As de keallen op it iis dûnsje

Gerard Groen besteget syn frije tiid oan it besjen fan 'e stjerren. Benammen it stjerrebyld Lyra, dat seit him wat. Op in jûn, as der in moannefertsjustering ferwachte wurdt, jout hy him der sa yn, dat er de libbene Lyra as in prachtich jongfaam by him de keamer ynkommen sjocht. Hja seit dat hy har roppen hat en dat hja him helpe wol syn problemen op te lossen. Sa wol hja helpe om syn ferkearing mei Andrea troch middel fan in leafdesdrank op it goede spoar te setten. Mar dat rint út 'e hân. Want behalve Andrea reitsje ek oaren, dy 't dêr thús hearre of dêr komme, ûnder ynfloed fan dy drank. Dat binnen syn keamermaat Fred en dy syn faam Selena, Roas, in buorfamke, en Gab, de monteur fan it G.E.B. Gerard syn mem bliuwt der frij fan, dat dy kin gewoan mei Lyra prate. As de betsjoening, troch yn 'e hannen te klappen, ophâldt, is it smoarfereale-wêzen oer en giet elk wer gewoan syn wegen. Sagau hawwe Gerard en Andrea, frou Groen de doar net útlitten, of hja falle mekoar om 'e hals en wurde it iens. Lyra besjocht noch efkes it resultaat fan har wurk en reizget dan tefreden ôf nei it plak, dêr 't hja weikommen is en thús heart.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): DOLE, John
Titel: As de keallen op it iis dûnsje
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1988
Te keap: 1
Oersetter: Eisma, Dick
Oarspr. Titel: ?
Ynfierdatum: 1998-06-18
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 3