De foksejacht

Volpone is de readhierrige rike skevel dy't yn de tiid fan de Ynkwisysje yn Venetie wennet mei syn miswoeksen dochter Nana, syn kwea-aardige tsjinner Mosca en syn bysliep Catarina. Troch syn rykdom wit er altyd de mazen fan de wetten fan Steat en stêd te finen ta jaloerskens fan Voltore, Corvino en Corbaccio. As Volpone harren ien foar ien, fia Mosca witte lit dat syn lêste oere tichteby is en dat hy harren wol betinke wol yn syn testamint, binne dy trije gau beret om de bút binnen te heljen. Dan ûntwikkelt him in spul fan list en bedroch, habsucht en begearte en de ôfrin is, dat net ien dat kriget, dêr't er op hope en rekkene hie..Foar Volpone en Nana wurdt it úteinlik in drama, foar Mosca en Catarina liket it better te betearen.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CLAUS, Hugo
Titel: De foksejacht
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2008
Te keap: ja
Oersetter: Haan de, Jikke
Oarspr. Titel: Volpone
Ynfierdatum: 2008-06-04
Dekor: 3
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 6