Hektor

No giet it oer grytman Hector. It spilet him ôf om 1800 hinne. It ferhaal giet oer de lêste telch út de aristokratyske grytmansfamylje Fan Haersma dy’t fan 1600 oant 1800 har domisylje yn Aldegea hie en diel útmakke fan de Grietenij Smellingerlân. Inkele histoaryske feiten binne bekend. It ferhaal is basearre op in miks fan sosjale tastannen. Ryk trout mei ryk, earm mei earm. De rike Hector wurdt fereale op de moaie Jannigje fan de heide. It is it klassike drama. Fanwegen it stânsferskil kinne se net mei elkoar trouwe. Hector wurdt keppele oan de dikke, ûnsjogge, gemiene Gesina. Dy twa ha nochal ris rûzje. Hector ferset him earst tsjin de skynhilligens fan tsjerke en aristokrasy, mar docht úteinlik ek mei oan it ûnearlike libben. Hoe’t dat ôfrint, is ymposant. Net echt in ein dat je fan in iepenloftspul ferwachtsje. Dan moatte je wol wat oandoarre!
Skriuwer(s): VRIES, Wimpy de
Titel: Hektor
Skreaun yn: 2006
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2010-05-19
Dekor: Rûndraaiend
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 19
Tal manlju: 24