De palingopera

Trije ferhaallijnen rinne troch inoar yn dit iepenloftspul. It earste giet oar de ûndergang fan de Firma Visser út Heech (en dermei fan de ieuwenâlde ielhânnel op Londen). It twadde oer it libben fan Bouke Annes Visser, de ferneamede komponist út Heech, dy't sels ik koarte tiid yn de direksje sitte hat fan de Firma Visser en letter omswalkte yn Dútslân, Sweden, Holland en Italië. De tredde ferhaallijn is eins net oars as it prebearjen fan de Heegemers om de (sabeare) 'Palingopera' fan Bouke Visser te rekonstruerjen en op te fieren. In taak dy't tige komplisearre wurdt as de komponist persoanlik werom komt nei Heech om himsels der mei te bemoeien. En tagelyk in appeltsje mei it ferline te skillen. De 'skuldfraach' oer de ûndergong fan it famyljebedriuw spilet der yn in wichtige rol, mar ek it ferlies fan syn jongste broerke en de haat/leafde ferhâlding mei syn heit. Njonken musyk fan Bouke Annes Visser wie der yn dit musykteaterstik ek musyk fan Sjoerd van der Veen. De tekst is yn it Nederlânsk en yn it Frysk.
Skriuwer(s): BRANS, Hans
Titel: De palingopera
Skreaun yn: 1999
Utjoen yn: 1999
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2003-07-22
Dekor: in boat, kantoor, hûskeamer, kade, ensfh.
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 15