
Jo binne myn heit
By in doopplechtichheid fan de foarname famylje Gerlsma, wiist in ûnbekende frou Willem Gerlsma oan as har heit. As hy it net is, wa dan wol? Wylst de kosteres de minsken troch de tiid loadst, siket har dochter om de echte heit. Der is, behalve in doop, in begraffenis en in hast mislearre houlik, ek noch in ferkeard begrepen gedicht foar nedich om doch noch ta in ‘happy end’ te kommen. ‘Jo binne myn heit’ jout in leafdefol portret mei in knypeach nei it plattelân dat der net mear is, dêr’t elkenien syn plak hie, mar guon ek net.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BRANS, Hans |
Titel: | Jo binne myn heit |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2018 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Tineke Hoekstra |
Oarspr. Titel: | U bent mijn vader |
Ynfierdatum: | 2018-02-04 |
Dekor: | |
Omfang: | Ienakter |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 6 |

