Jel en Mel

Dizze ienakter giet oer Jelle en Melanie. It stel komt út in lyts doarpke yn Fryslân en is in wykeintsje mei de kano op stap. It liket prachtich waar te wurden. Jelle en Melanie binne al in skoftke tegearre en fan doel in hûs te keapjen. Mar wat is dan ferstannich? In gearlibbingskontrakt of dochs trouwe? Se wolle it wykein brûke om alles ris rêstich op in rychje te setten. Mar in appende mem (wurksum yn’e geastlike sûnenssoarch) dy’t op fakânsje is yn Egypte soarget foar betizing – hokker geheimen komme oan it ljocht ûnder it moarnsiten?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BRUGMAN, Gitte & POST, Elisabeth
Titel: Jel en Mel
Skreaun yn: 2024
Utjoen yn: 2025
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2025-06-04
Dekor: Foar in hutsje & oan it wetter
Omfang: 17 siden
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 1
Tal manlju: 1