Folk yn

It bûten Squire Grange is sawol in ein út de reek as op in freedsume manier in deade boel. Sir Malcolm is drok dwaande mei neat dwaan en Lady Amelia is tegearre mei húsfreon Freddy wanhopich op syk nei in plot foar har nije skriller. As de ûngelokkige Vic Tim del komt en eins daliks troch in ûnbekende delsketten wurd, probearret eltsenien de dieder te ûntdekken foardat ‘r wer taslaan kin. It earste probleem is hoe it lichem fan it poadium ôf te krijen, it jout in soad rotsoai en de spiler moat yn ’t twadde bedriuw yn in dûbelrol as plysjeman meidwaan. De húsfeint Smalls en Mabel de tsjinstfaam dogge harren best om de plysje te helpen en Sir Malcolm helpt de moaie Nunnal graach in hantsje, mar se kinne net foarkomme dat ek de toanielprodusint fermoarde wurd. Efkes wurdt der tocht dat ek it publyk fergif hân hat! Sa as by Agatha Christie komt in âldere frou, Miss Marbles, om de saak op te lossen. Eintsje beslút liket it derop dat de ynstekker de dieder is. Of is der noch in fertochte, want sels nei ôfrin falle der noch deaden. Dizze healwize komeedzje wegert perfoarst harsels, it sjenre, de auteur en de spilers al te serieus te nimmen en is oant no ta in boppeslach yn Ingelân; Australië; Súd Afrika en Amerika. Nederlân en België folgje?
Skriuwer(s): HORNBY, Ian
Titel: Folk yn
Te keap: 0
Oersetter: Seijen, Doeke van
Oarspr. Titel: Hello... Is Any Body there?
Ynfierdatum: 2016-06-14
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 4