In saak fan libben en dea

Johannes Baalman wurdt fermoarde troch Cornelis Bartjens. It lyk hat er yn ’e rivier goaid. It wurdt nea fûn. Bartjens giet de oare deis te bycht by pastoar Heijdenrijk. Hy hat net echt spyt, dus pastoar jout him gjin absolúsje (ferjouwing). Bartjens moat earst echt berou toane. Pastoar Heijdenrijk leit him in pear penitinsjes (boetes) op en freget Bartjens om letter werom te kommen. It tafal wol dat de pastoar de oare deis in besite ôflizze sil by de húshâlding fan Johannes Baalman. Mar by de besite oan frou Baalman falt de pastoar min as mear troch de koer. As de pastoar fuort is, begjint de frou te tinken dat hy mear wit oer de fermissing fan har man. De oare deis giet de frou nei de pastoar. Under bedriging mei in revolver twingt sy de pastoar mei geweld om de wierheid te fertellen. Dan giet se rjochtstreeks nei de skout. Se wurde alle trije oppakt. De moardner, de pastoar en de frou fan it slachtoffer. Dan folget de rjochtsaak.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): JORRITSMA Broer
Titel: In saak fan libben en dea
Skreaun yn: 2025
Utjoen yn: 2026
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2026-06-20
Dekor: Rjochtseal
Omfang: 70 siden jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 5
Tal manlju: 5