Moard op fersyk
Hessel Smits sit sûnder wurk en docht alle war om wer oan'e slach te kommen. Hy skriuwt rûnom hinne, ûnder oaren nei in wat geheimsinnich postbusnûmer. De eigner fan dizze postbus, in Jaap Frankena, komt by him mei in frjemd útstel: Hessel kin fiifentweintichtûzen gûne fertsjinje as er him, Frankena, fermoardet! De man hat it neffens syn sizzen slim oan't hert en hat net lang mear te libjen. As er no fermoarde wurdt, sil syn frou dûbeld jild barre as syn libbensfersekering útbetelle wurdt en dêr wol er har mei gerive. Dat liket Hessel fansels nearne nei en Frankena set ôf sûnder wat bedijd te hawwen. As dan letter bliken docht, dat de man echtfermoarde is én dat Hessel deselde jûns om dy tiid noch by him oan hûs west hat, wiist it mâl. Hessel docht alle war om syn ûnskuld te bewizen. De plysje moat in handichheidsje brûke om de wiere moardner te ûntmaskerjen.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | BENFIELD, Dereck |
Titel: | Moard op fersyk |
Skreaun yn: | 19?? |
Utjoen yn: | 1990 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | Zee, Tryntsje van der |
Oarspr. Titel: | Murder for the asking |
Ynfierdatum: | 1998-06-03 |
Dekor: | 1 |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 3 |
Tal manlju: | 4 |