museale swirrichheden
It giet Museum Auwerd net foar de wyn. Krekt no’t se dwaande binne mei in ferbouwing krije se te hearren dat der hier betelle wurde moat foar de gebouwen. Oant no ta mochten se dy fergeefs brûke fan de eigners fan G/E, it grutte behangfabryk. De gemeente hat ek witte litten dat se folle minder subsydzje krije. Benammen Gryt, de ponghâlder, is bang dat se finansjeel de holle net boppe wetter hâlde kinne. It natoermuseum – in partikuliere samling dy’t yn Museum Auwerd ûnderdak fûn hat, wurdt yn syn bestean bedrige. Manny, de nije konservator, wol der graach fan ôf. For de romte dy’t dan frij komt, hat se grutte plannen. Yn Atsje, foarsitter fan it natoermuseum, hat se in net te ûnderskatten tsjinstanner. Dy docht er mei help fan de ‘ochsa aardige’ Gustav alles oan om foar te kommen dat Manny har sin krijt. Wat de (krekt nije) foarsitter foar hat mei it museum lit er him net oer út, mar folle goeds stiet him net foar eagen. As bliken docht dat Gustav en de foarsitter inoar kenne, komme de problemen fan Museum Auwerd yn in streamfersnelling terjochte.Dit stik oanfreegje
| Skriuwer(s): | BIJSTERVELD, Sieger |
| Titel: | museale swirrichheden |
| Skreaun yn: | 2025 |
| Utjoen yn: | 2026 |
| Te keap: | ja |
| Oersetter: | |
| Oarspr. Titel: | |
| Ynfierdatum: | 2026-01-09 |
| Dekor: | Entree fan it museum & mei baalje en museumwinkel. |
| Omfang: | 82 siden jûnfoljend |
| Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
| Tal froulju: | 5 |
| Tal manlju: | 4 |
De wanten fan Cornelia 