op in stuit komt de hiele motorklup deroan en dan moatte de froulju fuort. Sietse hat de koarrepetysje fergetten en lit it hiele koar by him thús komme mei in soarte fan klimaatliet.
De froulju krije in koarkleed oan en ferdwine mei it koar.
Sietse hat noch ûnder de namme fan Harmen reagearre op in advertinsje fan de buorfrou. De buorfrou is der bliid mei en hellet Harmen op.
Sietse woe in frou ha, en Harmen krijt der ien.

Griener gers

Mark en Esther wenje neist Erik en Juliëtte. Njonken dat de fjouwer buorlju fan inoar binne, is der yn de rin fan de tiid ek in freonskip ûntstien. Se komme geregeld by inoar oer de flier.
Ek al liket de freonskip hecht, ûnderhûds spilet ôfgeunst dochs in wichtige rol. Under in itentsje by Erik en Juliëtte thús, skept Erik frijwat op oer djoere auto’s en fakânsjes nei lúkse oarden. Mark wol net foar him ûnder dwaan. En sa bedarje Mark en Esther troch Mark syn opskepperij in wike “op fakânsje” by harren thús yn de kelder…

In komeedzje oer dat it gers oan de oare kant altyd griener liket…

Pake wol wer heit wêze

Heit fertelt syn soan dat hy wer heit wurde wol. De soan is it der hielendal net mei iens en de tredde persoan fynt it wakker nijsgjirrich. Oan de ein blykt dat heit yn alle gefallen wer heit wêze wol.


Ienakter 14 siden

2 manlju en 3 manlju of froulju


André Beeksma hat mei ’Pake wol wer heit wêze’ yn de kategory ’Ienakters’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

 

 

Drakebloed

Twa suskes gean op ’e siik nei drakebloed. Saskia hat in ûngenêslike sykte en kin net mear better wurde. Suze hat heard dat drakebloed it miskien genêze kin. Mar wêr fine je drakebloed? Hjir binne gjin draken. Mar yn de midsiuwen wol. Tante Siem hat in tiidmasine, miskien kinne se dy wol brûke. Op in jûn stelle se de tiidmasine en reizgje nei de tiid fan de draken. Se reizgje fan de iene tiid nei de oare tiid, mar fine gjin drakebloed en Saskia wurdt hieltyd siker. Uteinlik komme se yn de midsiuwen en fine it drakebloed. De suskes komme ferskate persoanen tsjin dy’t harren helpe mar ek tsjinwurkje en sommigen reizgje mei harren mei. Komme se noch wol werom yn harren eigen tiid en is it drakebloed wol in genêsmiddel foar Saskia?


In toanielstik foar en troch bern fanôf 10 jier. Der binne 20 rollen en figurante-rollen foar wat jongere bern. Te spyljen fanôf 10 persoanen mei dûbele rollen. De personaazjes kinne sawol troch man as frou spile wurde. Der kin gebrûk makke wurde fan besteande ferskes en of muzyk tusken de sênes dy’t passe by it stik.


Aly Cnossen hat mei ’Drakebloed’ yn de kategory ’Bernetoaniel’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

Warschau is sa’n moaie stêd

It stik giet oer sechstigers en tritigers/fjirtigers. De sechstigers fan no hawwe har yn har studintejierren ôfset tsjin de festige oarder fan dy tiid. Se hawwe striden foar grutte idealen en binne, fine se sels, noch like iepen en romtinkend as eartiids. De jongfolwoeksenen fan no profitearje fan de frijheid en de iepenheid dy’t de sechstigers mooglik makke hawwe. Mar wat as dy beide generaasjes foar elkoar oer komme te stean?


Sietse de Vries hat mei ’Warschau is sa’n moaie stêd’ yn de kategory ’Jûnfoljend’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

Wolkom op ús Fandaleplein

Wy sjogge yn ‘Wolkom op it Fandaleplein’ in plak dêr’t 16 minsken inoar moetsje en harren ferhalen fertelle. In dei út it libben fan samar in parkje, midden yn ’e stêd. Ek tige geskikt foar strjittoaniel of lokaasjeteater.

