Mama Mia, waspoeier en mafia

Frans Baas is in jonge direkteur fan begjin trittich. Syn heit lit him de waskpoeierfabryknei, der t hy no al in stikmannich jierren de baas fan is. Hy wennet mei syn oansteande Tiffany, yn in lukse filla, Tiffanny is it tsjinoerstelde fan Frans; sy kin net sunder lukse, sieraden en har trouwe betsjinner Diego - in echte Italiaan yn ieren en sinnen mei on foarleafde foar de plezierkes yn it libben - wylst Frans neat om dat alles jout. No ja, jild spilet op dit stuit wol in wichtige rol yn syn libben. de Ekonomyske krisis hat der goed ynhakt en syn fabryk der t hy Waskpoeier Wyt Wunder yn fabrisearret, is omtrint fallyt. Frans is der wis fan dat Tiffanny by him weigiet as sy der achter komt dat alle lukse gau ferline tiid wurdt. De brulloft is al pland en syn skoanalden komme oer ut Australie om harren son in law einlings te moetsjen. Frans wit fan gekkichheid net mear wat er dwaan moat mei de skulden sa heech as in toer en it net te kearen fallisemint. Wannear t hy nei in june trohwurkjes troch de lege loads rint, wurdt hy tsjuge fan in echte drugsdeal. In koffer fol mei jild en kokaine leit iepen en bleat yn de de kofferbak fan in gangsterauto. De drugsdealers, mei lange oerjassen en oant de tosken ta bewapene, binne sa drok oan it underhanneljen, dat se de ferstuivere Frans net sjogge. In drugsdeal yn in fabryksloads? In koffer fol mei drugs en jild? maffiosi mei wapens? Bellet hy de plysje? Ja, soenen jo sizze! Nee, hy beslut yn in flaach fan slochtsinneigens de koffer ut de auto te stellen en sa fluch as er kin nei hus te jeien.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): Muts Jeroen C
Titel: Mama Mia, waspoeier en mafia
Skreaun yn:
Utjoen yn: 2014
Te keap: ja
Oersetter: Gaikema-Westra, Anne Marie
Oarspr. Titel: Mama Mia, waspoeder en mafia
Ynfierdatum:
Dekor: in fabryksloads
Omfang: 73 siden & Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 4
Tal manlju: 4