De dea

De hannelsreiziger Lytsman leit te sliepen as der troch in stel manljû fan 't bêd trommele wurdt. Hy moat meirinne mei in boargerwacht om't der in moardner trapearre wurde moat. Lytsman wit nearne fan en hat der gjin sin oan, mar syn frou hat wol fan de ferneamde moardner heart en fynt dat er in keardel wêzen moat. Deabenaud giet Lytsman de strjitte op. Yn it tsjuster krijt er de bibberaasjes. Net ien wit him te fertellen wat er dwaan moat en letter docht bliken dat der ferskate ploegen mei oare plannen omrinne. Lytsman wurdt twongen om te kiezen, mar dat kin der net. Dan wurdt er troch in heldersjende fan de plysje 'ûntmaskere' as de moardner. Hast sille se him ophingje as der berjocht komt dat de maniak earne oars oan it moardzjen west hat. Elkenien fljocht der hinne. Allinne moetet Lytsman de moardner, dy't der - yn syn gefal - krekt sa útsjocht as hy sels... In Kafka-eftige klucht, mei skerpe dialogen.
Skriuwer(s): ALLEN, Woody
Titel: De dea
Skreaun yn: 198?
Te keap: 0
Oersetter: Jan van der Hoek
Oarspr. Titel: Death
Ynfierdatum: 2002-10-29
Dekor: keamer; strjitte.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 9