Minder as in hûn?

Paul Radelaar, learaar oan de akademy, hat blaaskanker. De dokter en húsfreon Hugo Moens seit dat in operaasje needsaaklik is, de blaas moat der út. Mar Paul wol dit net, hy wol net mei in sekje op it liif troch it libben. Earst liket it goed te gean en Paul giet wer oan't wurk. Mar samar ynienen slacht de tumor ta en is it libben fan Paul net mear te rêden. Syn frou Ria helpt him út it lijen. KOMMINTAAR: In ienakter mei in tema fan dizze tiid, kanker en eutanasy. Yn in stik as wat sênes wurdt beskreaun hoe' de pasjint, syn frou en de dokter, allegear op harren eigen wize, mei de sykte fan Paul omgean. In útdaging foar in ploech mei trije goeie spilers. Ek de man fan de beljochting sil der mei nocht oan wurkje. GD
Skriuwer(s): MUYLAERT, Fred
Titel: Minder as in hûn?
Skreaun yn: 1989
Te keap: 0
Oersetter: Dijkstra, Gurbe
Oarspr. Titel: Minder dan een hond?
Ynfierdatum: 1996-07-03
Dekor: in húskeamer, in sprekkeamer en in siikbêd; kin op ien
Omfang: Ienakter
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 2
Tal manlju: 1