
Griener gers
Mark en Esther wenje neist Erik en Juliëtte. Njonken dat de fjouwer buorlju fan inoar binne, is der yn de rin fan de tiid ek in freonskip ûntstien. Se komme geregeld by inoar oer de flier. Ek al liket de freonskip hecht, ûnderhûds spilet ôfgeunst dochs in wichtige rol. Under in itentsje by Erik en Juliëtte thús, skept Erik frijwat op oer djoere auto’s en fakânsjes nei lúkse oarden. Mark wol net foar him ûnder dwaan. En sa bedarje Mark en Esther troch Mark syn opskepperij in wike “op fakânsje” by harren thús yn de kelder… In komeedzje oer dat it gers oan de oare kant altyd griener liket…Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | STEEGSTRA, Anja |
Titel: | Griener gers |
Skreaun yn: | 2020 |
Utjoen yn: | 2020 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 2020-07-27 |
Dekor: | yn in kelder en foar in tintsje & yn in wenkeamer |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 2 |
Tal manlju: | 2 |

