De famylje Tót

De famylje Tót spilet yn in Hongaarsk berchdoarpke yn de twadde wrâldkriich. Heit Tót is brânwachtkommandant yn in doarp wer noch nea brân west hat. Harren soan Gyula fjochtet oan it front. As in kaptein út it Hongaarske leger, dea te 'n ein, foar fjirtjin dagen op ferlof moat, betinkt de soan dat hy grif by de famylje Tót opknappe sil. As se goed foar de kaptein soargje, komt alles wol goed. De famylje is gau beret, en dogge harren best om it de kaptein op alle fronten nei it sin te meitsjen. Oan alle fratsen en kueren fan de kaptein wurdt foldien yn de hope dat harren soan der baat by hat oan it front. De tragyk fan it stik is dat de famylje alhiel gjin weet hat oer it werklike lot fan harren soan. Dizze tragikomeedzje fan Istvan Örkény bringt hylaryske scenes weryn de bittere smaak in oanklacht is tsjin machtposysjes, willekeur en slaafske ûnderwerping. Koartwei: in gefjocht tusken humor en drama.
Skriuwer(s): ORKENY, Istvan
Titel: De famylje Tót
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: ?
Te keap: 0
Oersetter: Roorda, Elske
Oarspr. Titel: Tóték
Ynfierdatum: 2014-11-26
Dekor: Berchdoarpke
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 9