Deiwurk by jûntiid
Rymkje, de klusjesfrou fan de putsjebus, kreazet it hûs fan frijgesel Age op troch te plamueren, skilderjen en sa. Sy is fereale op Age, wurket by de konkurrint fan Age, mar dat wit Age net. Rymkje hat dus in geheim. Age slacht raar yn'e froulju om; foar elke dei ien en elk tinkt dat se mei Age trouwe sille. Op in reinige middei komme se allegearre del. Opset of tafal? De betizing is grut. De froulju wurde wraaksuchtig en betinke wat. U.o. namme ferwikselje, sadat Age net mear wit wa't wa is. En sa rint Age mei iepen eagen yn'e fûke. In nuveraardich stik foar in fleurige jûn.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | LING, Ruud van |
Titel: | Deiwurk by jûntiid |
Skreaun yn: | ? |
Utjoen yn: | 1998 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Hof, Alle G. |
Oarspr. Titel: | Een vrouw voor elke dag |
Ynfierdatum: | 1999-04-14 |
Dekor: | húskeamer yn'e flat fan Age |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 6 |
Tal manlju: | 1 |