Robin Hood

Robin Hood wie de dryste held fan Ingelân yn de tiid fan kening Richard Liuwehert. Hy wie in strider foar de ûnderdrukte en earme minsken. Om harren te helpen moast Robin stelle fan de riken. Prins John en syn gefolch, betochten hieltyd nije en hegere belêstingen foar it folk sadat se der sels lui en lúks op loslibje koene. Robin en syn Griene Binde libben yn de bosken fan Sherwood om't se út harren eigen húzen ferjage wiene troch de hege hearen. Prins John naam it plak yn fan syn broer Richard Liuwehert. Richard wie in goede en earlike kening mar waard op Krústocht nei it Hillige lân finzen naam. As Robin en syn maten op in dei samar ynienen feroarje yn echte kriminelen dy't allinne mar stelle om der sels better fan te wurden wurt it folk kjel. Se lykje wol bestjoend. Tagelyk docht bliken; Prins John beskikt oer in machtich wapen en spitigernôch komt Richard Liuwehert mar net werom. Soene de misklike oerhearsers de slach dan foargoed winne of komt der noch help fan de heimsinnige Sware Muonts???
Skriuwer(s): HOEKSTRA, Gerrit
Titel: Robin Hood
Skreaun yn: 1999
Te keap: 0
Ynfierdatum: 2009-12-15
Dekor: Doarpskearn
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik ís útjûn troch it BIS (Berne Iepenloftspul. Foar kontakt kinne jo kontakt opnimme fia info@berneiepenloftspul.nl
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0