Stien

De titel ‘Stien’ is koart, mar hat in dûbele betsjutting. Yn ’t foarste plak is it de grutte stien,
midden op it toaniel, dy’t in wichtige rol spilet. ‘Stien’ hat lykwols ek te meitsjen mei in noch
al elitêre aksjegroep, dy’t alle war docht om de doarpsbewenners derfan te oertsjûgjen, dat se
harren tunen beplantsje moatte en net fol lizze moatte mei stiennen en tegels.
Nei de aksjegroep wurdt kritysk sjoen. De leden binne al wat âlder en wolle graach fan harren
hearre litte.
In jonge lânskipsarsjitekte krijt fan de aksjegroep de opdracht om fan it stikje grûn dêr’t de
grutte stien leit in soarte fan foarbyldtún te meitsjen, dy’t ek brûkt wurde kin foar allerhande
aktiviteiten. Har assistinte is in jong famke dat siket nei har woartels.
It is de troch de drank oan leger wâl rekke learaar Latyn dy’t har op it spoar fan har
biologyske heit bringt.

Op de ferkearde foet

Angelique is 40 en wanhopich op ’e siik nei de leafde. Se wennet mei har heit op in âlde
buorkerij yn de Switserske Alpen. Op in neimiddei makket se har op om mei har bêste freon
Angelo nei it karnaval. Dit jier sille se dêr as stel hinne, mar dan wol oarsom: hy as
Angelique, sy as Angelo. Flak foardat se fuort sille giet de bel en dêr stiet de date fan
Angelique, Lorenzo, op de stoepe, dy soe moarn pas komme, mar hy is in dei te gau en it
blykt ek noch de baas fan Angelo te wêzen. Angelique, ferklaaid as Angelo, docht iepen.
Angelique wurdt dus foar Angelo oansjoen en Angelo foar Angelique. De swierrichheden
folgje elkoar dêrnei yn heech tempo op, want der komme noch mear minsken del dy deis.

Wyn

Op in jûn mei fierste folle wyn, rint alles krekt even oars as ferwachte. Gesellich? No nee.
Charles en Charlotte binne út elkoar groeid, Marja en Charlotte meie elkoar net lije en Charles
hat wol in heel bysûnder momint keazen foar in wynjûntsje dit jier. Boppedat is Ed dizze kear
net útnûge… In (skriller)komeedzje.

De Poalske breid

In Poalske frou ûntkomt op it plattelân yn Grins oan har poaiers. Se flechtet ferwûne nei de
buorkerij fan in stege boer. Hy draacht har yn ’e hûs en jout har skjinne klean en iten.
Tusken dizze twa minsken, dy’t elkoars taal net sprekke, ûntstiet dochs in foarsichtich gesprek.
Wylst hy him soargen makket oer de takomst fan syn boerebedriuw, besiket sy in plakje yn
syn húshâlding te bemachtigjen. Se makket skjin, siedt iten, en hâldt him selskip.
Se leare elkoar hieltyd better kennen en der ûntstiet in bân dy’t hieltyd yntimer wurdt. Mar de
bûtenwrâld kinne se net foar altyd op in ôfstân hâlde en it gefaar krûpt hieltyd tichterby.

Beton

In soan komt op besite by syn al âldere heit en mem yn harren lúkse oanleunbungalow.
De soan is net wurden wat heit en mem hope hiene. Froeger skopte hy tsjin alles oan dêr’t syn
heit foar stie, tsjin de wrâld fan it grutte jild en alles dat ‘boargerlik’ wie. En al is hy yntiid
sels miskien in bytsje boargerlik wurden, noch altyd hat hy in hiel muoisume ferhâlding mei
syn heit. Dizze besite oan heit en mem is dan ek in seldsume gebeurtenis.
Op dizze dei is ek syn suster Lucy der. Op har liket neat oan te merken – al wie it mar omdat
se har as in goede dochter sûnder kleien oer har âlde lju ûntfermet. Koartsein, it belooft as
fanâlds in drege en stroefe famyljegearkomste te wurden
En dan komt pynlik oan it ljocht dat heit en mem yntiid folle mear help noadich ha as dat
elkenien tocht hie. En heit en soan moatte ek noch it ien en oar oersljochtsje fan wat der
froeger allegear gebeurd is.

Leafdesles

Twa psychiaters, twa pasjinten, ien tema: de leafde.
Wat hawwe we nedich? Wat sizze we wol of net? Hoe krije we de ivige ûnwissichheid ûnder kontrole en wêrom is flirten doch hieltyd wer sa’n ûnmisber elemint yn it libben.
Troch sawol de iuwenâlde ferskillen as de net te ferjitten oanlûkingskrêft tusken manlju en froulju, is it mar de fraag wa’t mei de hiele hûd út de striid komt.
Under in feninig en tige fluch spul yn de terapykeamer, bliuwe úteinlik ek de eigen relaasjes fan de psychiaters net sparre.

Inkele reis

In thriller-skriuwster en har suster sjogge in inkele reis nei in tehûs as it slimste wat harren oerkomme kin en se wolle it proses fan ôftakeling koste wat kost foarkomme.
Se skeakelje in sinistere man yn om se te helpen by harren lêste winsk, mar sa gau at de man by harren oer de flier is ûntstiet der in opienfolging fan frjemde gebeurtenissen dy’t gjinien foar mooglik holden hie.
Alles blykt hieltyd wer oars te wêzen as dat tocht waard en hoe’t it ôfrint is oant de lêste side ta net te foarsizzen.

Lek

De relaasje fan in man en in frou rint stroef. Se binne op inisjatyf fan de frou yn relaasjeterapy.
Dit wykein sille se, – sa as alle wykeinen – mei de boat fuort en foaral de frou wol de oefeningen dwaan dy’t se mei krigen ha fan de relaasjeterapeute.
Se moatte wer ferbining mei inoar sykje is de opdracht. De man fynt it allegearre mar ûnsin.
It sil in wykein wurde fol ûnbegryp, striid en ûntkenning. En dan leit der ek noch hieltyd wetter yn de roef…