’t Labyrint

De simmer is foarby, it nije toanielseizoen stiet foar de doar. De earste gearkomste presintearret Tonia, de regisseur, it stik dat se keazen hat foar it kommende seizoen. Spitigernôch komt se der rillegau efter dat de leden fan ’t Labyrint sa harren eigen, net al te reële winsken ha. Mei har stik wurdt it neat. Se jout de spilers de opdracht om sels wat út te sykjen. Dat falt fansels net ta. Uteinlik komme se op it lumineuze idee om harren sels te spyljen. Dat wurdt net troch eltsenien op deselde wize útlein. Brieven fan Friso Huisker – wa is dy man? -- spylje, benammen yn it twadde part, in wichtige rol. Friso Huisker wit troch wat er skriuwt de saak aardich yn it hûndert rinne te litten. Cora en har man Peter komme der ôfgryslik troch yn de problemen. Justus Eilander, sjoernalist, is fereale op Marieke – in jonge frou dy’t samar ferdwûn is. Hy docht mei Kees, dy’t siket nei syn biologyske âlden, alle war om út te finen wêr’t se bleaun is. Utsein Ham, Tonia en Fra, hawwe alle spilers problemen yn de persoanlike sfear. Oft alles ta in oplossing komt, is noch mar de fraach. ’t Labyrint is in spannend stik, net sûnder humor, dêr’t spilers en publyk in protte wille oan belibje kinne.

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BIJSTERVELD, Sieger
Titel: 't Labyrint
Skreaun yn: 2023
Utjoen yn: 2024
Te keap: ja
Oersetter:
Oarspr. Titel:
Ynfierdatum: 2024-04-12
Dekor: in kast en ien of twa taffeltsje foar kofje & In keale romte mei wat stuollen
Omfang: 89 siden
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 6
Tal manlju: 6