Bleekerroad
Fred Bleeker en syn frou Dee sette har nei wenjen yn Kanada en bouwe dêr alhiel op 'e romte in skieppefarm op. Fred set alles op alles en it slagget him wol aardich, mar Dee is dêr ûnwennich. Se kinne spitigernôch gjin bern krije. Op in dei biedt him immen oan as feint, dy't Fred oannimt. Dee en dizze feint groeie nei elkoar ta en it rint der op út dat se swier fan him wurdt. Dat ropt by beide grutte spanningen op. Dan komt it berjocht dat se der wei moatte omdat it regear it fjild foar militêre doelen brûke moat. Dee giet no wer alhiel neist Fred stean. Wylst de beide manlju slaande deilis om Dee binne, sjit se yn it militêre kamp in hege ofsier dea. Justjes letter wurdt se troch de militêre plysje fan hûs helle en meinommen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | SEIJEN, Ad van |
Titel: | Bleekerroad |
Skreaun yn: | 1986 |
Utjoen yn: | 1987 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1998-06-10 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Net jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 1 |
Tal manlju: | 5 |