Leonce en Lena
Prins Leonce, soan fan kening Peter yn it keninkryk Popo, hat genôch fan 'e wrâld en syn fernoegens. Alles ferfeelt him, sels syn leafste Rosetta. Wannear't syn sleauwe, wize heit seit, dat hy trouwe moat mei prinsesse Lena fan it keninkryk Pipi, dat njonken Popo leit, naait hy út mei syn trouwe feint en freon Valerio.
Ek prinsesse Lena fielt neat foar in houlik út lânsbelang en naait út mei har gûvernante. Sûnder te witten wa't hja is, heart Leonce de stim fan Lena en wurdt fereale op har. Ek hja is djip ûnder de yndruk fan de ûnbekende jongfeint. Nei't er har tute hat, wol hy in ein meitsje oan syn sinleas libben, mar Valerio wjerhâldt him dêrfan.
Noch hieltyd ûnwittend fan harren identiteit, beslute Leonce en Lena te trouwen. Mei in masker foar komme se by it hof fan kening Peter oan, dêr't alles al klear makke is foar de brulloft. By eintsjebeslút komme Leonce en Lena der achter wa't se binne. Nei harren houlik sjocht Peter ôf fan 'e troan. Valerio wurdt minister en komt mei in folslein ferbod fan wurk.
Kommintaar:
Dit poëtyske stik is net sa romantysk en mearkeëftich as it liket. Under it mearke skûlet in satire op de hearskjende machten dy't hielendal los stean fan it lijen en arbeidzjen fan gewoane minsken. Minstens sa wichtich as dy sosjale satire is de benearjende leechte yn it karakter fan Leonce. Troch de ferfeling fan Leonce wurdt de taskôger ek konfrontearre mei it probleem fan hoe it libben sin en ynhâld te jaan.
Nammenste knapper is it dat dizze problematyk hieltyd ferpakt bliuwt yn de foarm fan in luchtige, sprankeljende komeedzje.
De bewurking fan Tsjitske de Boer hat it stik noch dúdliker makke. Yn dizze foarm is it ek geskikt om foar/troch jongerein spile te wurden.
HB
Skriuwer(s):
| BUCHNER, Georg |
Titel:
| Leonce en Lena |
Skreaun yn:
| 1836 |
Te keap:
| 0 |
Oersetter:
| Boer, Tjitske de (bew.) |
Oarspr. Titel:
| Leonce en Lena |
Ynfierdatum:
| 1996-07-03 |
Dekor:
| paleisfertrekken en ferskate lokaasjes bûten |
Omfang:
| Jûnfoljend |
Rjochten:
| Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
Tal froulju:
| 3 |
Tal manlju:
| 5 |