Waking Ned

As yn in lyts Iersk doarpke bekend wurdt dat de haadpriis fan de lotto by ien fan de ynweneers fallen is, begjint it feest al foar ’t men wit wa’t de winner is. It achterheljen fan dy winner hat nochal wat fuotten yn ‘e ierde. Uteinlik wurdt Ned Devine mei in brede glimp dea foar syn telefyzje oantroffen. It winnende lot yn ‘e hân. Men wol net dat it doarp it grutte jild misse sil, dat hie Ned grif ek net wollen. Dêrom wurdt der ûnder it genot fan drank en iten in komplot yn elkoar setten. Dan docht bliken dat wiisheid net altyd mei de jierren komt...
Skriuwer(s): JONES, Kirk
Titel: Waking Ned
Skreaun yn: 2001
Te keap: 0
Oersetter: Zijlstra, Antine
Oarspr. Titel: Waking Ned
Ynfierdatum: 2016-06-08
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Opfieringsrjochten foar dit stik binne net regele. Nim kontakt op mei Keunstwurk / Staffryslan.nl foar mear ynformaasje.
Tal froulju: 10
Tal manlju: 8