Mathilde Swart

Tom Lamberts, túnarsjitekt, bekend fan syn praatjes foar radio en tillevyzje, rekket yn tsjok waar mei de belêsting. Hy hat fan in p.r. frommeske (Mathilde Swart) dat op syn leanlist stiet, hege leankosten opjûn en dy by syn opjefte as bedriuwsûnkosten ôflutsen. Spitigernoch hat juffer Swart nea in sint belêsting betelle en dêr wol de ynspeksje mear fan witte. It slimste is lykwols dat de hiele Mathilde Swart net bestiet en allinne in optinksel fan Tom en syn akkountant is om der fiskaal wat side by te bespinnen. Lokkich binne de belêstinglju sels ek net suver op'e graad, dat sadwaande falt der wol wat te regeljen. In stik mei in hjoeddeiske tematyk, dat it publyk grif oansprekke sil. De dialogen binne goed pittich en jouwe oanlieding ta gâns aksje yn't spul.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): CHURCHILL, Donald en Peter Yeldham
Titel: Mathilde Swart
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1991
Te keap: 1
Oersetter: Hoekstra, Gerrit
Oarspr. Titel: My friend, miss Flint
Ynfierdatum: 1998-05-27
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3