
Wolkom op ús Fandaleplein
Wy sjogge yn ‘Wolkom op it Fandaleplein’ in plak dêr’t 16 minsken inoar moetsje en harren ferhalen fertelle. In dei út it libben fan samar in parkje, midden yn ’e stêd. Ek tige geskikt foar strjittoaniel of lokaasjeteater. Sêne 1:Wurdt it Jaap Jr. of Jaap Sr.? Wy sjogge yn de earste sêne in blind date dy’t oars rint as pland, allinnich mar omdat de jonge syn pake foarút stjoerd hat. Sêne 2: De blonde belle In frou mei bernewein set har eefkes te sitten op it bankje. Se wachtet op har man, mar hy hat it te drok mei in blonde belle. Dan komt in hastige buorman del dy’t wat op te bychtsjen hat. Sêne 3en 4: Stilte/Mynhear Van Geffen As twa famkes dy’t yn de buertsupermerk wurkje wat te lang skoftsje, wurde se troch harren sjef ûntslein. Soene de sûkelaadsjes út it winkeltsje fan Beitske Baronie helpe? Sêne 5: Bewust in hûn Twa âldere manlju moetsje inoar. Se sitte beide op ’e kursus “Bewust in hûn”. Sette se troch mei de kursus as de kursusliedster ferskynt of fine se it nei ien dei wol goed? Sêne 6: Tink derom! “Wite petten” Jûns nimt hingjongerein it parkje oer. Se besykje in famke te fersieren, mar it rint oars as bliken docht dat it famke de jonges ken. Sêne 7: As de jûn falt Nachts is it bankje it sliepplak fan in swalker. In BOA besiket him fuort te krijen, mar it slagget net. Jout er it op of kinne se tegearre wat regelje? As in nije dei oanbrekt, is alles wer as eartiids.Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): | Gert van Boxtel |
Titel: | Wolkom op ús Fandaleplein |
Skreaun yn: | |
Utjoen yn: | 2020 |
Te keap: | ja |
Oersetter: | Moss, Ammerins |
Oarspr. Titel: | Welkom op ons Vandalenpleintje |
Ynfierdatum: | 2020-05-19 |
Dekor: | In nostalgysk pleintsje |
Omfang: | 59 siden |
Rjochten: | Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje. |
Tal froulju: | |
Tal manlju: |

