Freya

Freya is in frije bewurking fan it Grykske treurspul Antigone fan Sophocles. Utgongspunten binne de universele temas dêr’t Antigone op besearre is. Krekt dêrom sille der oerienkomsten mei de hjoeddeiske maatskiplike en politike situaasje. It kin oeral en altyd gebeure: de moed fan de ienling om him te fersetten tsjin de macht as dy macht, om it behâld dêrfan, syn humane gesicht driget te ferliezen of b.g. de famyljebelangen skeint. It stik spilet yn in ryk dêr’t de Hastings oan it bewâld binne. Troch it ferstjerren fan de âlde kening Quinten nimt in regint, Vosmar, it behear oer oant ien fan de twa soannen fan de stoarne kening, de twaling Focko en Farid, âld genôch is om it fan Vosmar oer te nimmen. Net allinnich gunt de iene broer de oare de troan net, ek is Vosmar wyls oan de macht ferslingere rekke en net fan doel dêr samar ôfstân fan te nimmen. De ûnderlinge striid tusken de broers gebrûkt er as argumint om oan te bliuwen. Focko giet iepenlik de striid oan met Vosmar, Farid kiest foar in opportunistyske opstelling yn de omjouwing fan de macht. De reedlikheid en iepenheid dêr’t Freya har troch liede lit, komme ûnder druk te stean as se tinkt dat lânsbelang en famyljesaken dat fan har easkje. Freya hat mei elk fan de spilers problematyske relaasjes en hâldt alle triedden stevich fêst. Hoewol se yn it earstoan Vosmar syn rol as regint akseptearje koe, wie dat oer, doe’t ien fan har broers it fan him oernimme koe en hy wegere. Se ferwyt him syn manier fan regearjen, it krampachtich fêsthâlden oan regels en wetten , fersterke troch in tekoart oan ferbyldingskrêft dat yn de praktyk ta ferstjurring leidt. Ek lytsachtet se him om syn fersyk syn soan, Arèn, har minnaar, tsjin har op te setten. Se gunt Focko de troan, mar is it net iens mei syn tarieding op in gewelddiedige striid. Farid en har suster Anaïs binne troch it oanskeuken tsjin de macht yn har eagen ferrieders. Al dizze gegevens en de gefolgen dêrfan foar de libbens fan alle meispilers is de reade trie troch it ferhaal. It hiele ferhaal wurdt tekenen troch yntriges en gearspanning, mar ek troch de ynset foar wat as needsaaklik en rjochtfeardich sjoen wurdt. Der sille úteinlik gjin winners wêze. Freya sil wollens en wittens har frijheid opofferje.
Skriuwer(s): MEER, Aggie v/d
Titel: Freya
Skreaun yn: 2012
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2017-07-11
Omfang: Net jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6