Ien foar it ôfwennen

Der wurdt in man yn in net neier beskreaune wurkromte litten. Hy wurdt ûnderfrege troch de man dy't dêr thús is, mar dy stelt lykwols hast gjin rjochtstreekse fragen. Hy hat it oer dingen dy't nearne mei te krijen hawwe; hy hat it sa no en dan sa by de noas lâns oer 'jo frou', dy't yn 'e keamer derneist wêze soe, oer syn soantsje dy't twa ferdjippings heger sitte soe, ensafh. Underwilens skinkt de ûnderfreger himsels geregeld in whiskey yn 'foar it ôfwennen.' De man dy't ûnderfrege wurdt swijt foar it grutste part. It fersyk om him te deadzjen docht de ûnderfreger ôf as in mislik meitsjende wanhoop. Yn de folgjende, koartere sêne, is it de frou dy't ûnderfrege wurdt. It is dúdlik dat hja te nei kommen is troch de 'meiwurkers' fan de ûnderfreger. Nei in noch koartere sêne mei de jonge, sjogge wy úteinlik wer syn heit. Dejinge dy't ûnderfrege wurdt, seit dat hy frijlitten wurde sil en syn frou 'oer in stikmannich wiken.' Op de fraach hoe't it mei de soan sit, anderet de ûnderfreger: 'sit dêr no mar net oer yn. Dat wie mar in eigenwiis kloatsekje.' Kommintaar: Dizze koarte ienakter hat de sfear fan it ûnderfreegjen fan in finzene ûnder in diktatoriaal rezjym. Pinter lit yn dit stik sels lykwols gjin martelings of geweld sjen, en likemin in hurd en doelfêst ûnderfreegjen (sa't wy dat fan films kenne). Om't net dúdlik is wêr't de ûnderfreger krekt op út is, wurdt de taskôger lykwols namste sterker ferpleatst yn it ûndergean fan de finzene, dy't net wit hoe't it mei syn sibben is, ensafh. It giet Pinter net om ús lilkens oer dizze of jinge misstannen, mar om de neakene driging fielber te meitsjen. Troch it folslein oerlevere wêzen rekket it slachtoffer yn in 'nimmenslân' (titel fan in soartgelikens stik fan Pinter), wêryn de taal net tsjinnet om te kommunisearjen, mar om immen geestlik murf te meitsjen. HB
Skriuwer(s): PINTER, Harold
Titel: Ien foar it ôfwennen
Skreaun yn: 1973
Te keap: 0
Oersetter: Berg, Auke v.d. en J.v. Houten
Oarspr. Titel: One foar the road
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: soart kantoar
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 2