Bliid dat ik dy sjoch

1. Wa past op' e hinnen? Der stiet ien fan de postkoadelotterij foar de doar mei blommen. De frou tinkt dat se in priis wûn ha, mar de man wit wol better. 2. Dokter Strauss yn' e stress In dokter hat it fleanende drok as frou Feitsma ynienen foar him stiet. Der komme hieltyd telefoantsjes en dan moat er frou Feitsma ek noch ûndersykje. As er wat ûntdekt, doart er it hast net te fertellen. 3. In lyk út ' e liken In toanielploech komt byinoar op te repetearjen. De spilers ha allegearre harren eigen beslommeringen. Der komt ek noch in ûnferwachte gast. 4. Bliid dat ik dy sjoch In man en in frou komme inoar nei 20 jier wer tsjin yn de wachtkeamer fan de toskedokter. Earst binne se bliid om inoar wer te sjen, mar dan moat der dochs noch wat útpraat wurde.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): POPMA, Froukje
Titel: Bliid dat ik dy sjoch
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2008
Te keap: 1
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2008-09-10
Dekor:
Omfang: Ienakter
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 0
Tal manlju: 0