Twabaksmerk 52, Moard??
Jan de Brand en Jos Goedemoed wurkje op'e selde ôfdieling. Elk hat syn eigen wurk en hobby. Jan mei graach froulju lije en Jos is in echte fûgelman. D.w.s. hy skriuwt graach oer fûgels en docht ûndersyk nei bysûndere soarten. As bekend wurdt dat Jos in artikel yn in krante skreaun hat ûnder de namme dokter Goedemoed, is it foar elk dúdlik dat hy yn'e beneaming komt foar de frijsteande funksje fan -sektor- haadekology. Aleide v.d. Besten hat dêr grutte muoite mei en docht har beklach by Jan. Dy wol har wol helpe mar der moat al wat tsjinoer stean. As Jan by tafal heart dat Jos aksje fiere sil tsjin nucleair transport, hat er alle troeven yn hannen -tinkt er-. As dit bekend wurdt, makket Aleide kâns en salang kin er moai mei har om paaie. Op de dei fan de aksje makket Jan foto's: it bewiis. As Jos dit de oare dei te sjen en te hearren kriget ûntstiet der in fikse rûzje en rekket Jan mei in klap op'e grûn - dea. Jos flechtet oer't balkon en brântrep. De boade fynt de foto's. De plysje komt net efter de wiere tadracht, mar kriget wol berjocht dat Jan troch in hertoanfal stoarn is. Jos hat gjin skuld en dat beide mannen oan'e aksje meidien ha fynt elk in goed ding. Aleide en Tiny, dy't fereale is op Jos, ha hiel wat gepiel mei de papieren hân as Jos de beneaming kriget.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | CALSBEEK, Jan |
Titel: | Twabaksmerk 52, Moard?? |
Skreaun yn: | 1998 |
Utjoen yn: | 1998 |
Te keap: | 1 |
Oersetter: | |
Oarspr. Titel: | |
Ynfierdatum: | 1999-04-14 |
Dekor: | ien dekor |
Omfang: | Jûnfoljend |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | 4 |
Tal manlju: | 4 |