It konsert
Gustav Heink, in pianist, seit tsjin syn learlingen, dat er ûnferwachts fuort moat, omdat er in konsert jaan sil. Syn frou Mary makket er wiis, dat er oan rêst ta is en in pear dagen bei harren simmerferbliuw ta wol. Alle froulju binne sljocht mei Gustav en ien fan syn learlingen fertrout dit "útsje" net, temear, om 't in oare learlinge, frou Jura, ek in pear dagen fuort is. Hja stjoert oan mynhear Jura in tillegram mei it berjocht, dat syn frou mei Gustav op stap is. Mynhear Jura, yn de ferûnderstelling dat de frou fan Gustav him it tillegram stjoerd hat, giet nei har ta en fertelt har syn opfettingen oer trou en ûntrou yn leafdesrelaasjes en stelt har út, tegearre nei it simmerferbliuw te riden. Dêr treffe hja Gustav en frou Jura. Mary, dy 't tige fan har man hâldt, slagget it mei gâns omwegen de pearen wer yn de âlde foegen te krijen. Mar hoe maklik as in man him út balâns bringe lit docht bliken, as oan 'e ein fan it stik in learlinge by Gustav nochris alles op alles set.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BAHR, Herman |
Titel: | It konsert |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1988 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Beintema, Tabe |
Oarspr. Titel: | Het concert |
Ynfierdatum: | 1998-06-18 |
Dekor: | 2 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 5 |
Tal manlju: | 3 |