It wetterfamke Udine

  De wettergeast Koeleborn hat der foar soarge dat it wetterfamke Undine opgroeie kin by in fiskersechtpear. Sy kin allinne oerlibje yn minsklike foarm as sy minsklike leafde kent. Troch in stoarm komt ridder Huldebrand by in fiskershúske. Der moetet er Undine en wurde se fereale op inoar. De ridder wit fan it geheim fan Undine en sil har nea ferlitte. Se trouwe en de ridder nimt Undine mei nei it kastiel fan de hartoch om in grut feest te jaan. Dêr wachtet Bertalda, de jaloerske prinses dêr hy earst mei trouwe soe. Ridder Huldebrand giet hieltyd mear mei Bertalda om, mei as gefolch dat de wettergeasten nei it kastiel komme om Huldebrand kwea te dwaan. De elemintêre wêzens en Aelin, it suske fan Undine, helpe Undine om derfoar te soargjen dat Huldebrand by har bliuwt. Undine soarget derfoar dat de wettergeasten net mear by it kastiel komme kinne. Uteinlik wol de ridder Undine net mear en ferdwynt sy in it wetter. Letter trout Huldebrand mei prinses Bertalda. Nachts komt Undine as wettergeast by de ridder spûkjen en úteinlik komt har foarspelling út. In spannend leafdesmearke mei in ferrassend ein. (Dûbelrollen mooglik)

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CNOSSEN, Aly
Titel: It wetterfamke Udine
Skreaun yn: 2025
Utjoen yn: 2026 & In huske yn it bosk
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2026-09-26
Dekor:
Omfang: 42
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 3