Sêne 1:Wurdt it Jaap Jr. of Jaap Sr.?

Wy sjogge yn de earste sêne in blind date dy’t oars rint as pland, allinnich mar omdat de jonge syn pake foarút stjoerd hat.

Sêne 2: De blonde belle

In frou mei bernewein set har eefkes te sitten op it bankje. Se wachtet op har man, mar hy hat it te drok mei in blonde belle. Dan komt in hastige buorman del dy’t wat op te bychtsjen hat.

Sêne 3en 4: Stilte/Mynhear Van Geffen

As twa famkes dy’t yn de buertsupermerk wurkje wat te lang skoftsje, wurde se troch harren sjef ûntslein. Soene de sûkelaadsjes út it winkeltsje fan Beitske Baronie helpe?

Sêne 5: Bewust in hûn

Twa âldere manlju moetsje inoar. Se sitte beide op ’e kursus “Bewust in hûn”. Sette se troch mei de kursus as de kursusliedster ferskynt of fine se it nei ien dei wol goed?

Sêne 6: Tink derom! “Wite petten”

Jûns nimt hingjongerein it parkje oer. Se besykje in famke te fersieren, mar it rint oars as bliken docht dat it famke de jonges ken.

Sêne 7: As de jûn falt

Nachts is it bankje it sliepplak fan in swalker. In BOA besiket him fuort te krijen, mar it slagget net. Jout er it op of kinne se tegearre wat regelje?

 

As in nije dei oanbrekt, is alles wer as eartiids.

Master Lalalaitsjenet

De bern yn groep 5 op de skoalle ‘Slimmernocht’ hawwe in master dy’t noait laket.

Se wolle dêrom net by him yn de klasse sitte. As se master sjogge, dan protestearje se.

Uteinlik komme se derachter dat master wat kwyt is. As er it fûn hat, komt miskien alles wer goed.

Weeshûs op stelten

Jacky, Tim, Hannah en Ingel wenje yn in weeshûs. Se hawwe gjin heit en mem mear. En hoewol dat fertrietlik is, hawwe se it hiel bot nei it sin by de direktrise miss Fluffy en har help Marie. Se hawwe in protte wille mei inoar, gean nei skoalle en krije alle dagen hearlik iten fan Marie. En miss Fluffy is sá leaf! It is in leafdefol plak, it weeshûs…

 

Mar dan op in dei begjint de ellinde. De eigener fan it weeshûs, mr. Pineapple, komt by miss Fluffy mei de meidieling dat hy, syn frou en harren soan Symon sels yn it weeshûs wenje wolle. Dat betsjut dat miss Fluffy, Marie en de bern derút moatte. Miss Fluffy skrikt bot fan it nijs. Wêr moatte se hinne? Se hawwe noch mar seis wiken om wat oars te finen!

 

Mar, sadree’t de famylje Pineapple yn it hûs lutsen is barre der frjemde dingen. Nachts spûket it! Mar spûken bestean dochs net? Of al?

 

Karavan

Barend Jan (BJ), syn frou Mineke en dochter Loretta sille mei de karavan nei Ealahuzen.

Barend Jan is in krekte man, in hiele krekte en hiel sekuere man. Thús wurdt de boel mei soarch en oant yn detail ynpakt, want de boel moat fansels wol yn lykwicht wêze at je sa’n ein ride moatte. Underweis wurdt der noch kofje dronken en dan kin op it plak fan bestimming, de fakânsje mar begjinne. Mar echt lekker rint it net, buorman set hieltyd de blombakken op it paad nei it húske en Marten kin it net litte om Loretta lêstich te fallen mei de raarste dingen. Hoe sil sa’n fakânsje no ôfrinne?