Redbad

Aldgilles is kening fan Fryslân. Hy is grutsk op syn lân en pleitet foar frede. De iennige striid dy't hy fiert is de striid tsjin it wetter dat stadichoan mear en mear fan syn lân opslokt. It is it jier 657, de tiid fan de earste sindelingen. By Aldgilles komt Wilfred oan it hôf, hy mei frij it evangeelje preekje. De mem en soan fan Aldgille, Thied en Redbad, binne it hjir net mei iens. As dan de grutte leafde fan Redbad, Rixt Martena, troch har heit yn it kleaster setten wurdt, set Redbad him noch mear ôf tsjin it leauwen fan syn heit. De bân tusken heit en soan wurdt minder. Redbad tidiget op wraak en besiket preker Wilfred te fermoardzjen. Dit mislearret mar toch moat Redbad bliede foar syn died. Hy moar Fryslan út en mei, sa lang as syn heit libbet, it lân net mear yn. Hy giet lykwols net sûnder syn leafste Rixt. Yn 679, as Aldgilles stoarn is, komme Redbad en Rixt werom yn Fryslan. Redbad nimt de kroan oer mar hy is in hiel oare kening as syn heit. Hy wol neat witte fan feroaringen. It belied fan Aldgilles wurdt ôfskaft, tolerânsje en ferdraagsumens binne fier te sykjen. De soan fan Redbad, Leafwyn, is foar in grut part troch syn pake opfieden. Hy is it totaal net iens mei de wurkwize fan syn heit. It liket wol oft de skiednis him werhellet. Trije keningsdrama's binne troch skriuwer en filosoof Eric Hoekstra by elkoar brocht ta in stik; Redbad. De reade tried dy't troch it ferhaal rint is de eangst foar feroaring. In tema dat foar nimmen ûnbekend is.
Skriuwer(s): KALMA, Douwe
Titel: Redbad
Skreaun yn: 2011
Te keap: 0
Oersetter: Hoekstra, Eric en Stellingwerf, Pieter
Ynfierdatum: 2015-07-08
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 5