Skarrel op ‘e skealing
Mary Rhodes, frou fan toskedokter Victor Rhodes, had in ferhâlding mei Clive Root, in antiker. Harren ferhâlding moat it ha fan stellen oerkes. De net troude Clive easket lykwols hieltyd mear tiid fan Mary op en wol dat se kiest tusken him en har man Viktor. Dat is net maklik foar har, omdat se nettsjinsteande alles ek fan har man Victor hâldt. Boppedat is Mary mem fan twa bern. Clive forsearret de sitewaasje meidat er Victor troch in brief op de hichte bringt fan harren ferhâlding. Victor skopt Mary lykwols net it hûs út, mar stelt in diskrete omgongsregeling út tusken Mary en Clive. Clive wol Mary allinne foar himsels en sjocht gjin heil yn dizze oplossing. Victor liket him lykwols te oertsjûgjen. It stik hâldt op mei it echtpear Victor en Mary dat foar Clive oer stiet. Sil Clive op it útstel fan Victor yngean? Kommintaar: Blijspul mei earnstige ûndertoan. Hoe faak steane wy yn ús libben net foar in kar, dy't net te meitsjen is. Is it houlik allinne monogaam? Binne der oare libbensstilen mooglik? It stik leit ús gjin miening op. Bikkelhurd reagearje en fêsthâlde oan prinsipes bringt gjin oplossing. Dus dan dochs mar kieze foar in omgongsregeling? SP| Skriuwer(s): | GREENE, Graham |
| Titel: | Skarrel op 'e skealing |
| Skreaun yn: | 1959 |
| Te keap: | 0 |
| Oersetter: | Tasma, Gerrit |
| Oarspr. Titel: | The complaisant lover |
| Ynfierdatum: | 1996-07-03 |
| Dekor: | sitkeamer |
| Omfang: | Net jûnfoljend |
| Rjochten: | Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje. |
| Tal froulju: | 3 |
| Tal manlju: | 5 |
