Bergvik
Dit stik spilet him ôf op in buorkerij yn Noarwegen. De oan de drank ferslave eigner, ferûngelokket op in jûn as er nei stêd ta sil. De bedriuwslieder Osmund besiket by de boerinne Gudrun op'e lije side te kommen. Sy fiele wat foarelkoar, wie der opset yn 't spul by it ûngelok fan de eigner? Osmund hat him as doel stelt te slagjen yn 't libben, hy is beslist net maklik. Foaral de bern fan Gudrun, soan Erik en dochter Gerd, ha faak konflikten mei him. Marte, de âlde tsjinstfaam, hat har hiele libben yn tsjinst stelt fan de famylje en wit fan elk persoanlik de djippere achtergrûn. In stik fol spanning, driging en foaral minslike emoasje.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SKAGESTAD, Tormod |
Titel: | Bergvik |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 2000 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Jorna, S. |
Oarspr. Titel: | Under treet ligg öksa |
Ynfierdatum: | 2001-04-26 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 3 |