De favoryt

De Favoryt is in bysûnder luchtige bewurking fan it ferhaal fan Job. It stik spilet him ôf op Long Island yn de filla fan in rike, suksesfolle sakeman mei in frou, in 'ferlerne' soan en in net al te snoade twilling. Op in jûn krijt de famylje besite fan in 'boadskipper fan God' as sadanich te herkennen oan in grutte 'G' op syn sweater. Us moderne Job wegeret God te fersaken en dus wurdt er fan dat momint ôf achterfolge troch rampspoed. Syn fabryk baarnt oan de grûn ta ôf, hy krijt alderlei mysterieuze sykten en syn famylje ferlit him. Al dy tiid wegeret er om syn God te fersaken. At er alles kwyt is krijt er fia de boadskipper (dy't syn baantsje kwytrekke is) antwurd fan God. De boadskipper jout ta dat er ferlern hat en de ferlerne soan komt wer thús.
Skriuwer(s): SIMON, Neil
Titel: De favoryt
Utjoen yn: 2011
Te keap: 1
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: God's favorite
Ynfierdatum: 2011-10-19
Dekor: ien
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 5