Wa betellet de fearman?

Alan Haldane beslút nei tritich jier werom te kommen nei Kreta. Yn de Twadde Wrâldoarloch stie er op it eilân bekend ûnder de namme Leandros en focht er yn it ferset (Andartes). Hy giet op syk nei syn leafde fan eartiids, Melina. Leandros besiket syn âlde striidmaat Babis dy't nochal koel tsjin him docht omdat er Melina sitte litten hat. Leandros fertelt lykwols dat er har trije brieven skreaun hat, mar nea antwurd krige en dêrtroch fierder gien wie mei syn libben. Blykber wie Melina swier en hat se har dochter allinnich grutbrocht, mar se is in pear jier lyn stoarn. Op Kreta moetet Alan de knappe Annika en se fiele harren fuortendaliks ta inoar oanlutsen. Wa is Annika en slagget it Alan om him te fersoenjen mei syn dochter?

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): BOKHORST Peter van
Titel: Wa betellet de fearman?
Skreaun yn: 2024
Utjoen yn: 2026
Te keap: ja
Oersetter: Stavinga, Baukje
Oarspr. Titel: Wie betaalt de veerman
Ynfierdatum: 2026-02-21
Dekor: Kreta yn 1979
Omfang: junfoljend 64 siden
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 3
Tal manlju: 3